| |
13.
De ein fan de kursus kaam yn sicht, net allinne by de boeren, ek op skoalle wie it ûngetiid. En wat Feenstra oanbelange, hy begûn wer mear te suteljen, mei it moaie waar rûn de winkel minder.
De sifers dy't Heerd helle, wiene gâns leger as ferline jier om dizze tiid, al bleau er der net op sitten. It learen gie him sa maklik net mear ôf. De konsintraasje wie faken fier te sykjen, der spoeke him tefolle troch de holle. Dêr kaam noch by dat er net wist hoe't er it plan dat stadichoan by him ripe, útfiere moast. Hy soarge der tsjinoan om thús op it aljemint te bringen dat er by de Feenstra's hoe langer hoe minder bankje koe. Wie it op beide plakken trouwens ek net gûl om goarre? De heit soe wol oan de skouders lûke en by de mem soene de eachbrauwen justjes omheech gean as se syn briefke liezen, want hoewol miskien net yn te tinken, noch altyd kommunisearre Heerd thús, ôfsjoen fan it ‘ja’ en ‘nee’ dat him ea by Teade' Anske ûntkommen wie, yn briefkes. Gjinien die writen om dêr feroaring yn oan te bringen en it útwrydske fan dit rituëel like harren te ûntgean faaks om't it stadige ferrin fan de tiid elk der oan bewend en yn behurde hie. Dat it by de Feenstra's wat langer wat minder húslik en gesellich waard, murk er amper op om't er oan wat er dêr fan meimakke hie by Laas en Jiltsje net tinke woe. Wol sette er koel en ferstânlik de foar- en neidielen fan de Feenstra's en thús foar elkoar oer. As er mar in ûnderdak hie, oan smûkens en skûlte tocht er net iens. Hoe't er der ek mei oankaam, thús soene se it briefke oan de kant lizze en alles by it âlde litte. Soe it slagje om hjirwei, dan soe it fan de Feenstra's útgean moatte. Se woene him ek wol kwyt, hie er it gefoel. De hertlikens fan Feenstra en de freonlikens fan frou Feenstra wiene al in moai set bekuolle ta in sekere ûnferskilligens foar him oer dy't bytiden wat wei hie fan iepenlike ôfkarring dy't er sá thús net fielde. Soms hie er sels it gefoel dat sy him noch leaver slieten
| |
| |
as hy harren.
Syn foarnimmen om fan harren ôf te kommen, naam noch fêster foarmen oan nei in frijwat pynlik petear in kear ûnder it jûnsiten. Hy murk wol dat it har net oanstie doe't er de wenstige hearring dy't sy him krekt jûn hie mei de bedoeling om him daalk te behimmeljen, fan syn itensboard lei. Earst seach se wat ferwûndere, mar al gau glied der wat fan wranteligens oer har gesicht doe't er nei it tredde stik bôle noch gjin risselwaasje makke. Wa't hjir gjin fisk iet, gie tsjin de oarder fan it deistich brea yn, woe miskien sels wol de ûndergong fan wat se beskôgen as in befêstiging fan harren bestean: de fertsjinst oan it fiskiten. It wie miskien mear dwersens as dat de fisk echt stonk, want Heerd wie al lang immún foar fiskluchtsjes.
‘Dyn hearring, Heerd,’ har lûd prike ynienen troch de stilte fan it neikôgjen, dêr't inkeld in licht smakken yn troch klonk. ‘Hast dyn hearring noch net op,’ baste Feenstra der fuort oerhinne.
‘It muoit my ferskriklik, mar ik leau dat ik gjin fisk mear mei. Ik kin se de lêste tiid hast net mear troch de kiel krije, ik koe my der wol oan feriten hawwe.’ Hy hie him op in foar syn dwaan lang andert tarist. Se moasten fral net tinke dat er de hearring as it lekkerste foar nei bewarre hie. Se seagen elkoar eefkes oan, mar seine neat. Feenstra pakte de bibel en besocht de blêden dy't tsjininoar plakten fan elkoar ôf te krijen. De toppen fan tomme en wiisfinger wiene te grou en rûn om al dizze kliemskens oermânsk te wurden. Heerd murk hoe't se elkoar hifken as wachte de iene op de oare om dit ûntsachlike feit te beswarren. Ynienen krige er oanstriid om harren in slach foar te wêzen, wêrom soe er dy twa net ris fiele litte dat er al lang troch hie dat se tsjin him gearspanden? Noch altyd wie it Feenstra net slagge om de blêden fan elkoar ôf te krijen wylst frou Feenstra al mar har eagen op de hearring as gau it in corpus delictum rjochte hold.
