| |
11.
De freeds, in pear wike letter, joech Hellema foar de moan-deis dy't der op folge in drege repetysje op. Yn it wykein woe it Heerd net slagje en kom der oer gear en it koarte skoftke dat er it de moandeitemoarns betiid noch al besocht koe er him mei gjin mooglikheid op de stof konsintreare. Mei de swiere mûtse der oer op fytste er nei skoalle ta. De ôfrûne nacht hie er amper in wink yn 'e eagen hân, noch nea hie er it sa fier komme litten dat er net oan in repetysje takaam. It hiele wykein hie it him hjitfolge dat er oan 'e gong moast, mar it besef allinne al hie him folslein ferlamme. Fannacht hie er lein te tizen oer hoe't er him der útrêde koe. Hy soe him siik hâlde kinne en gewoan thús bliuwe by syn âlden of deabedaard fan hûs fytse en de hiele moarn de lessen fersomje. Foar soks liende de moandeitemoarn har it bêste, dan hearde er, ûnderweis fan hûs nei de stêd eefkes by gjinien en fytste er yn in soarte fan nimmenslân. Sawol by him thús as by de Feenstra's soene se tinke dat er op skoalle siet. As er him foar it middeisiten mar kreas en op 'e tiid sjen liet. En dat er him op skoalle foar syn ôfwêzichheid ferantwurdzje moast, soe wol wat tafalle. De klasseboeken waarden mar selden mear kontroleard, it wie einliks in wûnder dat der net folle mear skoaltsjeskûle waard.
In eintsje bûten de stêd stiene oan de kant fan de dyk twa lifters, se hiene in buordsje by har mei yn kreaze letters ‘Amsterdam’ der op skreaun. Ynienen wist er it, hy moast de fyts oan de kant goaie en krekt as harren yn de barm stean gean, de hân omheech, de fingers nei ûnderen en de tomme efteroer, de kant fan de eigen bestimming út wizend, in hân dy't by elke auto dy't oanriden kaam stadich hinne en wer gie. Hjir moast er trouwens net stean, der kamen tefolle skoalbern lâns dy't him koene. Suver út de skroeven fan it idee dat er, as er it mar doarde, samar in ein de wrâld útlifte
| |
| |
koe, fytste er nei de oare kant de stêd dêr't de strjitstiennen oergiene yn de brede betonplaten fan de ryskwei. Hy seach op syn horloazje en wachte oant it krekt fiif foar healwei njoggenen wie. No gie de earste skille en skeuvelen de rigen ferduldich nei foaren. Hoe wie it einliks mooglik dat der sa'n bytsje foar nedich wie om net by dy kliber dy't him no troch de nauwe haadyngong parse, te hearren?
In eintsje fierder, in bytsje yn de bedelte, stie in PEB-hokje. Dêr koe er de fyts moai delsette. It fytspaad njonken de dyk bûgde hjir wat fan de rykswei ôf sadat der in bredere stripe ûntstie dy't mei boskjes beplante wie. Nei't er de fyts op slot tsjin de efterkant fan it hokje setten hie, socht er in gaadlik plakje foar syn tas. By ien fan de boskjes ûntdiek er in kûle dêr't lange giele snilen fan deade flotgerzen in soarte fan flierkleed yn foarmen. Hjir en dêr leine kaugumpapierkes. Hy seach oft der ek loarten leine. Dit wiene ideale plakjes om eefkes út de broek. Lei der ien loarte, dan kamen der al gau mear, soms safolle dat it gers der mei fan de miich fan dea gie. Foarsichtich treau er mei in dead tûkje in pear tûfen fan it deade gers omheech. Der wie gjin stront te bekennen. Doe bediek er de tas alhiel ûnder de giele snilen en strûpte de broek del oant op 'e ankels, sa koe er himsels ûnder de kûnt troch sjen. Mei niget folge er it stadich sakjen fan de loarte dy't sadree't er him ferweegde súntsjes hinne en wer bongele. As er no mar sierlik foel, fral net rjocht. Noch fierder sakke er troch de knibbels sadat de punt fan de lange loarte de grûn rekke en makke mei syn kûnt in beweging as fan in o al leger nei de grûn ta. Fol bewûndering seach er nei de steatlike sedille dy't er delflijd hie. Eefkes wie it oft de niget fan eartiids oan wat er doe it poepalfabet neamde fannijs de kop opstiek en dat er de lucht dy't