Oan 't wiif
Ik wol noch oan it wiif’, sei Hindrik dy jouns. It wie sa klear as glês dat er der och sa tsjinoan sjoen hie der oer to bigjinnen, dêrom kaem er der sa nuveraerdich en ûnforsjoens mei oan.
Reimer seach op fan it ierappelskilen en sei: ‘Dit hie 'k de iene as de oare kear noch wol forwachte’, mear net, Hindrik soe fanwegen komme moatte.
Hja wiene broers, Reimer wie twaënfjirtich, hy stie as opperman to boek, boppedat koe er 'm linich rêdde mei hammer en seage, der wie net iens safolle wurk dêr't er 'm net mei rêdde koe, dêrom hie er ek altyd oanslach. It tún wie foar Hindrik. In rêst fruchtbeammen, gâns griente en in tomatekas. Hindrik wie achtentritich, hja wiene togearre bleaun doe't har mem der by weistoarn wie, hja koene meiinoar lêze en skriuwe en nou hie Hindrik it oer in wiif. It like hast dat er 'm ûntskuldigje woe. ‘Wy hawwe it nou noch moai, Reimer, mar op 'en dûr twa manlju allinne, dat falt net ta’.
‘It is ek sa, Hindrik, dêr hast gelyk oan, jonge’.
Hy hie forwachte dat Reimer der hwat tsjin ynlizze soe, dêr hie er 'm op klear makke, nou joech er'm yn alles gelyk, hy wie der suver mei oan. ‘Ik bin noch gjin fjirtich, Reimer, ik haw goed myn brea, it libben hoecht dochs ek net oan my foarby to gean, wy kinne noch wol in húshâlding krije’.
‘Jawis wol, jonge, mâlle skoan.’
Hindrik bigoun rêdder to praten, hy helle de âldelju der by oan. ‘Mem soe ek bliid west ha as hja dit noch bilibbe hie, hwat hat hja der ús yndertiid net faek op oanstien om to trouwen. Mar dû kinst lansels by ús bliuwe, Reimer, dû hoechst net om in hinnekommen to sjen’.
Doe earst hâldde Reimer op fan skilen en frege: ‘Hwa is 't?’
Hindrik seach sahwat yn 'e krante en suver mei de eagen foardel sei er: ‘It is Richtsje fan Simens Sjoeke’.
Reimer sei it him nei. ‘Richt fan Simens Sjoeke, al hwat ik tocht hie, dit net. Dû bist âld en wiis genôch, Hindrik, silst fan my gjin sizzen ha wolle, ik wit ek net hoefier ast al mei har ynsyld bist, mar ast dy hjir yn 'e hûs hellest gean ik der út, dat kin 'k dy nou al wol fortelle’.
‘Hastû hwat op Richtsje tsjin?’
‘Nou moatst net lilk wurde, Hindrik, ik wol dy to'n bêsten riede, fierder moatst it suver sels witte. Dat hja sa tanich is as in oerjierrige ielreager wol 'k noch net iens hwat fan sizze, dat sjocht elk. Mar astû dy kaptein hjir binnendoarren hellest hast oars neat mear yn to bringen as lege briefkes. Hja aerdet har mem, Hindrik, dat âld karonje. Ik wol in oar net birabje, mar moatst my fortelle hwa't Simens Sjoeke is. Simen, de âld