| |
15.
It fyfde kursusjier wie al wer in skoftke oan 'e gong. No kaam it der op oan de kop der in bytsje by te hâlden en te besykjen wat ridlike sifers te heljen. Dat slagge yn it earstoan ek aardich, de skoaldagen ferrûnen rêstich en sa't er it him winske oant der samar in pear dingen barden dy't nei't efternei bliken die op in bepaalde manear mei elkoar gearhongen. It lêste barde ûnder de les by Hania, in skiednislearaar en âldfersetsman dy't omraak bokse koe. It ferhaal gie dat hy en Van Laak út en troch tegearre in partijtsje boksten en dat Hania hoewol't er aardich âlder wie meast wûn.
Pyt de Zee, in sittenbliuwer, dy't efter Heerd siet, hie him al in pear kearen in stomp yn de side jûn. As Heerd dan omseach, gniisde Pyt mar wat wylst er de earms omheech die as koe er it net helpe en wist er sels ek net wêrom't er it die. Heerd mocht dy kop dy't ûnder de pûkels siet net lije en miende te fielen dat it oarsom ek sa wie. Nei de tredde stomp seach er net efterom, mar naam him foar om by de earstfolgjende, mocht dy komme, net langer te wachtsjen. Wat er dwaan soe, koe er net betinke. Uterlik wie er wer sa kalm as wat, mar ynwindich wie er bûten himsels fan lulkens en tagelyk benaud, net by steat om lakonyk te reagearjen. It wie net liker as al dat genar spile him op in poadium ôf mei in protte taskôgers yn de seal dy't him hunen dat er neat werom die. Hy mocht dit net langer oer syn kant gean litte.
Hania murk neat, hy wie in guodlik man en hie bytiden muoite om de wyn derûnder te hâlden. Sels doe't Heerd oereingie en him stadich omdraaide hie er earst noch neat yn
| |
| |
de rekken.
Heerd loek de jonge fan de stoel, kniep him mei de oare hân de strôte ticht en treau him stadich efteroer. De glûperige troanje fan de jonge skimere feal troch in readich dûns dat him foar de eagen loek. Stadich sakke it lichem foar him oer troch de knibbels. Heerd tocht net mear nei, seach dizenich beweech om him hinne en fielde dat der oan him rutsen waard sûnder dat it echt ta him trochkrong. Hokker hannen skuorden oan syn skouder? Raasde der immen dat er ophâlde moast? Dat ûnder him alle kleur út de wangen weiloek en plak makke foar in eangstich wyt dat blau oanrûn, murk er net.
Hy liet wat er fêst hie net los oant er ynienen fan it lichem ûnder him ôf rôle doe't de fûst fan Hania him fol op de lofter tsjeak trof.
Letter fong er op wat Hania tsjin kollega's sein hie: ‘It koe net oars, hy hie him deamakke.’
Seagen syn klasgenoaten him nei dy tiid mei oare eagen? Der giene ferhalen oer hoe't er in jier ferlyn Murk Schurer opwachte hie en warskôge, allinne mar om't dy him foar boer útskolden hie. Dêrby hie Heerd Murk sa gril oansjoen dat dy alteast neffens guon dy't der by west hiene it sawat yn de broek dien hie. Der wiene dy't ha woene dat de lichte harsenskodding dy't Wouter Slis him yn de fytsekelder slein hie, Heerd der noch aparter op makke hie as er al wie.
‘Gean oan 'e kant,’ rôp Wouter al fan fierren tsjin Heerd dy't mei de fyts oerdwers yndie in bytsje yn it paad stie. Heerd hie sa gau net yn de rekken dat it him gou, mar doe't er in dúst krige dêr't er benei mei fyts en al troch yn de rekken bedarre, stiek er de hoarnen yn de wâl. Hy sei neat werom, seach allinne mar, net fan doel om him as in weiten hin oan 'e kant triuwe te litten.
