Foar de lins
(1968)–Paulus Akkerman– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 52]
| |
opskipe waerden wie aerdich minder. Hie hja op'e Mounepôlle net altyd slaende deilis west mei elk dy't dêr omhinne wenne? De polysje erflik ûnderweis, meastentiids waerd er ek noch fan Feike ophelle om't Jikke wer ris ûnrjocht oandien wie, wylst elk wol wist dat hja sels it fjûr oansette. En dat soe nou nei de Keakelsteech dy't syn tiid allang oerlibbe hie. It wie dat Sytsma de âld keamers mei hwat board bispikere hie en opkwikt mei hwat ljochte ferve, nou hieten it kreaze wenten to wêzen dy't net folle hier fergen. Nou toe mar, Kobus' Marchje en Everts Jisseltsje hiene nea oars wend west, Jouke en Syts hâlden dêr ek al jierren ta, mei elk in pear kantige meter bleek op'e steechsein by de âld feart lâns, it húske op'e wâl en, yn it allerlangst fan'e dagen deis in healûre sinne, dat wie't. It Keakelsteechfolkje mocht dan ris in kear wurden ha om 'e bern en sa, it siet nea djip. Kobus' Marchje sei it sa allertreflikst: ‘Wy binne hjir yn 'e steech och sa iensum en gemiensum’. It lêste hie ek wol bliken dien doe't dôve Marten ût 'e keamer stoar dêr't Feike en Jikke ynkamen. By syn sykte wie er fan 'e froulju forsoarge, doe't it nei de ein roun hiene de manlju nachts by him wekke. Wie de kiste net folke fan alle buorren en hie't net dutsen west mei in griene krânse? ‘De gezamenlijke buren’. Feike en Jikke kamen mei in kalkpreamke fan 'e Mounepôlle, it wie 'fierwei handichst, hja koene oan it bleekje ta farre en útlade. De wipbrêge joech noch hwat swierriahheit, yn gjin jierren hie it ding omheech west. Theunis klokmakker moast nei de smid om in foarhammer en slaen de skoattels los, mar it kaem klear. Wylst hie Jikke yn 'e Keakelsteech it wiete der út en forhelle hja oan Syts en Marchje hoe't hja der nei útsjoen hie om fan'e Mounepôlle ôf to kommen. ‘Ik sil net sizze, it wenne dêr oars net sa slim, men hie dêr earmslach, mar dat wie ek it iennichste. It hûs koe mar amper in hûs mear hjitte, dy nepert fan in Keuninig wie't oars net as om hierbarren to dwaen. As jimme ris heal wisten hoe frettende fûl dy seldichtste Klaes Keuning is! Ik haw hûndert kear enfaker de reis makke nei syn great hûs, mar noch nea haw ik in plankje, in kwast ferve of in snyspeltsje bihang loskrije kind. Ik haw faek tsjin Feike sein, it moat jin ek noch om'e stumper bigreatsje, hwat hat sa'n ien al in bidroefd bytsje oan al syn protte sinten. Feike fortsjinne goed, as siz ik it sels, mar it is net om dêr fan oer to hâlden en dochs soe'k foar gjin noch sa folle mei ien as Klaes Keuning ruilje wolle. Hy stiet mei ien skonk yn it grêf en noch klaut er om mear to krijen. En dan de buorlju fansels. Né, it is yn it minst net om in oar min to meitsjen, mar hwat wier is moat wier bliuwe. Dêr hawwe jim nou Klaze Minke, men soe nou sizze dêr sit gjin kwea by, mar it is oars net as in earsten njirre, fan moarns oant | |
[pagina 53]
| |
jouns narje en nytgje, it iene wie net oer as hja foun wer hwat oars út. Wy hawwe it ien kear hawn, doe wist hja net mear hwat se optinke soe, doe lege hja fan klear forfeelsumens it jiskelaed by ús yn it finsterbank. As ik it net foar myn eigen eagen sjoen hie soe'k it net leauwe, mar it is de suvere wierheit. En dan Wigers Meintsje....’
