It wie foar Teatske in toer om ta wurden to kommen, mei lijen waerd Fogel einlings gewaer dat Douma har for alles útmakke hie om't de bal yn it túntsje lei.
‘Hwat sei er?’ frege Auke strang.
En Teatske wie sa goed net, hja hie mar to sizzen hwat Douma krekt sein hie.‘Hwa wiene der by?’ It fanke neamde getugen dy't sa wierliken fan Auke opskreaun waerden. ‘Dit sil Tsjisse Douma sûr opbrekke’, sei er,‘hy mient grif dat it alles lije kin, mar ik jow it yn polysjehannen’.
Dat wie fuort mei steande earen op'e âld fyts nei Mulder, dy't er eik noch thús trof.
‘Kom mar yn, Hoving’, noege Mulder. Hy wie in wiis man. Auke siet noch mar amper toplak dou bigoun er al: ‘Nou hat Tsjisse Douma ús Teatske útmakke foar bongel, dweil en slet, de nammen fan'e getugen haw ik op papier, dy wolle it mei in eed bifêstigje’. As in oerwinder helle Auke in knûklich stikje papier mei de nammen út 'e bûse.
Mulder bearde op it skriklik sizzen fan Douma en frege: ‘Woene jo dit oansette?’
‘Wis en wrachtich wol ik dit oansette, dêrfoar bin 'k hjir, men kin net alles oer jins kant gean litte, wol? Ik sil dy steile Tsjisse Douma foar it rjocht daegje, dan kin er syn trekken thús krije’.
Auke woe der noch helte mear fan sizze, mar Mulder gyng oerein en sei dat er der syn wurk fan meitsje soe.
Dat die er ek, de oare jouns gyng er sahwat tomûk nei Tsjisse Douma. Dy man hie nearne gjin erch of euvelmoed yn, hy prakkesearre oer it hiele Auke' fanke net mear. Mulder waerd fan him let en set, in kopke waerm drinken en in sigaer. Doe earst frege de polysje: ‘It is hjir justerjoun net to goed gien, wol?’ Douma moast 'm bitinke, doe lake 'r breed: ‘Ik haw dat munster fan Auke ûngewosken de wierheit sein, dat flarde mocht wolris in tobeksetter ha, safier wie it hinne’.
‘Dêr sille wy it nou mar net oer ha, jo hawwe fierstentofolle sein. Auke wol it oansette’.
Douma roun blau oan, fuortdaelk it smoar wer yn, op ien as Auke, mar likegoed op'e polysjeman dy't ien fan syn sigaren smookte en deabidaerd sei dat er 'm oankleije soe.
‘Yn hwat wrâld libje wy langer? Sa'n lúsangel sil my hjir it rjocht oanspanne en jo rinne guodlikwei yn syn beage?’
Mulder bleau útsûnderlik kalm, suver mei wolgefallen smookte 'r oan dy foarse sigaer, Douma liet er rache.
Doe't dy úttjirge wie sei er: ‘Jo moatte it suver sels witte, ik haw der neat mear as minder om, mar ik wol jo al to'n bêsten riede. As Auke de kop der foar hâldt, moat ik hjir wurk fan meitsje en dan lûke jo oan it koartste ein, dêr is gjin mis op, gâns argewaesje, in grouwe boete en in hopen lijen. Jo kinne it allerbêste hinnegean en meitsje it mei Auke yn oarder, sjoch 'm safier to krijen dat er hjir ôfsjocht’.