meiinoar gyngen hja nei skoalle. Dêr hie er it bannich. It famke fan Lute' Marij slet pûr allinne yn 'e earste klas, dy moast er lêzen en skriuwen bybringe. Yn 'e sechste sieten in jonge fan Krist en Marchje fan Sibbele, dy moast er klear meitsje foar de ulo. De oare seis sieten dêr tuskenyn, fordield oer fjouwer klassen, elk frege sines.
As er jouns by frou Postma en Minke yn 'e hûs siet, sei er faek: ‘Ik ban suver ynein. Ik tink dat men better ien klas mei fjirtich bern ha kin, as seis klassen mei njoggen’.
Minke lake der om. ‘Ik stean deis acht ûren yn 'e winkel, moarns en jouns ek noch in healûre fytse, dat is oars hwat’.
Dan skodholle Feije. ‘Ik wurkje mei de holle, it komt der safolle mear op oan’ en it fanke' mem sei't him nei: ‘It komt der almeugende folle mear op oan, bern’.
Yn it doarpke wiene hja mei him holpen, It wie in hantsjefol huzen mei hwat pleatsen der omhinne, fier fan alle forkear. Feije koe 'm dêr och sa goed deljaen. Doe't de dagen koarter waerden sei er: ‘Ik fyn de jounen hjir sa moai, men kin wer ta jinsels komme’.
Meast siet er by frou Postma 'en Mimke yn 'e keamer. Op syn keammerke hie er nammers ek gjin kachel. Hwerom soene hja twa kachels stoke as hja mei ien ta koene? Hja krantten hwat en 'seagen nei de televisy, dan wie 't sa mar tsien ûre. ‘De jounen fleane ek om’, sei Feije as er nei boppen gyng.
Hy wie der al hast trijefearnsjier doe't er om Minke hinne bigoun to draeijen, Net dat er tsjin it fanke ek noch mar in wurd hjir as dêr oer kikt hie, mar fervers Neeltsje hie de eagen net yn'e bûse. Hy droege it bytsje skútelwaskjen foar it fanke ôf, hy gyng oerein om hwat foar har fan efteren to heljen en der wiene mear fan dy lytse dingen as in dúdlik biwys dat him de eagen foar Minke iepengyngen. En o, it wie dat fanke sa wolgefallich, it wie oan alles to fornimmen. Mei argewaesje seach har mem it oan, dit moast bileaven gjin fuortgong nimme, mar it near op lein wurde, hwat gauwer hwat better.
Op in middei ûnder iten doe't it fanke yn Snits wie, bigoun hja der tsjin Feije oer.
‘It is yn it minst net dat ik my mei jou dingen bimuoije wol, master, mar meije jo Minke net in bytsje al to graech lije?’
Hy krige in kleur oan it hier ta en wie folsein fan it stik. Hy miende mar dat it in swier geheim wie, dêr 't hy allinne fan wist en nou waerd er ûnforhoeds op in antwurd ferge, fan it fanke har mem ek noch wol.
Hy koe mar min út 'e wurden komme en woe't forhimmelje.
Frou Postma kaem him tomjitte. ‘It is net dat ik dêr in wurd kwea fan sizze wol, master, goed forstean, mar soe sa'n jong famke in goede frou foar jo wêze?’ Mei har grize eagen seach hja him fergjend oan.
‘Jo moatte om jou posysje tinke, jo binne hjir boppemaster, it hiele doarp sjocht by jo op, nou? Soene jo it oanlizze mei