Doede woe't wol leauwe, hja praetten ôf dat Korry de oare wyks al komme soe. Jouns krige Sake fan Doede in optein forhael hwat lot as har tafallen wie. In himmel mins, freonlik en oansjitsk, ûnderhâldend en bisteklik yn it praten. ‘Dan hawwe wy dat troffen’, sei Sake. Fierder liet er hiim der net oer út, it wiene heit syn optinksels, dy soe'm dermei rêdde moatte. As hy syn wiet en droech krige op 'e tiid wie't 'm fierder goed.
Korry waerd fan Doede mei iepen earmen ynhelle, mar o hwat duorre dy freugde koart. Moarns oan acht ûre ta yn it alkoof, letter breedút op in stoel, omgrieme en tyskje, stinne en krimmeneare, alles to swier en tofolle. As Doede jouns thús kaem doarst hja to sizzen: ‘De skûtels binne stean bleaun, as jo dy nou dogge sil ik my forklaeije, dan binne wy tagelyk klear en dogge wy beide hwat’.
Neitiid slet hja dan by de tafel, de fleizige earmen mar wakker oerinoar, to forhalen foar it âlde faderlân wei.
‘....Ik haw al safolle houliksoansiken hawn, om heit haw ik it altyd oergean litten, ik miende dat hy it earste rjocht op myn leafde hie, om 'e jonges hat it my faek bigreate...’.
As hja sa fier wie brûzde Sake der meastal fan kleare argewaesje út, Doede, de stumper, koe't mar oanhearre, hoe't er ek wearzge fan har einleas gejeuzel. En't healwiis frommis woe jouns net op bêd. ‘Ik fyn altyd it binne de rykste ûren fan it libben, men hat dan rêstich de tiid om ta jinsels yn to kearen’.
‘Kom der moarns mar earder ôf om de lea to reppen’ snaude Doede. ‘Mar Terpemans, hoe haw ik it nou? It libben is dochs mear as it deistich wurk, ik wit wol it kin der net sûnder, mar it moat net op it earste plan komme’.
‘Dit is my it lot wol’, gnúfde Sake, doe't hja noch mar in dei as hwat yn'e hûs wie. Doede swed biskamsum, hy moast de jonge oer alle boegen gelyk jaen. Fjouwer wike hâldde 'r him stil, doe wie it him mear as oer en sei er op in joun koart en goed: ‘Jo sille om dn hinnekommen sjen moatte’.
‘Mar Terpemans’, bearde Korry, ‘foldocht it jo dan net?’
‘Jo foldogge pûrbêst mins, it hoecht net better, mar ik wol de húshâlding opbrekke. Sake giet hjir of dêr yn 'e kost, ik gean nei ús Wiger en ik doch it hüs fan 'e hân’.
‘En is dat nou sa mar ynienen opkomd?’
‘Wiger hat it der al withoefaek oer hawn, ik woe der net fan witte, mar de jonge sit forlegen, nou moat it mar wêze’.
Doe wie it Korry dy't in adfortinsje yn'e krante krige, fan Doede wie 't opmakke. Dy goede man die mear, doe't er in gadingmakker komme soe ware 'r mei stofdoek en reagebal, mei amer en dweil troch it hûs. Alles en alles hie er oer de kop, hy hoffene omraek en hie wol eare fan syn wurk, alles glom en rûkte fris fan griene sjippe. Wylst hied' er Korry yn'e pronk by de tafel, de kralen yn'e v-hals.
It wie in wiedner út 'e Wâlden dy't him der middeis op Korry