hjir nouris yn it paed kamen....’ Suver mei tagedienens naem Jelle him op: ‘Dêr sizze jo sahwat. Op himsels is it treurich genôch dat it ôfeart fan 'e Ryp goedernôch is foar it Tsjerkepaed, mar oan 'e oare kant hawwe wy de desolate tastân ûnder eagen to sjen en moat ik tastimme dat alles better is as dizze prehistoaryske flinten’.
‘Soene wy hjirfoar by de direkteur fan gemeentewurken wêze moatte?’ frege Jochem. Mar o hwat wie er dêr fier mis mei. ‘Dat weardeleas produkt?’ rachte Jelle, ‘it soe myn allerlêste wêze. As it hwat úthelje sil, hawwe wy ús hjir persoanlik mei de boargemaster oer to forstean. Ik stel my biskikber om út namme fan 'e Tsjerkepaedbiwenners ús winsken dêr nei foaren to bringen, mar der moat ien mei’. Markus gyng der foar omlizzen, mar Jochem makke in man út: ‘Ik gean mei, wy kinne wol op myn brommer’.
Dat lêste woe Jelle neat fan witte: ‘Brommers binne by my útfinings fan 'e boaze, dêr kom ik net op, ik gean op 'e fyts’. Dêr hoegde 't net om oer to gean, hja stelden tiid en ûre. Doe't Jochem en Markus fan Jelle útlitten waerden, kaem Bearend krekt thús mei de drôvige tiding: ‘De skonk op twa plakken stikken’. ‘Men soe in pear balstiennen meinimme en hâld se de boargemaster as biwiisstik ûnder de noas’, winske Jelle, ‘mar wy sille 'm sizze hwer't it op stiet, Bearend, dêr kinne jo steat op meitsje’.
Dat waerd in misrekken. Doe't de beide mannen de oare deis kreas forklaeid op it gemeentehûs wiene, hearden hja dat mynhear in dei as hwat fuort wie. Syn amt waerd fan 'e wethâlder waernomd, dy't hja sûndermis thús fine koene. En hja founen him thús, in rintenierjende boer fan krekt yn 'e sechstich. Hja moasten ynkomme en waerden ûnthelle op kofje en koeke. Allegear goed en wol, mar dy man hoegde net to mienen dat er Jelle mei iten en drinken de mûle teamje koe. Mei't dy him yn it sin brocht dat it sloof fan in Boukje mei in dûbelbrutsen skonk yn it sikenhûs lei, hwat oan 'e balstiennen to witen wie, kamen wurden as: ‘himeltergjende needtastân’, ‘wanbistjûr’, ‘koartsichtigens’ en ‘ûnbigryp’ as fansels by him boppe.
De wethâlder knikte allerminlikst, yn alles joech er Jelle folslein gelyk. ‘It is it selde hwat ik faek tsjin 'e boargemaster siz’, sei er, ‘wy sjitte yn gâns dingen tokoart. Wy dogge it nei ús bêste witten en letter sizze wy faek: it hie dochs oars moatten. Dat Tsjerkepaed nou by jimmes, in frou de skonk brutsen sizze jo, och... Hoe giet it nou mei har?’, frege 'r fol dielnimming. It die dy mannen goed, hjir founen hja in harkjend ear en doe sei Jelle, hwat hja ‘eftertsjerke’ bidussele hiene, de ôftanke stiennen fan 'e Ryp yn it Tsjerkepaed.
‘Mar mannen’, bearde de wethâlder, ‘dat kin sa moai as hwat. Dy stien moat plak ha, jimme krije in fatsoenlik paed en it jaget de gemeente net op kosten. Ik soe sizze, mei in