Healwei sawnen naem er syn lêste munster en die er de jas oan. ‘Dan mar wer oant de oare kear, soe 'k sizze’.
It wie noch tsjuster. Mar wer oer de barte de sinteldyk del. By't fabryk stie de earste môlkauto foar de stelling. Hy roun mei syn kistke nei it laboaratoarium dêr't Douma de wite jas al oan hie.
‘Hwer wolle jo my joun hinne ha?’
‘Wâtse Nijdam.’
‘De Ripen alhiel, ek net bêst. Hoe let soe er bigjinne?’
‘As jo der healwei fiven binne is 't ier genôch, Wâtse docht net sa hurd.’
Hy bromde troch de steech oan it pakhús ta. De beide bern stiene yn 'e nachtklean by de iepen efterdoar.
‘Heit, heit!’
‘Soa, baeskes, moatte jim forklomje? Hurd yn 'e hûs!’ Under elke earm krige 'r ien, de feintsjes geiden it út.
Akke wie mei it iten dwaende. ‘Kom, bist ek al wer yn 'e skrep.’
‘Dû hast al in dei hawn.’
‘Nou in dei? Dat komt bot genôch oan. Sitten gean jonges, dan sille wy ite.’
Neitiid pakte 'r de doazen út dy't de karrider brocht hie. Troch it gonkje tôge 'r de boel nei de winkel.
De winkel. It wie net sa'n oerdiedigen romte. Hy hie der wol fan alles yn, mooglik fan alles gjin genôch, mar hwat moast er? As men jild genôch hie koe men ynriede, alles ferge grou jild, it iene sawol as it oare, mar de wâl kearde it skip. Dat er munsternimmer wurden wie, die him de wielde net. De lêste tiid die er ek foar in forsekering, it fleach noch net sa hurd mar neffens de ynspekteur moast der in goed stik brea ynsitte.
Ale' Sytske kaem op learen sloffen oer de dyk. ‘Mei 'k in healpoun kofje, Feitse? Ik soe kofje mealle, mar de bus wie al wer leech, in healpoun kofje is neat. Jow my ek mar in koeke, dan is 't ien drokte. Skriuw it mar even op, ik kom sneon wol.’
Hy sette fiif pûdtsjes bakmoal toplak, in pear healfleskes oalje, hwat margarine en noch hwat ditten en datten.
De karrider kaem troch de doar. ‘Binne der ek boadskippen?’ ‘Ik soe 't hjoed net witte.’
Earst de bakfyts mar ynpakke, foar iten koe er it Kleaster ha, fan 'e middei de Gearen.
Efter út 'e Gearen wei moast er der middeis noch tsjinoan traepje om thús to kommen, it foel ek erflik ôf.
De bakfyts yn it pakhús, hurd en gau oare klean oan en de learen jas, hy moast net to let yn 'e Ripen komme.
Mar by Wâtse Nijdam wie er wol op 'e tiid. ‘Wel, wel, dêr hawwe wy Feitse, de bistkes moatte mar wer leech sûgd, it stiet der wer ta.’
Doe't it einlings birêdden wie sei er: ‘Jo geane mei yn 'e hús, Feitse. Wy sille hjir net yn it bûthús ite en drinke. Ik soe 't net