Mar eart hja mear oer Meintsje losmeitsje koe, foel Feike mei it kalkpreamke foar de wâl. ‘Dêr is dy goede jonge al, ik moat der hinne’. Marchje en Syts bleauwen byinoar stean. ‘Ik leau, Jikke falt net ôf’, sei March guodlik, ‘de lju beare ek wolris hwat, ik leau nets dat hja it sa slim mient’. Dat wie aerdich sizzen fan dy Marchje, mar de oare wyks rôp hja sa lûd net mear doe't Jikke har jonge mei in wiete dweil om'e earen slingere. Liet Marchje nou mar goed wêze, Jikke hie fan har bern ôf to bliuwen, dêr soe hja sels wol foar riede. Yn 'e fatsoenlikens woe se har dat oan it forstân bringe mar o, hwat kaem hja doe foar de winige doar. ‘Dat meubel fan dines, it is ommers de greatste oerkommeling dy't der op twa skonken om rint. Haw ik my hjir in tobbe mei skjin sop stean en smyt er my dêr net in hânfol modder yn?’ De moartsjende jonge waerd fan March yn strangens ûnderstien, mar hy wist fan gjin modder. ‘Nou stil mar, fan in wiete dweil giest ek noch net dea’. Dêr bigoun dat earme lijen mei, mar it wie foargoed noch mar in bigjin. Hast alle dagen wie der wol hwat nijs. As Jikke net in amerfol smoarch wetter troch de goate bruide dy't fan 'e oare froulju krekt skjinmakke wie, siet hja wol ien fan 'e bern nei mei feger of bjinder. In oare kear ûnderhelle hja de biezem om de trijekleur fan Everts Jisseltsje in reis to forkeapjen.
Koene de oare Keakelsteechster froulju dat oer har kant gean litte? Dat koene hja net, se diene it ek net. Mear as ien kear stiene se mei har trijen by Jikke foar de doar, mar dy postuerde breed op 'e drompel en rachte: ‘Jimme moatte my ris mei in finger oankomme, dan geane jimme in raer gat tomjitte’. ‘It soe myn lêste wêze’, fjurre Jissel, ‘ik soe dy noch mei gjin range oanpakke wolle’. Dan skeaten Jikke's eagen fjûr, spuide hja galle en fenyn. Net ien fan trijen dy't oars om wurden siikje hoegde, mar tsjin Jikke koene hja net op. Mear as ienkear praetten se ôf om Jikke yn har eigen sop gear siede to litten, har nearne oan to steuren en krekt to dwaen oft ider hielendal gjin Jikke wie. Mar hja koene Jikke noch net. Dy like sûnder rûzje en spul en heibel net libje to kinne en hja wennen dêr sa slim massael, der hoegde mar it minste of geringste to wêzen en it wie wer oan'e gong. Jouns krigen de manlju de forhalen, hja makken har der ôf: | |
[pagina 54]
| |
‘Jimme fjochtsje it mar út’. Koene hja har drok meitsje om frouljuskreauwerij? Hja woene der op út dat it mei Jikke hwat wenne moast. It wende net, krektoarsom, it boaze noch oan. Op in middei waerd Kobus fan Marchje opwachte dy't alhiel troch it mâlle hinne wie. ‘Nou haw ik dochs foar myn eigen eagen sjoen dat de njirre fan hjir neist mei in smoarge klomp op ien fan myn skjinne slopen wâdde....!’
Kobus seach wol dat dit djipper taestte as in sljochtwei frouljuskreauwerij. March hoegde fierder neat út to lizzen, mei ien greate stap stie er al wer yn it perteal, út'e gong wei naem er in amerfol wetter mei en stie my dy Jikke net 'swiet glimkjend yn'e doar? Net lang nammers Kobus bruide har de amerfol wetter oer de lea mei de wurden: ‘Dêr, satan!’ Tagelyk ging er ek wer yn'e hûs en hjitte March dat hja de ierappels opsmite moast. Oan'e oare kant de muorre hearden hja Jikke oangean dy't Feike de buorren ynstjûrde om de polysje to heljen, Jikke' opset wie om dy man fan 'e wet yn har wiete krous ôf to wachtsjen, dat hja sprekkend biwiis ha mocht tsjin dat ûnmins fan in Kobus. Dy opset mislearre om't Mellema earst tsjin 'e joun yn'e Keakelsteech kaem en hwat wiene de rollen doe omkeard. It wie Jikke dy't de wyn fan foaren krige. ‘Erflik wie'k ûnderweis nei de Mounepôlle, sûnt jimme der weigien binne haw ik der net wer west. Hjir yn'e steech hat noch nea ien forlet fan my hawn en forduldzje my: jimme wenje der in blaumoandei en it lijen giet wer oan. Mar ik haw myn nocht, noch ien kear en ik slingerje jo op'e bon, dêr moatte jo goed om tinke’. Mei greate lilke stappen stiek Mellema de steech út. Forslein siet Jikke by de tafel, gapjend nei de siken as in fisk op'e wâl. |
|