ornaris út it tûntsje thûs opstiigde, rûkte. Mei ien fan de papierkes dy't der leine fage er it gat ôf. Dat de sedille sa ticht njonken de tas lei te wazemjen, kaam goed fan pas. As hjir al ien syn taflecht sykje mocht, soe er fêst net begjinne te grabbeljen. Stront is it meast ûnskuldige en tagelyk effektyfste ferdigeningsmiddel fan in mins tocht er en gnyske. De hûpe-fûgel dêr't de learaar biology okkerdeis oer op 'e tekst rekke wie sa gek noch net. De stank dy't om him hinne hinget, fungearret as in ôfwarwapen. Se skine har sa no en dan yn har eigen stront te
| |
| |
‘waskjen’ om sa ûnbidich te stjonken dat elke fijân in ein op in distânsje bliuwt. De âlden fan de hûpe wenne de jongen daalk oan dy ferskriklike lucht troch it nêst noait skjin te meitsjen. Gjin rôt dy't der by komt, sels de klier fan in murd skynt net sa'n stank te fersprieden. Heerd wie oan de oare kant de tas sitten gien, sa hie er alles ûnder hânberik. Wylst er him ôffrege wat er no winliken woe, makke er mei de middelfinger fan syn lofterhân dobkes yn de stront. Sûnder der by nei te tinken fage er alle kearen dat der in ljochtbrune oanslach op it útein fan syn finger ûntstie, dy wer oan it gers ôf.
Hoe moast er it ferantwurdzje as er fan 'e middei net foar it middeisiten op 'e tiid wie? Der skeat him sa gau net in ferlechje yn it sin en winliken woe er dat ek net. Lyk as faker it gefal wie, rekke er yn 'e besnijing fan de eangstige spanning dy't syn ûnmacht om in oplossing te finen, teweech brocht. Hy seach de gesichten foar him as er net opdaagjen kaam: ûngerêst en lulk, en fielde de fûsten fan Feenstra dy't him de winkel útrânselen. Noch ienkear fregen se him wat er útheefd hie, mar hy bleau it antwurd skuldich om't it him in gefoel fan macht oer harren joech. Mear en mear joech er him de lêste tiid oan syn deidreamen oer, fantasijen dy't him út syn deistige wurklikheid lokken en dy't him tagelyk pinigen en geniet joegen.
-Wêr moat ik hinne? Dy lifters fan niis hiene in doel, mar wat is mines? Ik hoech mar te kiezen út fjouwer wynstreken. Net nei it noarden, dan kom ik yn Grinslân; dêr is it kâld en skine allinne mar hufters en jildwolven te wenjen. Yn it westen reint it geduerich en wa't him nei it suden bejout krijt al gau de sinne yn de hûd. Yn it easten wennet de wiisheid, seit Bûntsje van der Plank, dêr komt it libben wei om't dêr de sinne oan de ierde ûntstiicht neffens him.
Wer gnyske er. Wat die it der ta wêr't er hinne gie. Dát er gjin doel hie, wie ek in doel. Sa op reis gean, joech earst echt avontoer. Eefkes woe er yn in fleach fan opteinens oerein spatte, mar al rillegau fersonk er fannijs yn in slûch meitsjend gemimer. It mocht dan noch sa avontoerlik wêze om op reis te gean, wie it ek net folslein sinleas? En sa frij as er no wie, sa fêst siet er faaks letter as er wer goed en wol by de Feenstra's werom wie. It wie noch in gelok dat se thús gjin telefoan hiene, oars soe der fêst skille wurde as er fan 'e middei net
| |
| |
fanwegen kaam. Der gie safolle troch him hinne dat him tagelyk oanpuonne om troch te setten en wjerhold. Doe't er lang om let oerein gie, wie it oft er as yn in dream boppe in ravyn sweefde wêrby't de eangst dat er tepletter sloech amper opwoech tsjin de sensaasje fan it sweven. Dochs stie er in skoftke letter gewoan oan de kant fan de dyk, de tomme omheech, krekt sa't er dat sa faak sjoen hie as er lifters foarby fytste.
It duorre mar eefkes doe stoppe der al in auto. It wie in bestelweintsje: ‘Singer Uw Keuze’, stie der mei grutte giele letters op skreaun. De sjauffeur bûgde fansiden en draaide it rút fan it rjochterportier omleech. In ynwyt en meager gesicht naam him eefkes ynkringend op. ‘Stap mar yn,’ klonk it allinne mar, wêr't de reis hinne moast waard net nei frege.
