wie hjoed wol útsûnderlik stil. De fjouwer fammen en de beide manlju skaeiden mar hwat om, net dat se beuzichheit hiene. Hja hoegden ek net de hiele dei drok yn it spier en oan it forkeapjen to wêzen, in pear ûren aerdich oanrin koe gâns goed meitsje, mar it hiele middeiskoft hie der gjin mins west.
De leste wiken fan it jier koe't sa ûngelyk. Net dat er nou daelk kleije soe, de hjerst hie aerdich west, mar de rinterekkens foar him op it buro, liigden der net om, foar âldjiersdei moasten se lyk. Fuort nei nijjier krige 'r it simmerguod thús, twa persint koarting by kontant biteljen. Ja, ja, hy moast dat ek mar útknikke kinne.
Line hie't oer de wintersport hawn, fjirtjin dagen yn jannewaris. ‘Set dy dat mar út'e holle’.
Fuort opsternaet. ‘Wy binne dochs net earm, wol?’
Earm? Hja hie in great faem foar it wurk, de wask der út, ien kear yn'e wike in arbeidster, hja hoegde har yn neat to bikrinken.
Twa bern op'e stúdzje, it hâldde ek ien kear op. Wie't dan noch net moaijernôch dat hja simmerdeis fjirtjin dagen nei it bûtlân wiene?
Mar earm?
Hy glimke tryst. Pake en beppe hiene yndertiid earm west. Doe't er dêr as greatjonge kaem op in âld fyts hie er der gjin erch yn. Letter hie er de forhalen heard. Beppe hie in smel winkeltsje dêr't in frjemde rook ware, dy't him inkeld noch wolris yn'e noasters wynderje koe. Beppe die yn fan alles, fan piipdrop en sûrstâllen ôf oan stokfisk en winkelsmoar ta.
Pake wie by de boer foarsafier syn min boarst dat lije woe, greate stikken brocht er net yn, hiele skoften gjin sint.
Hoe't beppe der net tsjinoan sjen koe as de keapman kaem en sines ha moast.
Mei dûbeltsjes en sinten moast it byinoar komme.
In pear nije klompen foar ien fan'e bern?
‘Dat kin net jonge, yn nije wike komt de keapman’.
Pake syn doktersrekkens waerden mei gounen ôfbitelle. As de keapman west hie koe beppe faek net iens mear nei de bakker om oer de slachter mar net to praten. Pake en beppe wiene earm. En dan doarst Line to freegjen: ‘Wy binne net earm, wol?’ Hja wist net iens hwat it wie.
Wist er it sels wol? Sûnder hwat to sjen stoarre er oer de papieren troch de glêzen doar. Hiene heit en mem dan earm west? Earm, earm?
Heit hie in lapkewinkel, sa't hja doe seine, dêr't it rûkte nei manchester en blauwe kileguod. De winkel kaem meast foar mem op, it roun net drok. Heit moast der mei it pak op út, alle dagen weroan. Einen fuort op 'e fyts, in oare kear mei it pak op 'e rêch en learzens oan, de lannen yn, dêr't dyk noch paed wie, smoarge reden lâns en weake dammen troch.