‘Rotsje doch op, lul,’ raasde Wouter fannijs. Heerd stie stokstiif en blokkearre mei't er him tsjin it getriuw fan Wouter teskoar sette no hielendal de nauwe útgong. Wouter hie him foaroerbûgd en lei mei it boarst heal op it stjoer. Ynienen die er in taast nei syn jak. ‘Godferdomme, myn sigaar,’ mei helle er in ferpulvere sigaar ta it bûske út. ‘Dat is dyn skuld, smearlap,’ hy liet de fyts falle en sloech Heerd fûl mei de fûst op 'e noas. As in betûft bokser joech er der daalk noch in pear
| |
| |
lellen oerhinne. Heerd klapte efteroer en droande mei de holle tsjin it beton fan de flier. Eefkes wie er bûten westen. De konsternaasje wie grut. In lid fan it skoalbestjoer brocht him mei syn auto sawat oan it bêd ta en soarge der foar doe't der gjinien thús wie dat der in dokter kaam. ‘In lichte harsenskodding,’ mompele dy, ‘bliuw mar in pear dagen op bêd lizzen.’ Oan syn âlden skreau Heerd dat er pineholle hie, net mear en net minder. Dat er delslein wie, repte er net oer, en oft se it fan oaren heard hiene, wist er net. Wouter wie fan skoalle stjoerd en moast earne op in ynternaat sitte. Oft Heerd dizze knock-out op Wouter wreke moast, wie er noch net oer út de rie. Mar ien ding naam er him goed foar: dit wie ien kear en noait wer.
Wa't him no noch tenei kaam, soe it soer opbrekke en djoer betelje.
Yn dyselde snuorje begûn er him danksij in artikel yn 'e krante bot te ynteressearjen foar it spiritisme. Yn Utert wiene de ruten yngoaid fan it geboutsje ‘Harmonia’, de namme fan de Nederlânske Feriening fan Spiritisten. Wat Heerd fral nijsgjirrich fûn yn it kranteberjocht wie de koarte omskriuwing dy't jûn waard fan wat it spiritisme ynhold en foarstie. Hy hie it stikje útknipt en lies it út en troch noch ris oer. Op skoalle hie er der in ensyklopedy op neislein. ‘It mei soms lykje dat it spiritisme, hoewol't it hast in ieu lang grutte opgong makke, syn tiid hân hat. Dochs wurde der noch altyd op in protte plakken regelmjittich seânses holden, dêr't in tuskenpersoan, it medium, ôfwachtet oft de minsklike persoanlikheid dy't nei de dea fan it ierdske lichem fuortlibbet, kontakt opnimt. De geasten (spiritus) fan de ferstoarnen jouwe fia it medium alderlei berjochten troch, soms skriuwe se dy sels op yn it hânskrift dat se hiene doe't se noch libben fia de hân fan it medium. Dêrby kin it barre dat in medium dat gjin frjemde talen sprekt of muzyk makket, soks yn in seânse feilleas docht. Soms wurde de geasten sels sichtber d.w.s. stoflik.’ Heerd koe der net genôch fan krije dat er prate kinne soe mei in deade. Dat er miskien de meast bjusterbaarlike dingen te hearren krige benammen oer syn takomst, hie him noch it measte yn de besnijing. Soms besocht er troch him te konsintrearjen op in âlde foto fan ien fan de beide pakes de
| |
| |
byltenis foar him ta libben te bringen, wat fansels net slagge. Wol sloep de roekkat, as Heerd de eagen ticht die en de foto aloan skerper foar de geast besocht te krijen, gauris yn it byld dat him foar eagen sweefde. Sûnt Heerd oan priveeseânses die, liet de roekkat him faker sjen as ea. It nuvere wie dat er de measte kearen gewoan foar him oer stie sûnder wat te sizzen. Sels brocht er syn niget oan it spiritisme net yn ferbân mei de ferskiningen fan de roekkat. Hy mocht altyd al graach gluorkje en woe wat no ienkear net te sjen wie dochs op de ien of oare wize sichtber meitsje. Mei dy oanstriid dy't er fan jongs ôf oan hân hie, soe syn nijste niget wol fan dwaan hawwe. Mar ek no rûn der troch wat gewoan benijdens like of miskien hast wol in bytsje in sucht nei sensaasje, in grille huver fan eangst foar wat der oan de oare kant it libben lei.
Besocht Heerd foarhinne gauris de roekkat fuort te jeien mei de formule ‘Gean efter my satan,’ no't er him sjen liet sûnder wat te sizzen, liet er him gewurde en rekke suver ferslingere oan de frjemdsoartige spanning dy't de ferskining fan de demon altyd wer teweechbrocht en dêr't er him as er allinne wie yn alle rêst oan oerjaan koe, al giene der altyd wer oan in ferskining ûnbeneambere eangsten foarôf dêr't er meast fan tefoaren troch wist dat de roekkat net lang mear op him wachtsje litte soe.
Doe't er de lytse advertinsje fan Harmonia dy't oprôp om in seânse te folgjen, lies, wist er net wat er dwaan soe. Wie er net gek as er der hinne gie? Hy wie dochs benaud, wêrom soe er sykje wat him fan klearebare spanning fan te foaren al suver koarje liet? En dochs wist er dat er der hinne gean soe oft it no ferstannich wie of net.