‘Dochs spitich dat der gjin bibels fan fetfrij papier binne,’ sei er en seach nei de hannen fan Feenstra. Einlings seagen beide syn kant wer ris út, wat him suver in gefoel fan foldienens joech. De hannen fan Feenstra leine ynienen roerleas op de iepensleine bibel, gjinien fan beiden sei in wurd. Earst doe't Heerd in bytsje fansiden seach kaam der in reaksje.
| |
| |
‘Watst dêr krekt mei bedoelst, wyt ik net, en it kin my ek neat skele, ik mei net oer sok praat. Suver noait in wurd mear sizze, mar wol oer bibels fan fetfrij papier prate. Hoe krijst it yn de plasse en doar sa ûnearbiedich te wêzen.’
Se wachte eefkes as ferwachte se dat Feenstra it oernimme soe. Doe't er dat net die, sei se: ‘Begrypsto wat er bedoelt, Wiger?’ Feenstra skodholle, hy hie de bibel foar him op 'e tafel lein en seach fronsele.
‘En dan dy hearring,’ ferfette se.
‘Ja, dy moat der yn,’ foel Feenstra har by. ‘Hokfoar mins lest no gjin fisk, do wolst dochs net de tarring krije? Der is gjin dier sa skjin as in fisk en do fynst dat se stjonke.’
‘Dat haw ik net sein,’ andere Heerd, ‘ik haw net sein dat er stonk.’ Hy moat sels wat rûkt hawwe, tocht er; sizze doarst er it net.
‘Lit it sa wêze, mar ien dy't gjin fisk yt, fynt ornaris dat se stjonke. Sokken priuwe net, se rûke; it is krekt as mei aaien, jo moatte se ite; ast begjinst te snuven, ytst troch de noas.’ Hy line efteroer en like foar 't earstoan útpraat. Mar frou Feenstra naam nei't it like mar al te graach de tried wer op.
‘Wy moatte der miskien mar ris earlik mei him oer prate, Wiger,’ sei se. Hy sei neat, gappe allinne, in beskie dat er him blykber oanwend hie en dêr't jo alle kanten mei útkoene.
‘Sjochris, do bist hjir no trije jier yn 'e kost. Earst hiene wy der wol aardichheid oan al wiest doe ek al stil, mar wy hiene hoop dat soks wol oerbetterje soe. Ynstee dêrfan bist noch stilder wurden, om earlik te wêzen - “do bist no oars ek wat âlder” - grommele Feenstra der trochhinne - om planút te sizzen hoe't it ús oanfielt: wy fine dy dochs wol wat eigenaardich.’
‘Krekt, lju dy't yn fisken dogge, nimme ornaris gjin blêd foar de mûle en ast no ek noch dyn hearrinkjes stean litst, is der hielendal gjin aardichheid mear oan dy te belibjen.’ Feenstra seach ynienen wer brimstich.
Wêrom moasten se dit allegear sizze? Hy fielde hoe't alles yn syn gesicht begûn te prykjen, krekt oft der tûzenen spjelden justjes yn 'e hûd stutsen waarden. Eigenaardich wie er dus yn harren eagen, in eigenaardich wêzen dêr't gjin aardichheid oan te belibjen wie. Dat lege itensboard foar him op 'e tafel moast er oan barrels smite, de fize hearring oan smots traapje
| |
| |
en der dy ôfwachtsjende koppen foar him oer mei ynrosse. Hy die neat, wyt siet er foar him út te stoarjen. Dy inkelde kear dat er him trape fielde en poerrazend, mar mear noch eangstich wie, sloech de lulkens nei binnen en loek it bloed him út de wangen. Hy bûgde de holle justjes foardel as in sabeare teken fan berêsting, foar oaren in sinjaal dat se gelyk krigen en fierder gean moasten mei ‘earlik’ te wêzen.
Mar binnen dat belutsen antlit sloegen har wurden as mokerslaggen yn en fersplinteren djip yn 'e harsens ta swolmen dy't noait oerbetteren, mar útsiedden.
‘Do soest ek ris wat werom sizze kinne,’ begûn frou Feenstra wer, ‘men krijt noait ris beskie fan dy. Sjoch ris, der is mear dêr't wy al skoften mei omrinne en dat wy neame kinne soene, mar...’ - ‘litte wy dêr no mar net oer begjinne, frou, it giet der no om dat er syn hearring op yt’ - Feenstra die de hannen omheech as fielde er him ynienen machteleas.
