ûnderrôk yn in roprich petear, Bouwe stie mei útsakke skouders moedleas al wer midden yn 'e strjitte.
‘It sal nou fast wel mooi weze, buten...’
Eabeltsje antwurdde der ek noch op, tocht Bouwe lêbbich en wrantelich sei er: ‘Kom’.
Dêr kroasken hja wer hinne, Bouwe die de jas út.
‘Kin dat hjir wol? Der sit ek in slach yn dyn galgen’.
‘Se sille my wol rinne litte’.
‘Hwat treft dit nou raer, Jan en Metsje binne nea fuort en nou krekt...’
‘Wy sille sjen dat wy wer by de bus komme, mar gau nei hûs’.
‘Mar dat kin net, jonge, wy hawwe de kosten der om makke. Wy binne hjir nou, wy kinne de Nijstêd wolris oer en hwat yn 'e Prinsetún sitte of sa’.
De Nijstêd oer, Bouwe griisde.
Yn 'e Skrâns kochten hja in iisko, it roun Bouwe by de hannen del om't er der to fûl op kniep, hy hie in hiele slanter op 'e broek. Eabeltsje doarst net iens fûl to fûterjen om't se him hwat mei fordrach oankomme moast.
Hja bidarren ek noch op 'e Nijstêd, mar Bouwe drige: ‘Nou moatst al witte hwatst wolst, ik wol hjir wei, myn lykdoarn bigjint my ek to pinigjen’.
De Prinsetún dan mar. Hja kochten in fleske sûr drinken. ‘Lekker fris’, sei Eabeltsje, mar Bouwe kaem earst hwat by doe't er ûnder de treurbeam oan 'e kant fan de fiver siet, de fuotten yn 't lije wetter.
‘Dit is my noflik’, sei er, ‘heden heden, hwat is my dit allernoflikst’.
‘Soe 't wol meije?’ frege Eabeltsje skruten, mar Bouwe sei ûnforskillich: ‘Dat wit ik net en it kin my ek gjin grissel skele’. Hy hie de boksen oan 'e knibbels ta omheech en roeike foarsichtich mei syn wite skonken troch it wetter.
‘It is in woldied, ik fiel gjin lykdoarn mear’. Fan kleare tofredenheit stiek er wer in sigaerke oan.
Hja fordiene dêr in grou ûre tiid. Bouwe sei dat er in oar mins wurden wie, mei de bûsdoek droege 'r de fuotten ôf.
‘En hwat sille wy nou?’ frege Eabeltsje.
‘Nei hûs’, sei Bouwe biret, ‘hwat soene wy oars sille?’
‘Moatte wy net noch hjir as dêr sitte, wy hawwe ek suver neat hawn’.
‘Hwat soe it bitsjutte?’
Doe't hja healwei wiene en de bus by in halte stie, kaem der ek ien fan 'e oare kant, stadich kriemde 'r om har hinne. ‘Dêr sitte Jan en Metsje yn! Op it moaist hawwe se nei ús west!’ Eabeltsje sloech de hannen yninoar.
‘Stil sitte litte’, sei Bouwe kalm, hy waerd oars noch oars.
Mar it wie wol sa, hja wiene noch net iens oan hûs ta doe