Hast achtleas stiek er dy sinten by him, mar wol gyng er mei in slach yn 'e rêch de smelle trep del fan ‘Landmans welvaren’.
En wie 't net singelier? Noch gjin seis wike letter doe't it rinteniershúske fan Rinsma op buorden kaem, wie er wer heechst, hy roun der ek mar goed twahûndert goune út en rekke der flot wer ôf.
Sa koe Albert wol foarman wêze, sokke ynstruijings wiene moai mei. Hwa soe it efter him socht ha en men soe sizze hoe hie de man dat? Om krekt heechst to wêzen en dochs net to heech.
By dy beide huzen bleau it net, hy seach de kranten der op nei, inkeld gyng er wolris om utens. It kaem wolris foar dat er net meikomme koe, mar meast wie er heechst en altyd rekke 'r der wer ôf, hoe wie 't mooglik, hoe wie't mooglik!
Net ien waerd der einlings kjel fan dat er gjin foarman bliuwe woe, hy 'gyng hwat buorkerij oan. Hwerom soe dy man gjin boer wurde? Sa'n ien koe 't noch fier bringe.
Dat koe er ek en wie 't lok him net altyd mei? Hie men dat net mei lju dy't hwat weagje doarsten?
Drystwei biskreau er tweintich pounsmiet lân en rekke der ôf. De hiele buorren rôp der fan. Dy Albert waerd sliependewei ryk, hoe wie 't mooglik dat er it sa lang by de gemeente úthâlden hie.
Hy krige ek al wer mear fé op, welja, foar sa'n ien wie kij keapje gjin kunst. Mei Bottinga's pleats sloech er al sa'n slach, wylst elk him it oardiel al foarslein hie om't er der sa yrbrând hie. Mar doe't de hiele boel kumileard waerd, kaem der wol in goune by! Albert wie fan alles ôf en koe jild. opstrike. Wie't net dwers troch alles hinne?
Doe't er oan it hûs by de brêge hingjen bleau, loeken de lju ris oan 'e skouders, alle bÛter koe net op ien pankoek en hwat lette Albert sa 'n húske fan in tûzen as hwat?
It twadde dat er hold, kaem better oan it gefoel, it wie dy kast fan Sinnema's hûs. It hiet oars wakker dat der in great winkelbidriuw om stike, mooglik dat Albert dêr rekken mei hâlden hie by't skriuwen, mar by de palmslach wie der gjin mins dy't der op biede woe.
En nuver wie't, yn koarten tiid bleau er mar leafst oan noch twa huzen hingjen en oan acht pounsmiet lân. Hwat moast Albert mei al dy huzen? Nou ja, forhiere, mar kaem er dan oait ta syn sinten?
Albert hâldde út dat dy huzen net to djûr wiene, it iene sa min as it oare. ‘De lju gunden it my net dat ik der ôfreitsje soe. As se fan in frjemd biskreaun wiene, hiene jo ris hwat bilibje sillen. Ik moast der oan hingjen bliuwe, dêr wie 't om to dwaen. Nou't it der sa foarstiet sil ik hjir net wer in hûs oan 'e priis bringe’.