It wie mar in smel weintsje, Heerd hoegde mar eefkes in bytsje oer de side te hingjen of hy soe mei sines de man syn skouder reitsje. Tusken syn lofter knibbel en de rjochter fan de man stie as in eptich skiedsteken de pook dêr't de man mei skeakele, te triljen. Efteryn stiene in pear naaimasines op de bliken boaiem fan de bak te ratteljen. Sa'n masine hiene se thús tafallich ek, swart mei in giel merkje dat op in dûnkerbrún houten plato fêstskroefd siet.
Sa no en dan seach de man flechtich fansiden sûnder wat te sizzen. Hy wie keal op in pear trochskinend tinne hierkes nei dy't in frijwol ûnsichtbere krânse foarmen as ôfskieding tusken de glêde plasse en de sliepen dêr't tsjûke ieren by del rûnen. Fan tichteby wie er noch witer as er fan bûten al like hie. Mei ien hân hold er it stjoer fêst wylst de oare op de knop fan de pook line en meitrille. Heerd koe in gefoel fan wearze net ûnderdrukke doe't er de tsjûke ieren dy't as blauwe kabels oer de hân rûnen, opmurk. Hy hold de knibbels stiif tsjin elkoarren oan, bang dat er yn in bocht of by in ûnferwachte beweging fan de auto de man oanreitsje soe. Foar syn gefoel wie it lytste stjitsje tsjin de pook genôch om yn it majem te bedarjen. Wat seach dy deadskop him trouwens sa no en dan glûpsk oan. Hoe wie it mooglik dat de mins nei Gods byld skepen wie.
In hannelsreizger yn naaimasines, wat in fak. Of soe er der monteur yn wêze? Der leit oars gjin ark efteryn en yn syn bûsen sil er soks ek net hâlde. Dat dy man der net wat op
| |
| |
betocht om it gerattel fan dy naaimasjines tsjin te gean, it is om gek fan te wurden.
Fan fierren wie it knipperjen fan de ljochten al te sjen. Heerd wiisde foar him út, ‘pech’, mear wist er sa gau net te sizzen. ‘Bist hastich soms? Ik wie oars fan doel by de rotonde eefkes in bakje kofje yn it motel te drinken,’ mei skeakele er werom yn in legere fersnelling. In fraksje fan in sekonde, mar wol dúdlik te fielen rekke de han fan de man de side fan Heerd syn knibbel.
Kofjedrinke yn it motel, wêr moat ik it fan betelje, tocht er. Dy man sjocht der ek net bepaald nei út dat er it foar it weijaan hat. Hy ferwachtet fêst dat ik myn eigen kofje betelje, miskien sels wol dat er trakteard wurdt.
‘Ik haw gjin sint by my,’ sei er nei in skoftke. Heerd wie der klear foar dat er aansens as se dochs stopje moasten, útstappe moast.
‘Dat hoecht ek net.’ Eefkes drige de hân yn in swevende beweging tusken de pook en Heerds knibbel, doe nei in koarte swinking nei rjochts wêrby't er op 'en nij by Heerds knibbel lâns striek, pakte er de pook beet en loek dy skean nei ûnderen nei him ta. Op itselde stuit gluorke er út syn each-hoeken fansiden. Heerd die oft er it net murk en seach sa mooglik noch strakker foar him út. Hy fielde him hielendal net mear op syn gemak, woe dat er it oars troffen hie. Hy telde de auto's dy't al stiene te wachtsjen. De rige efter harren waard langer en langer, op moandeitemoarn wie it drok. Wat dat oanbelanget hie er gjin better momint útsykje kind. Elke minút kamen der wol in pear by. Troch yn 'e sydspegel te sjen dy't oan it rjochterportier monteard wie, besocht er fannijs de hiele rige te tellen, mar in grutte fracht-auto mei oanhinger makke it ûnmooglik om krekt út te meitsjen hoefolle lúkse weinen der efter skûl giene.
‘It duorret hjir altyd lang by it kanaal,’ sei de man en seach him einlings ris rjocht yn de eagen. Frjemde gleone eagen, hie dy keardel.
‘Wêr moat de reis hinne?’
