allegear hwat om en oan ha, it wurk krige in slach oan 'e earen, mar dat wie foar ien kear neat net slim. Hja liet it ôfwaskjen stean, dat soe net fuortrinne. In kaem troch it hier en in oare jurk oer de holle, hja moast oanmeitsje, it hie der oan dat Bjinse it útlitten folkje yn 'e balâns hâlde koe; de streuperts hiene der ek sa'n sin oan om nei pake en beppe ta. Hja krige de lytse op dy't ûnder de tafel lei to sliepen. ‘Stil mar hartsje, hy gil moai mei mem yn'e auto ride, sil er ek nel beppe ta?’
Ut 'e rin wei naem hja in pear ruften mei. ‘Hwat seist Bjinse, soe'k ek in mantel oan ha moatte?’ ‘Hwat!sil't bitsjutte? Wy sitte binnendoar en hawwe de sinne op 'e ruten.’ Hâns en Wiger kamen by heit foaryn, Froukje en Metsje leine op 'e knibbels op 'e efterbank, mem en Minke koene der noch moai tuskenyn.
En dêr gyng it hinne, it hiem ôf, de daem troch en de dyk op. ‘Ik moat laitsje om Sije' Sibbel,’ sei Yfke, ‘hja hat it wyt fan 'e eagen foar en de mûle op it wiidst iepen, hja wit net hwat se der oan hat.’
‘Skilich fan oergunst,’ sei Bjinse. Mei in slach yn 'e rêch siet er efter it stjûr, achtleas tikke 'r de jiske fan syn sigaret. Heden, heden, hwat rieden dy minsken dêr allerkostlikst oer dy skadige dyk, hja wiene har de wrâld to ryk. Hoe soe Bjinse der fan pleage wurde dat er noch mar fyftich goune oan 'e auto bitelle hie? Hoe koed'er der oer ynsitte dat Rinke syn rekkentsje der grif nochal yn rinne soe? Koed'er him bikroadzje om wegenbilesting en hwat der noch mear efterwei komme soe? Dat koed'er net, in kniezer dy't de hiele wrâld op 'e nekke nimme woe. Hy wie to riden mei wiif en bern. Foar moandeitomoarn sawn ûre waerd er net yn it fabryk forwachte, it fabryk wie foar him ûnwitende fier, hoe soed'er 'm dêr drok om meitsje kinne?
Yfke wie hwat staf en af út 'e brot rekke, mar it wurk kaem net by har yn 'e auto, o heden né, hoe soe hja har dy feestlike tocht forgalle litte kinne troch wurk? ‘Pake en beppe sille ek wol beare en dû kinst sa stjûre heit, as diest it alle dagen, it hoecht net oars.’
‘In wûnder hoe fêst dizze wein op 'e dyk leit,’ bearde Bjinse, ‘en de motor sjongt der oer.’
Krekt foar Burgum song de motor net mear, mar prústte om mâllens. Bjinse achte it licht: ‘De muoite neit wurdich, it sil 'm oan 'e sproeijer sitte dat is sa mar forholpen.’ Hy krige it ek noch klear, it duorre mar in healûre, wol hied'er de hannen slim ûnder de oalje, mar neffens Bjinse brocht autoriden soks nou ien kear mei. By Yfke' folk spatte alles út 'e hûs doe't dy machtige auto dêr it hiem op kaem. Har mem sloech de hannen yninoar en bearde dat it sahwat die: ‘Wel, wel, hawwe wy jim dêr? En allegear yn 'e auto? Nou, nou, dit kin sa moai as hwat!’