Dykstra, dy't al in jiermannich oan it streekje sitten hie to rintenierjen. Dat wie in waerpraetsje en hwat doarpsnijs, mar doe't er in kear opdronken hie sei er: ‘Jimme moatte der noch mar net fan prate, mar jimme steane op nûmer ien fan it listke foar de nije gemeentewenten. It skriuwen is al fuort dat yn 'e rin fan nije wike sille jimme de forgunning wol yn 'e hûs ha.’
Heden, heden, hwat stie dat der by. In nije gemeentewent, altyd al wie Frouke bigearen dêr nel útgien, it wie hast mear as hja op tidigje doarst hie en nou dochs. Dykstra krige fuort in segaer, mei minder koe 't ek al net ta. Dy man slet der ek noch in skoftke alleraerdichst, by it fuortgean sei er nochris: ‘Hjir moat noch mar gjin praet fan’. Né fansels. Mar wie it wûnder dat dy beide minsken har de wrâld to ryk wiene? Gjin lekkerij en bihelpen mear, gjin flier mear dêr't hja trochtrapen, yn ien wurd hja soene deagewoan yn in oare wrâld komme.
Nei de earste opstiging sei Frouk: ‘It sil wol jild fergje, sa'n hûs moat ynrjochte wurde, der moat hwat oer de flierren en foar de ruten’.
‘Dat moatte wy der foaroer ha’, sei Goffe greatmoedich, dêrnei gyngen hja sa wûnderlik iens op bêd dat it in aerdichheit wie en koene mar amper sliepe om't har oanienwei hwat nijs yn it sin kaem fan it nije hûs.
Trije dagen hâldden hja it deastil, doe koe Frouk it net langer prangje en forstie hja har mei Kleefstra, dy't in great winkel hie mei fan alles en huzen ynrjochte.
‘Jo moatte goed bigripe, der mei út noch yn gjin praet fan...’
‘Jo hoege nearne oer yn to sitten, Froukje, ik swij as it grêf. Mar jo hawwe der forstannich oan dien nou al to kommen. As dy oare wenten aenst tawezen binne, komme hja allegear tagelyk, nou binne jo earst. Ik haw al safolle fan dy wenten ynrjochte, alle maten fan ramen en flierren haw ik to boek, ik kin jo op 'en krektens sizze hoefolle as jo ha moatte. Mar witte jo hwat? Joun kom ik oan en nim de stalen mei’.
Koe 't moaijer en better? De hiele joun gyng der mei ynein. Kleefstra stalde mar út, hy rette ta bêstens en gûchele mei sifers en prizen. Hja krigen al foar it forstân dat it groujild fergje soe, mar Goffe sei dat hja it nou om 'e lêste fyftich goune net bidjerre moasten. It wie al oer alven doe't Kleefstra oerein gyng.
Hy hie in goede bistelling yn it boekje en sei ta dat er gordinen en kleden sa gau mooglik meitsje soe.
Noch in wike hâldden Goffe en Frouk dat swier geheim foar har. ‘Ik biet my leaver in stikje fan 'e tonge, as dat ik it útbringe soe’, sei Goffe.
Doe waerd it rjochtber dat der trije fan 'e fjouwer nije gemeentewenten tawiisd wiene en hwa't der ynkarnen. De fjirde