deagewoane dingen meitsje dy dan kjel. Ik haw dy dy dolk meinimme litten, oars hie der...’ Heerd skrok der net iens fan, sa njonkelytsen wie er oan him bewend. Hy draaide him om en seach him lyk foar him, grutter as oars, in kat mei rûnom fearren dy't oan de sydkanten ta wjukken útwoeksen, alles noch swarter as in nacht wêze kin.
Foar 't earst seach er hoe bot de beide tsjûke poaten liken op dy fan grouwe roeken dy't graach om kadavers dûnsje.
‘It wie yn in opstiging, mar it bliuwt in freesliken died om in ûnskuldige ko samar in mês yn 'e bealch te stekken, en dochs hoechst dy dêr net drok oer te meitsjen, it is in died dy't by ús past. It begrutsjen datst fieldest, hat gjin sin, dat is wat foar âlde wiven. It is earder spitich datst de ko net deastutsen hast, hoewol't it foar Tasma better is, hy is ien fan uzes. Gean sa troch en nim tenei it mês datst brûkst mei werom.’
Der glied in lichte huver oer it lichem dêr't al lang gjin tekkens mear oer hinne leine. It tafal woe dat wolkens de moanne tadieken.
De earste dagen wie de spanning hast ûnferdraachlik. Hy seach de krante der op nei oft der ek wat yn stie oer in ko mei in kris yn de kûnt. Hy rekkene der mei dat der elk momint in plysje lâns komme koe om him yn de boeiens te slaan. De eangst dy't er altyd al hie as er in plysjeûnifoarm seach, mar dy't de lêste tiid aardich saksearre wie, boaze no wer oan. En dochs mong har bytiden mei al dy eangstige spanning de hope dat er as dieder ûntmaskere wurde soe.
De pear wykeinen dy't er ûnderwilens thús west hie, hie er neat opfongen oer in ko mei in dolk yn it bil. De lêste kear koe er noch krekt wjerstân biede tsjin de ferlieding om nei de Hoantsesyl te gean. Miskien lei de dolk mar in pear meter fan it plak ôf dêr't er yn 'e wâl sitten hie. Mar stel jo foar dat Tasma yn de wâl lei, of, en dy absurde gedachte koe er mar min kwyt wurde, him oprôle hie yn ien fan de einekuorren.
Dat de Feenstra's de dolk misse soene, koe him op it stuit net iens it measte skele. As it harren wat wurdich wie, hie it mês wol yn de keamer hongen en boppedat ynteressearren dy lju him it measte ek net mear. Fan al dy hearringen by it iten koe er sa njonkelytsen wol koarje en fan it suteljen net minder. Doe't it net hoegde, die er it graach en no't it moast hie er der