Sels frou Douma fielde dat oan en woe har rjochtfeardigje. ‘Jo moatte net forjitte, Tammes, it is âldersgoed. Dit kammenet is yndertiid noch by myn man syn folk weikommen, it is my neilitten, ik haw der noed foar to stean en kin it net heal forgees weijaen. Myn man is der net mear, ik kin 'm ynsafier oars net mear earje as yn it âldersgoed, mar dat doch ik dan ek’.
Tammes hie der wol oan dat er har neikomme koe, wol wie it him dúdlik dat er fan har kant neat forwadhtsje hoegde en dat er 'm de kast wol út'e holle sette koe.
Nochris sei er: ‘Wy moatte reedlik bliuwe’.
‘Dat moatte wy dochs, myn man hat al tsien jier wei west, nou stean ik der as frou allinne foar, dêrom’.
Oan Tammes wie wol to sjen dat hy hwat oars ûnder reedlikens forstie, hy bisocht net it har dúdlik to meitsjen, it soe bûter oan 'e galge wêze. Frou Douma foel noch yn in jeuzlich petear oer âldersgoed, dat hja to hoedzjen en to noedzjen hie. Tammes sei oans al net mear as: ‘It is ek sa, frou’, doe joech er 'm ôf.
Thús spriek er: ‘De teapert kin omheech fleane mei har âld kammenet’. Tammes wie ek mar in mins.
Der gyng wol in fearnsjier oerhinne, gjin mins kaem mear om it kammenet. En doe stie der op in moarntiid in heareftich persoan by de foardoar mei de fraech: ‘Binne hjir miskien ek noch âldheden to keap, mefrou?’
Frou Douma sei hoe't it der foarstie, hwat hja hie wie âldersgoed dat hja yn it minst net forkwânselje woe, hja hie der noed foar to stean. ‘Ik haw nochal in kammenet dat wol fuort kin’.
‘Soe 'k it ris sjen meije, mefrou?’
Dat mocht. Oan alles wie to fornimmen dat it de frjemdljing tinken wie. Net allinne dat er de kammenetsdoarren iepen hie, hy frege ek in kokenstoel dêr't er op stean gyng om dy kast fan boppen to bisjen. Achtleas hâldde 'r ien fan 'e readpersleinen koppen tsjin it ljocht, jusjes tikke 'r der mei de finger tsjinoan. Sûnder hwat to sizzen sette 'r 'm wer hoeden to plak. Hy roun nochris om it kammenet hinne en spriek der fan.
‘Hwat priis hawwe jo der op, mefrou?’ ‘Tûzen goune’.
‘In hiel stik jild....’ Frou Douma bigoun oer âldersgoed, de man knikte ta in teken dat er it folslein mei har iens wie.
‘Hwat ik sizze woe, dy trije kopkes binne der by?’ Frou Douma wist earst net iens sa gau hwert er it oer hie. ‘O dy koppen, ei ja, dy hawwe der altyd al op stien, dy kinne der wol by bliuwe’.
Wer knikte de man, hy naem dat kammenet nochris op as wist er net hoe't er soe, mar sûnder to tingjen sei er op it lêst: ‘Dan moat it mar oangean’. Frou Douma waerd der suver kjel fan. De frjemdling taestte yn'e bûs: ‘Ik sil fuort mar bitelje....’