Fan alle stjerlingen soe Po Kop my no it minst begripe, tocht er, doe't er ûnderweis wie nei de séanse. Wa docht no wat er einliks net wol, en wol wat er net docht? Dochs nuver dat dy man my no troch de kop sjit. Hy sil my wol ien fan dy frjemde tsjinstridige geasten fine dêr't er it lêstendeis oer hie. ‘It minste toanielstik fan Shakespeare is Hamlet. Dy man docht dingen, dy't er net wol. Dat makket it karakter ûnlogysk, ûnbegryplik, tsjinstridich en it stik dêrmei swak.’ Kop soe wol gelyk hawwe.
| |
| |
It geboutsje stie in bytsje efterôf yn in folksbuert. Op in boerd njonken de doar stie: ‘Sportskoalle de Liuw. Judo en Jioe Jitsoe’.
De skurve doar joech tagong nei in behindige romte dêr't in man of seis om in lange smelle tafel sieten dy't yn 'e midden fan in houtene flier stie. Der wiene mar seis stuollen ûnbeset, se ferwachten blykber net folle minsken mear.
Wylst er de jas oan in heak hong, murk er hoe't se him opnamen. Ien wiisde him in stoel oan sûnder wat te sizzen. It hearde der blykber by om de dingen dy't komme soene swijend ôf te wachtsjen. Oer goed fiif minuten moast de séanse begjinne neffens de advertinsje. It rûn wat út: om kertier oer achten hinne stoepen twa manlju en in frou fan om de fyftich hinne nei binnen. De twa manlju stelden har foar oan de groep, stik foar stik joegen se elkoar in hân. Doe't de frou foar Heerd oer stie, skrok er fan de manear dêr't se him op oanseach, hy hie it gefoel dat se yn ien eachopslach dwers troch him hinne seach en wist wat er tocht.
De frou gie oan de ein fan de tafel sitten mei oan wjerskanten ien fan de beide manlju mei wa't se der ynkomd wie.
‘Us medium fan dizze jûn sil de gearkomste fierder liede. Mei ik oan har it wurd jaan, mar earst noch in wolkom oan ús jonge gast.’ Hy seach nei Heerd dy't him ûnderwilens wat mear op syn gemak fielde. Hy krige in kleur en knikte slim ferlegen no't elkenien nijsgjirrich syn kant útseach. It ûntgie him net hoe't de frou har eagen oer alle oanwêzigen glide liet en fral him langer oanseach as de oaren. Nei't se it wurd krigen hie, joech se in koarte ynlieding oer ûntstean en stribjen fan it Spiritisme.
‘Al yn de bibel treffe wy ferskynsels fan spiritisme oan, bygelyks yn twa Samuël tolve fers trijentweintich en yn Deuteronomium achttjin fers tsien en âlve. Geasten fan ferstoarnen mochten neffens de joadske wetjouwers net langer befrege wurde. Wat kening Saul die, mei de wiersister fan Endor, waard him as in swiere misstap oanrekkene. It spiritisme erkent alle etyske wearden yn oare godtsjinsten, streamingen en sekten. Wy litte se allegearre yn harren wêzen, mar wy dogge net oan dogma's. It moderne spiritisme is ûntstien yn Hydesville, in plakje tichteby New York. In sekere Kathe Fox hearde yn 1848, op in sneontejûn, klop- | |
| |
lûden en om't der fierders net in minsklik of dierlik wêzen yn 'e hûs wie, gie se op ûndersyk út. Se rekke der fan oertsjûge dat de lûden feroarsake waarden toch in persoanlikheid dy't fan syn ierdske lichem ûntdien wie. Spiritisten leauwe dat de minske nei syn dea selsstannich, persoanlik en bewust fuort-bestiet yn in geastlik lichem. Dizze geasten libje om ús hinne en beynfloedzje it libben op ierde. No binne der minsken dy't de bysûndere jefte hawwe om mei de geasten kontakt te lizzen. Dat binne de sa neamde mediums. Yn 1860 kaam it spiritisme nei Nederlân mei as fjoeroansetters ds. Beversluis en Elise van Calcar, en yn 1880 waard de Nederlânske Feriening fan Spiritisten Harmonia stifte. Yn ús lân binne sa'n twatûzen spiritisten registrearre, mar der binne folle en folle mear dy't besykje bûten de feriening om kontakt mei de deaden dy't ûnder ús libje te krijen en wat fan se te learen.’