Wêr tochten se oan? De wouter, Geartsje Dolmer, it mês, of...? Fragen oerwoekeren syn lulkens en freden him noch mear ôf fan de oare beide. Mar dat eilân, ûnberikber en stil oan de oare kant fan de tafel, nitele frou Feenstra noch mear nei't it like.
‘Hy moat no dochs ris hearre wat ús dwers sit, Wiger, sa kin it net langer, in rûp teart him sa bot noch net yn inoar, wy moatte him miskien mear...’
In rûp, se prate oer him as siet er der net by. Hy hearde amper wat se der fierder útkraamde, in fûl en dûnzich bûnzjen gie him troch de holle, in frjemde wylde weachslach dêr't alle geheimen dy't er foar harren hie, yn wielen.
- It lid fan de bakfyts dat tichtklapte en de fingers fan in broeder kniesde de wouter dolmer dolk dochs de ko tasma de liftreis it fersomjen wat wie it wat bedoelden se de spegel syn gesicht de grutte dûnkere eagen it hifkjen it swijen dat hie er sein wêrom mocht sy it net sizze wêrom net - ‘lit ús der mar oer ophâlde frou, as er syn hearring mar op yt,’ ‘nee hy moat it no ris witte, hy krûpt hieltyd mear yn himsels, sjoch mar, it kin sa net langer, it learen giet ek minder, de lêste kear is er al wer in pear punten efterút gien,’ ‘kom wy sille léze... “ik haw de Heare tige leaf om't Er nei myn smeekjen harket, om't Er it ear nei my hâlden hat” - de wouter it moat de wouter wêze it bunt hong der by dat hong der net by der wie
| |
| |
neat te sjen dat kin it net wêze 'o Heare rêd myn libben. Genedich en rjochtfeardich is de Heare. Hy hoedet de ienfâldigen...’ - ik sis te min wat haw ik mei harren te bepraten neat en noch ris neat ik haw in hekel oan dy minsken as ik se noris gewoan deadoch in mês troch de hûd stek - ‘dêrom kin ik by de Heare yn en út gean yn it lân fan 'e libbenen. Ik hie fertrouwen, al sei ik ek: O wat bin ik der ellindich oan ta en al tocht ik mismoedich alle minsken falle my ôf, wat sil ik de Heare weromdwaan foar alle goeds dat Er my dien hat. Heech til ik de beker fan it heil.’ - de beker fan it heil de beker fan it heil fan it geheim se witte wat fan my dat ik sels net iens wyt ik wyt net wat sy witte of wyt ik wol wat sy witte dan hoech ik it ek net fan harren te hearren dan witte wy alle-gearre itselde dan wyt ik net wat sy bedoele - ‘yn 'e foarhôven fan it hûs fan 'e Heare, yn dyn fermidden Jeruzalem, halleluja.’
Heerd hie de hannen gear, de eagen ticht, twa lytse feroaringen yn syn hâlding fan niis doe't er justjes foaroerbûgd der as ferdôve by siet.
In wykmennich nei dit trelit kaam Heerd net om twa oere lyk as ôfpraat wie, mar earst in foech healoere letter yn de winkel. Hoewol't er te suteljen soe, wie er fuort nei iten ôfset en hie wat omdangele, it net mei himsels iens oft er al of net weromgean moast. Hy wie ûnderwilens fêst fan doel om de saak springe te litten al wist er noch net hoe. De keamer gewoan opsizze en fuortgean, koe er sels net dwaan, it wie de baas en lis it der dochs op oan dat it oarsom syn beslach krige. Der lei jûns gjin hearring mear op syn itensboard, blykber hie it wegerjen fan dy iene (hy hie him net opiten) in soarte fan hillichskeinen west dêr't no ekskommunikaasje op folge. Frou Feenstra hâlde noch altyd foar har wat se dy jûn sizze wold hie en Feenstra kaam út en troch frij wat noartsk fanwegen, al wie er troch de bank nei't it like sa grimmitich net as syn frou. Sy seach him sawat de doar út, hie Heerd it gefoel, en hold har wierskynlik allinne om har man yn. Heerd soe har sa folle mooglik helpe. Opstannigens en ûnwissens, lulkens en fersleinens rûnen dêrby op wûnderlike wize trochinoar. Der gie gjin dei foarby dat er net tocht hoe't sy dy bewuste jûn oer him praat hie. It fermogen om him de dingen flymsker
| |
| |
foar de geast te heljen en syn fotografysk ûnthâld fuorren de wrok dy't altyd yn him slomme en dy't no't sy him op it sear kommen wie ferwoeden de kop opstiek.
