‘Hwat wetterlieding?’ frege Doede, ‘Bouk wasket en plasket hjir yn 'e great feart, gjin wetterlieding dy't dêr oan ta komt’.
De man wie net út it fjild slein, mar hâldde oan. Boukje siet der by mei it read yn 'e wangen en glinsterjende eagen, dat taestte Doede yn it moed. As er har der nou in deugd mei dwaen koe, mar doe't er hearde hwat hier dat hûs dwaen moast, lake er dat er skodde, de triennen rounen 'm oer de wangen. ‘Jo kinne der moai bykomme, man, hâld op. Dan wenje wy nou ommers forgees’.
Dy mei de tas gyng noch fierder en sei dat Soasiale Saken har tomjitte komme woe mei de hier en har helpe om hússittend to wurden.
Sa kaem it dat Doede en Boukje op in joun yn 'e nije went omdwaelden. ‘It hert keart my om yn it liif’, sei Doede, mar Boukje spriek krekt oarsom: ‘Wolst wol leauwe dat ik der och sa'n sin oan haw om hjir yn?’
‘Ast der sa oer tinkst, bern, dan geane wy der yn. Ik moat oer gâns dingen hinne taeste, mar dû witst dat ik dy tagedien bin, dêrom’.
Fan dy wurden bigounen Boukje' eagen wer to glinsterjen, hja striek Doede oer de raffelige mouwe en sei planút: ‘Dû bist in skat’.
Hja koene alles en alles yn syn hear en fear efterlitte op hwat théguod en panneboel nei, in wekker, in steltsje en noch hwat ditten en datten. Yn 'e buorren waerd der skande fan sprutsen dat Doede' húshâlding fan Soasiale Saken sa let en set waerd, mar Doede snuorre elk de mûle mei it sizzen: ‘Ik haw der net om frege’.
En dêr sieten hja dan elk oan in kant fan 'e tafel ûnwennich midden yn 'e keamer dêr't de lju dwars troch hinne sjen koene om't it ien stik glês wie.
‘Dit forskil is greater as nacht en dei’, sei Doede, ‘mar dêr't wy nou yn tolânne komd binne, is by my foargoed de nacht. Ik mei it mar min ha dat dy harterkers fan bern dêr boppe sa yn ienlikens lizze. It kin faeks net, mar ik soe towille wêze en helje har yn 'e keamer dat wy der tasicht op hiene, men heart langer fan sokke rare dingen’.
‘It moat wenne’, spriek Boukje ienfâldich.
In wier wurd. Nei fjirtjin dagen al kaem hja der earlik foar út dat it hûs och sa wurksum wie. ‘Ik kin fan ûnderen nei boppen rinne, fan boppen nei Ûnderen, ik bin erflik ûnderweis’.
De man fan Soasiale Saken kaem ek wer en woe der op út dat Doede it om hûs en hear hwat ynoarder meitsje soe. Dêr koe Doede it laitsjen wer net om litte. ‘As ik in hiele dei yn 'e skrep west haw, wol 'k jouns wol bikomme en dan soe 'k jo wolris freegje wolle: hoecht in man en heit gjin geniet fan syn húshâlding? Moat er wiif en bern faeks efterstelle by in pear kantige meter groun dy't er om it hûs hat?’