Se fertelde it allegearre noch mar ris foar de gasten, sei se, mar hy wie de iennige gast en wist op it lêste nei fan wat se sei, alles al.
Moast er himsels yndie sjen as ien fan dy amateurspiritisten? Unwillekeurich tocht er oan de roekkat. Soe dy sa'n geast fan in ferstoarne wêze? De frou prate noch in skoft troch oer ferdraachsumens en it skalke each dat oaren, benammen Kristenen, Joaden en Islamiten op it spiritisme hiene. Ek gie se nochal djip yn op de beswieren dy't professor W.H.C. Tenhaeff tsjin it Spiritisme hie. Sy sels moast op har bar net folle fan de parapsychology hawwe.
‘Wy bestride dus dat dea dea wêze soe, neffens ús is dea wêzen neat oars as in ûnlichaamlik libjen, mei in slim wurd neame wy dat “astraal” d.w.s.: alles komt fuort út en spitst him ta op de geast.’ By de lêste wurden seach se him wer ris skerp oan. Of foel it wol ta en wie er sels like gefoelich foar eagen fan oaren as sy foar sines wiene? ‘Dy eagen fan dy,’ koe Nanna lústerje en dan skodholle se súntsjes foar har út. Der bekroep him ynienen in ûnbidigen langst om by har te wêzen en ticht tsjin har oan te krûpen. By har koe er langer folslein himsels wêze, al hie er har wiismeitsje moatten, doe't se nei syn namme frege, dat er Klaas hite.
Nei't de frou har ferhaal dien hie, waarden der fragen steld. Heerd krige de yndruk dat er der safolle wol fan ôfwist as de measten dy't hjir sieten.
| |
| |
Yn it skoft dat in kertier duorre waard kofje skonken út in grutte kanne dy't mei de kopkes en leppeltsjes út in poftasse dy't yn in hoeke fan it sealtsje stie, helle wie. De measte oanwêzigen wiene aardich âld, by Heerd syn buorman fleach de kofje sawat oer de râne fan it kopke doe't er it nei de mûle brocht, sa bot trillen syn hannen. Sadree't de frou nei him seach, fielde Heerd it, al siet er op it stuit mei de rêch nei har ta.
‘Lit ús no besykje yn kontakt te kommen mei de geast dy't him iepenbierje sil. Of is it sa dat ien fan de oanwêzigen in spesjale winsk hat?’ Se wachte eefkes oft der him ien oppenearre, mar doe't dat net it gefal wie, ferfette se: ‘Lis de hannen spraat op de knibbels, doch de eagen justjes ticht en lit de wangen hingje. Hâld de ûnderkaak slop sadat de tonge-woartel ûntspant en fiel no de raakflakken fan fuotsoallen, gat en rêch. Fiel se en nim se waar yn de geast.’
Heerd die syn bêst. Temûk seach er eefkes troch de eachteisters hinne nei de oaren. Dy hiene it blykber mear by de ein hân en joegen der har alhiel oan oer. Nei de frou doarst er net te sjen, hy koe har eagen no dochs al net mear kwyt wurde, se fûnkelen him geduerich ta oft er de eagen no ticht hie of iependie.
‘Lis no de hannen tsjin it liif en rjochtsje de tomme nei de nâle, de oare fingers wer spriede.’ Se begûn noch stadiger te praten as niis. ‘Lit de hannen ien wurde mei de bewegings fan de siken yn it liif en tink om it ritme: yn-út-rêst, net alle lucht útblaze, der moat noch genôch oerbliuwe om in kjerske mei útblaze te kinnen. Yn-út-rêst, yn-út-rêst, yn...’ Hjir soe men by yn 'e sliep falle. ‘Meitsje it ritme stadiger troch de siken langer te rekken. Untspan, ûntspan, lit alle wjerstân farre, jou de stim fan de geast frij tagong.’
Se herhelle dat in pear kear wêrnei't der in lange stilte folge. Heerd hearde in ritmysk smûgen om him hinne, mar doarst de eagen net heal iepen te dwaan. It miste him net, se seach him wer oan.