Feenstra prottele dat er te let wie en hoewol't Heerd him net oars as gelyk jaan koe, makke it him razend. Hy die it fergees, hokfoar rjocht hie dy man om him altyd oan it wurk te setten? It hie der in protte fan wei dat se him inkeld yn de kost nommen hiene om te suteljen en foar oare putsjes dêr't se sels gjin nocht oan hiene. Sûnder te groetsjen sette er ôf, neiëage troch Feenstra dy't fan de weromstuit diskear gjin goede riejouwings meijoech.
Geartsje Dolmer wie al lang gjin klant mear. Hy hie Feenstra der net oer heard, it barde sa faak dat men in klant kwyt rekke.
Al gau befûn er him yn it labyrint fan de smelle strjitsjes fan de Westwyk, de lju seagen hjir by elkoar it iten op 'e tafel stean. Krekt op it momint dat er de hân nei de skille brocht om in raam oan 'e bongel te jaan, seach er him rjocht foar him oer op 'e râne fan de bak sitten, no wer lytser, mar swarter as ea, mei eagen dy't fan fjoer liken. In grille huver ferstive him sadat er de skonken net mear ferweegde. Hy hong foaroer, mei ien hân op it lid, wylst er mei de oare it stjoer fêsthold. De bakfyts glied hieltyd stadiger by it trotwaar lâns oant er stilstie, as hie in klant op it rût tikke en wonken dat er der oan kaam.
‘Dy skille moast net brûke kloat, hoe minder ast ferkeapest, hoe mear ast se te pakken hast. Dêr giet it dy dochs om? Soe it net it bêste wêze om mei karre en al in ûngelok te krijen? Do soest bygelyks yn ien fan de grêften fytse kinne, en ast net swimme kinst, setst him net op de hânrem en litst de bakfyts moai út himsels de grêft yn ride. Skylfisk, skol, lekkerbekjes, bokkems, makrielen, sâlte, soere, ieltsjes, Hurderwyksters en Lemsters bedarje sa wêr't se weikomme. Ik sil der heechst persoanlik foar soargje dat se yn bakte steat fuortswimme. Ek ús soarte is bysteat ta bjusterbaarlike dieden dy't it minskdom fersteld stean litte as se der mar acht op jouwe. Wat hasto mei dy minsken fanneden, de lêste tiid kinst dy skoan rêde en dy pear jier datst noch op skoalle sitst, sjongst it thús wol út. Lit se frekke en lûk net oan de skille. Ferkeapje sa min mooglik, do silst...’
| |
| |
‘Goeie,’ Heerd skrok wekker. Njonken de bakfyts stie in famke fan in jier as tolve. Se hie in gûne yn 'e hân.
‘Twa Lemsterbokkems,’ sei se en begûn te hippen as wie se oan it toudûnsjen. Heerd lange se har oer sûnder in wurd te wikseljen. Dat hearde der ek by, hoe minder hy sei, hoe minder nocht de minsken deroan hiene om wat te keapjen. It wie oft de klanten it fielden wat der yn him omgie. Dy middeis ferkocht er minder as ea it gefal west hie.
Doe't Feenstra de balâns opmakke, bylke it min. Earst sei er neat al stie syn gesicht op tonger, mar eefkes letter barste er los. Heerd hie net oars ferwachte, en dochs makke dat fûle protteljen him kûgelsk al liet er der neat fan skine. Hy sei neat werom en liet de buoi foar't each ûnderdienich oer him hinne komme.
Heerd bleau wekker en wachte it momint ôf dat Feenstra en de frou ridlikerwize sliepten. Nei't er de koarte slach fan de keamersklok tolve kear heard hie, bleau er noch eefkes lizzen der rekken mei hâldend dat Feenstra en de frou miskien wekker skrokken fan de slaggen om dêrnei wer yn te dûzjen. Doe gie er der ôf en sloep nei ûnderen nei it fiskhok. Hoeden die er de doarren iepen en ticht. Op 'e taast fûn er de fetten en sette se ien foar ien op de kop. Dêrnei draaide er de kaaie fan de bûtendoar in slach om sadat dy net mear op slot siet. Tsjin ienen lei er wer op bêd. Hy loek de tekkens oer him hinne en wachte oft de roekkat him ferskine soe. Doe't dy net kaam, begûn er súntsjes oan himsels út te lizzen wat er dien hie as woe er troch de wurden dy't er útspriek it byld fan de fûgelkat oproppe. It kaam sels net oan in dizenich byld fan de roekkat ta sadat de wurden him rillegau yn in ferwûnderlik fêste sliep sodzen.
