idioat. Mei goaide er it kaugumpapierke oer it skouder nei efteren.
‘Wat hat dat foar sin?’ Se draaiden har beide tagelyk om.
‘Ha Lieuwe,’ sei Rindert lûd en lake breed. Lieuwe wie wol twa meter lang en hie in pear hannen as slaaien.
‘Hokfoar kloat hast dêr by dy?’ Hy seach brimstich nei Heerd. Wierskynlik fanwege syn lingte wie er wat krûm, syn skouderblêden stieken as ingeleflerken troch de klean hinne omheech, de holle stie as in reliëf yn ferhâlding ta de rest fan it lichem wat nei foaren. Heerd miende dat dy kop him elk momint fan de romp losmeitsje koe om sines der yn ien hap yn ferdwine te litten. ‘Wat sjocht dy jonge my nuver oan,’ sei Lieuwe tsjin Rindert. Hy stie no flak by harren. Efter him stie in ploechje fan in man of fiif ta te sjen. Se seine neat, somliken boarte in spotsk glimkjen om 'e lippen en hiene de hannen yn de bûse as gau it in seremonieel dêr't se oan wend wiene.
‘Dit is in âldmaat fan my ju, noch fan de legere skoalle.’
Fersinde er him of klonk der suver wat fan in ûntskuldiging troch yn Rindert syn lûd? Der wie uterlik neat oan Rindert te merken, hy hie krekt as de oaren de hannen yn de bûse dien en kôge no noch dúdliker. Hearde er einliks noch wol by him sa't er dêr stie? Sels lei Heerd de hannen op de rêch en kniep se ta fûsten, de lofterfoet sette er wat skean in bytsje nei efteren.
‘Dy jonge sjocht mar, wat hat er in grouwe harsens godferdomme. Ik mei dy fint net lije en neffens my do ek net. Wêrom seit dy lul neat?’ Hy seach fan Rindert nei Heerd. Hy stonk nei bier en like noch reader om 'e kop as niis. Oan syn meneuvels te merkbiten wie Rindert der mei oan. Hy seach ferlegen nei Heerd. ‘Hy seit neat,’ sei er ynienen, ‘hy seit noait wat. Dat kin hy ek net helpe.’
In tel stie it gesicht dat de foarm fan in hynstekop hie - Heerd seach it ynienen - ferstuivere, mar doe raasde it nammerste lûder wylst it lichem him heal omdraaide nei dy't der efter stiene: ‘Hu jonges, hy is beseten, sjoch ris nei dy frjemde eagen, sjoch, sjoch ris, hy...’, de wurden bestoaren him op de lippen. Ynwyt stie Heerd foar wat ynienen dizenich in stik muorre wurden wie dêr't er dwers trochhinne moast.
Om harren hinne foarme him in rûnte dy't aloan breder en swarter waard. It wie deastil, gjinien dy't mear wat rôp,