fiere Amearika, hy soe om 'e fyftich sitte en hoegde gjin slach mear to dwaen. Wie't net hwat?
Unforwachts stie er mei twa koffers by syn mem foar de doar. Metsje, dat sloof, skeat it der fan yn 'e skonken, de triennen rôllen har oer de âlde wangen.
‘Douwe, leave jonge, bistû dat? Wel, wel!’
Hy joech noch al in hân. ‘Mem noch goed?’ folle mear makke 'r der net fan. Hy skou yn heite stoel as hie er nea fuort west. Hy wie tweintich jier âlder wurden, keal en griis, fierder wie er net iens folle foroare. Syn weetlik glimke hie er hâlden en folle praetsker as doe 't er fuort gyng wie er ek net.
Metsje koe der noch net oer út dat er dêr wer siet. ‘Hast al iten, jonge, hwat sil 'k dy klear meitsje? Hoe komst hjir nou sa mar ynienen?’ Hja frege alles tagelyk, Douwe sei oars net folle as dat er nearne gjin forlet fan hie.
‘Ik sil gau kofje sette, dû hast sa'n reis hawn, it is my al fiersten to mâl dat ik neat ré haw’.
‘Meitsje gjin drokte, mem, kofje- en thédrinken witte wy in Amearika sa net fan, dat bin 'k al ôfwend’.
‘Hwat praetst my fan dingen? Hoe soest it ôfwend wêze?’
Douwe syn thúskomst bleau fansels net stil. Jouns sleten syn trije bruorren mei de froulju en syn suster mei de man om 'e tafel, de hiele keamer fol en Douwe op it eareplak. Mooglik dat de famyljeleden har fan dat wersjen mear foarsteld hiene. Net dat Douwe net op it skik wie, mar folle praet siet der net by.
‘Né, danke Doeke, ik haw yn gjin jierren smookt, it foldocht my goed’. En: ‘Och hwat sil 'k sizze? Yn Amearika waeit it jin ek net oan, it fortsjinnet dêr goed, mar it moat swier helle wurde. Om nou wier hwat fan bilang oer to hâlden moat men it lok mei ha’.
Dêrmei wie dat praet dan wer út, oan't ien fan 'e oaren mei in nije fraech kaem.
‘Giest der ek wer hinne Douwe?’
‘Och né, ik haw safolle wol heard, hjir wurdt ek goed fortsjinne, hwat sil 'k dan biwege?’
Dêr waerd it hast stil fan mar Doeke sei dryst: ‘Ik tocht datstû de aep al binnen hiest, hwat praetst dan fan fortsjinjen?’
Douwe gnyske sahwat. ‘Ik bin ienenfyftich, Doeke en kin myn tiid net bêst yn liddigens trochbringe, wol?’
Hja fielden de torjochtwizing. Ien fan 'e froulju praette der oerhinne. Hja krigen gjin spul en stieken net al to let, wakker ienriedich wer ôf.
De oare moarns al yntiids wie Douwe mei syn útwrydske hoed op by Jouke Smid om in healbizige fyts.
‘Ik tocht dat Amearikanen oars neat diene as autoride’.
‘Dêr is alles folle fierder fan inoar ôf, it is hjir wol to bifytisen en bussen binne der ek noch’.
Twa dagen naem er it der fan, hy seach ris by kunde en gyng