Somlike lidden lekten in bytsje, oaren net iens. De gefolgen fan dizze nachtlike died hiene net folle om 'e hakken. It op 'e kop setten fan de fetten befêstige, behalven it protest dat it wie, de disoarder fan Heerds eigen wrâld dy't minstens sa folle op 'e kop stie. Dêrtroch beseach er de dingen fan ûnderen en fan boppen, hie mear troch as oaren, mar wie danksij dat feit ek betiisder as harren. Syn erflike ferbjustering oer al it ûnbegryplike yn wat him al syn libbensjierren omjûn hie, sloech him bytiden net allinne mei stommens, mar brocht him ek hoe langer hoe mear út it lykwicht.
| |
| |
De oare moarns die Feenstra him ûnder it moarnsiten al te witten dat er nei de simmerfakânsje net werom hoegde te kommen.
‘Do hast dy fetten omkeard,’ sei er en seach him oan, net iens lulk, mear ferwûndere en freegjend.
‘Of moat ik de plysje der by helje, de doar stie iepen, it kinne ek oaren west hawwe,’ heakke er der oan ta doe't Heerd neat sei. Heerd krige in kleur en knikte. Hy hie oerein springe wold en it útraze dat hy it net dien hie, mar hy koe it ienfâldich net opbringe en liich der yn om. No't se him suver freonlik oanseagen, skamme er him djip foar syn died en seach foardel. Wêrom koe er it no net oer de lippen krije en sis dat it him spiet? No't de kûgel troch de tsjerke wie dat Heerd by harren weigie, hold frou Feenstra har stil, al seach se him oan oft er fan in oare planeet kaam. Heerd fielde wat der yn har eagen lei. Se tinkt dat ik stadichoan gek wurd, earst wie ik noch eigenaardich, no bin ik in kranksinnige yn har eagen.
‘Ik sil in brief oan dyn âlden skriuwe, oer de fetten sil ik mar net reppe.’ Dat wie aardich fan him. ‘Wy fine it dochs al lang wat ûnfrij en boppedien... no ja, dêr hawwe wy it al ris oer hân.’
De dêrop folgjende dagen fielde Heerd him bot ûnwis oer de ynhâld fan it brief. Hy wist net iens oft der wol ien ferstjoerd wie. Thús waard hielendal net oer in brief praat en by de Feenstra's waard it der net minder op. It wie krekt as diene se alle trije mear harren bêst om in bytsje freonlik foar elkoar te wêzen. Soms frege er him ôf oft er der wol goed oan dien hie om it der sa nei te meitsjen. Dat er net mear hoegde te suteljen, stiek him suver. Hy wie fan pleechsoan sa't frou Feenstra him yn 't alderearst wol ris neamde, in útfanhûzer wurden.
Thús kaam der hoe ûnwierskynlik ek, gjin inkelde reaksje. Earst doe't er mei in midsmjittich rapport thús kaam, waard him meidield dat er de lêste twa jier wer thús wêze soe.
‘Do bist no mânsk genôch om hinne en wer,’ sei de heit. Op it rapport hie er gjin kommintaar. Noch noait hie er dêr in wurd fan krityk of lof oan wijd, as Heerd mar oergie, de sifers like er it wichtichste net te finen. En de mem dy't eartiids safolle mei him praat hie, behurde stadichoan mear yn in soartge-likense hâlding. Wat soene se sizze as ik it oare jier sitten- | |
| |
bleau, tocht Heerd en krige der suver eefkes sin oan om it te prebearjen al wist er tagelyk dat er him dêr sels slim mei te pakken hawwe soe.
Op in sneontejûn yn it tredde wykein fan july fytste Heerd mei de bakfyts fan it stedsje nei it doarp. Diskear hie er gjin fisk te keap. Noch deselde jûns brocht er de bakfyts werom. ‘Bedankt foar alles,’ sei er tsjin Feenstra en joech him in hân. Frou Feenstra koe er gjin wurd tsjin oer de lippen krije, hy seach har allinne mar oan. Se makke har hân út sines los en wykte in pear stappen werom wylst wat se sei har op de lippen bestoar.
|
|