leas stâlle 'r se yn 'e doaze, dat gyng op it gefoel en soe m net ien kear misse.
Dat it mei Eke nou net better waerd, earder minder. Dokter koe tûzen kear sizze dat hja der troch moast, dat it wol wenne soe, mar hja kaem der net troch en it wende net mar boaze noch oan.
In fearnsjier yn in flat oan 'e Prof. Gerbrandywei en Eke fleach by de muorren op. Foar noch safolle woe er it gjin wurd ha, mar dêr kaem it dochs op del. Hy smiet de ‘oeral’ út en wosk 'm út 'en rûgens hwat by de kraen. De klean oan, nei 't fytshok en fuort.
Hwat hiene hja dit hiele fearnsjier der noch oan hawn? Nou ja, de earste wiken, mar it hie net lang duorre. In pear kear wie er har oer it mad komd, dat hja mei read biskriemde eagen by de tafel siet en it foar him net wêze woe.
‘Né, wier net jonge, der is neat, hear.’
‘Mar hwerom hast dan skriemd, leave?’
Deun tsjin him oan hie hja wer lake: ‘Dêr moatst net oer ynsitte ju, oars neat as sleauwe oanslaggen.’
Hy hie 't ek noch leaud, moogliik wiene alle jonge froulju wol sa, hwat wist hy der ek fan, it soe wol oergean. It gyng net oer, hy hie 't yn goedens bisocht en yn lilkens. Hy hie har oanhelle en flaeike: ‘Wy hawwe it ommers sa moai, fanke. Ik haw in goed ynkommen, wy hawwe in moai hûs...’
‘In moai hûs? Hoe kinst sizze dat wy in moai hûs ha? De hiele dei sit ik opsluten, ik kin gjin foet bûten de doar sette, wy hawwe gjin hiem, net iens in efterhûs, wy hawwe gjin line dêr't ik it guod oan hingje kin. Ik koe likegoed yn it tichthús sitte as yn dizze glêzekast dêr't ik net útkomme kin...’
Ynse jachte troch de stêd. De izige wyn twirre om 'e hoeken fan 'e strjitten, hy fornaem it mar amper. As it nou mar hwat better wurden wie, Eke moast der har ek sa net oan oerjaen, as hja de stêd mar ris yngyng. As er it sei, snaude hja: ‘Hwat sil 'k op dy sigerige Nijstêd, dy winkels haw ik nou sa faek al sjoen, dêr kin 'k wol fan spuije.’
‘Rin dan ris nei Lekkum.’
‘Kinst noch ûnwenniger oarde bitinke as dat smoarge Lekkum?’ húnde hja ûnreedlik. It doktersguod holp ek al net.
‘Jo moatte sels ek meiwurkje’. Ja, dokter koe maiklik prate, hja die it ommers dochs net, as it nou aenst mar hwat better wie...
Om 'e hoeke by de Bleekleane snjitte er krekt foar in auto lâns. Mooglik hie er wol wachtsje moatten, it koe bêst wêze, mar hoe soe er dêr nou oer ynsitte?
Twa jier hiene se op in hûs wachte. ‘Wolst wol yn in flat, Eke?’
‘Hwerom net, jonge? As wy mar trouwe kinne’, hja kniep 'm yn 'e earm, ‘altyd byinoar Ynse, o, jonge.’