‘O geast dy't ús hjir sitten sjocht, kom neierby en iepenje de skat dêr't geheime wurden as fûgels út omheech fleane. Sa ra ta na oj rhi ma tee ki - wo oe- wo oe.’ Dy lêste lûden of wurden herhelle se al mar, earst stadich, mar al gau flugger en flugger. It nuvere wie dat se presys oansleaten by it ritme fan it
| |
| |
sykheljen. Heerd rekke suver yn de sûs fan de lûdsritmyk dy't stadichoan sêfter waard en fierder wei like te kommen. Ynienen wie it wer stil. Hy fielde har eagen prykjen en seach no dochs troch syn eachteisters foarsichtich har kant út. Har eagen liken iepen skuord, sa grut en stil stoarren se omheech. Op dit stuit soe se neat fan wat der om har hinne barde mear sjen, sa bot wiene se fikseard op in punt boppe har.
‘Der is kontakt, ja, der is kontakt... hiel goed sels... ik sjoch in foarse man, alhiel yn it wyt, mar it ferfloeit, no hat er in blaubaitsje oan en in âlde mesjester broek en in pet op 'e holle...’
Heerd begûn sa swier te sykheljen dat er der fan snúfde. Hy murk no net mear dat de oaren behalven de frou allegearre mei ûntsach en yn grutte spanning nei him sieten te sjen. It koe net misse, hy seach it stal no sels ek hieltyd skerper en dúdliker.
‘Ik sjoch him oan in tafel sitten, de iene skonk slacht er oer de oare, de pet hat er ôfdien, dy hâldt er beet oan de klep. Hy ferweecht de lippen, ik hear gjin wurden, mar hy praat tsjin ien fan uzes. Harkje, harkje.’
De frou stapte no eefkes út de tsjoen fan de sirkel dy't de geast om har hinne loek. Se seach nei Heerd en sprate swijend de earms oant op skouderhichte as woe se minske en geast de seine jaan. Heerd harke alhiel yn trânse nei wat Laas sei.
‘Ik sjoch dy alle dagen fytsen jonge ast nei skoalle ta giest. Noait sil ik dy út it each ferlieze en ferjitte. Laas tinkt oan dy, myn jonge. Lit it net slûpe op skoalle en doch mar wat wetter by de wyn. Wêrom soest dy altyd wreke moatte? Mar set wol troch en lit dyn ear net te folle hingje nei wat de roekkat seit. Hy is dyn freon net, mines ek net, hy riedt dy de ferkearde dingen. As ik dy wie soe ik sa njonkelytsen thús ris wat sizze, heit en mem soene der bliid mei wêze en do kinst it. Och wat soest se dêr in plesier mei dwaan. Wêrom giest net ris nei Jiltsje? Doch har myn groeten en sis dat ik op har wachtsje en dat se minder om my treuret. Bêste jonge, Laas is dyn freon... dyn freon... dyn freon...’
Wylst de frou in koele hân op syn foarholle lei dy't wiet fan it swit wie, woe er it byld fan Laas dat dizenich waard, taraze dat it bliuwe moast. ‘Hoe moat ik mei Nanna,’ woe er roppe,
| |
| |
mar ynstee dêrfan fielde er hoe't him de flibe sûnder dat er it keare koe ta de mûle út rûn. It wie oft de koele hân fan de frou him út in djippe en dûnkere grêft by de wâl op loek nei't er tefolle wetter nei binnen krigen hie en troch in rige prisma's de moaiste spektra sjoen hie. Hy skamme him doe't er wer in bytsje by syn sûpe en stút wie. Elk siet him mar oan te gapjen as kaam er fan in oare planeet.
‘Do bist ôfgryslik mediamyk,’ sei de frou, ‘do kinst in grut medium wurde, do moatst weromkomme.’ ‘Ja, hy moat weromkomme,’ klonk it yn koar om de tafel hinne. Heerd krige folderkes, adressen, nammen en telefoannûmers, mar doe't se him om syn gegevens fregen, sei er neat en hoewol't se him tsjinhâlde woene, slagge it him om by de jas te kommen en út te naaien.
‘Ik lit dy noait los,’ hie de frou him neiroppen, en yndie hold se in ein hinne wurd. Heerd koe har eagen mar min kwyt reitsje, en fral de earste tiid fielde er presys wannear't de frou mei him dwaande wie en him binnen har sirkel lûke woe.
Dan hie se him yn de macht en like syn tinzen stjoere te kinnen ek al besocht er noch sa net oan har te tinken. En hoewol't se him syn grutste freon Laas eefkes weromjûn hie en de roekkat him net mear sjen litten hie salang't er mei de frou wraksele, woe er foar gjin goud noch ris in séanse oerdwaan. Soms ferlange er der sels nei dat alles by it âlde wie en de roekkat him wer ris âlderwetsk ferskynde, as er dêrmei de frou mar ferjitte koe.
|
|