Heerd suchte. Dat er hielendal gjin plak fan bestimming hie, koe er min sizze. De man seach him noch altyd skerp oan, wylst er heal oer it stjoer hong mei de holle skean nei Heerd ta. ‘Ik moat nei Swolle,’ sei Heerd, ‘it easten út dus.’
| |
| |
‘Swolle leit nei it suden ta,’ hy gniisde. Oan it pearse toskfleis te sjen dat fier tusken de boppetosken troch nei ûnderen run, hie er boppe in keunstgebyt. Heerd skrok, hoe koe er sa kloatsekeftich wêze, dy fint hie gelyk.
‘Súdeastlik dan, mar ik moat yn alle gefallen nei Swolle ta,’ woe er him der út rêde. Ynienen fielde er de hân en no langer wer by de knibbel lâns gliden. Doe't er seach wie de hân al yn in jasbûse ferdwûn en helle in pakje sigaretten foar it ljocht. De man naam der earst sels ien út en hold it doe Heerd ûnder de noas.
‘Woest net ien opstekke?’
‘Ik smook net,’ andere Heerd koart. De brêge sakke no stadich. ‘Datst net smookst is noch dêr oan ta, mar datst op reis giest sûnder jild yn de bûse en net iens wytst dat Swolle yn it suden leit...,’ de rest hold er foar him. Oan 'e toan wie wol te merken dat er it mei de gek besloech.
Wêrom die dy fint sa frjemd? Wie it net de baas en stap fuortdaalk út? Hy tocht der noch oer nei doe't der al lang gjin mooglikheid mear ta wie, de file hie har yn beweging set. De man ried net hurd, om it hoartsje helle der harren ien yn. It opûnthâld by de brêge hie him der blykber wat praatsker op makke. Sa frege er wat Heerd die en wêrom't er op reis wie. Hoewol't er mei de konstante snelheid dy't se rieden, net mear hoegde te skeakeljen, hold er de rjochterhân geduerich by de knop fan de pook. Sa no en dan liet er dy eefkes los en makke doelleaze swevende beweginkjes as woe er miggen aaie.
‘Ik wurkje by in omke fan my,’ liigde Heerd, ‘hy hat in buorkerij tichteby Swolle.’
De man gie der net op yn, hy hie de eagen heal ticht en like nei te tinken. Of gnyske er no wer? It bleau in hiel hoart stil, troch it monotoane lûd fan de motor hinne wie inkeld it gerattel fan de naaimasines te hearren. Op in stuit begûn de man wiid-weidich mei in finger yn de noas te klauwen. Wat lange hierren krollen as strúskegers ûnder de noaswjukken wei nei bûten.
‘Singer, Uw Keuze’. Soe der no wier oait ien fan sa'n figuer in naaimasine keapje? Dy fint moast hast wol ûnderhâlds-monteur wêze.
‘By de boer, ik moat sizze datst der de hannen wol nei hast,’
| |
| |
klonk it spotsk.
‘Ik haw echte melkershannen,’ andere Heerd beret, ‘dy binne net grou.’
Yn 'e fierte fjouweren in pear fryske hynders yn in stik lân. It wie in prachtich gesicht. Heerd murk dat de man der ek nei seach.
‘In moai gesicht sokke hynders,’ besocht er net botte orizjineel de brodzige stilte dy't no al wer in skoftke tusken harren yn hongen hie, te trochbrekken. De man andere net. Hy like ynienen net mear prate te wollen. Op trije pôlen dêr't fredich wat skiep op weiden stiene likefolle wynmûnen op in rychje. It wie in plaatsje út de midsieuwen allyk. Krekt doe't er de man der op attint meitsje woe, fielde er it wer, no folle dúdliker as dêrfoar. Dochs doarst er him amper te ferroeren.
‘Hast him wol ris yn dyn hoal hân?’
Heerd seach him ûnbegripend oan, hy wie der net wis fan oft er de fraach wol goed ferstien hie. De man wachte syn andert net ôf. ‘Ik wol,’ ferfette er, ‘wat se mei my net allegearre útheefd hawwe. As jonkje al krige ik der sokke yn.’ Mei beide hannen makke er in beweging sadat er it stjoer eefkes loslitte moast. ‘Earst die it ferskuorrende sear, mar letter woe ik se net mear oars.’ Efter harren begûn fûleindich in auto te toeterjen. Se rieden foar in rykswei fierstente stadich.
‘As boerearbeider silst it wol regelmjittich sjen,’ begûn er wer, ‘hynsten dy't merjes bespringe en bollen dy't it by kij dogge, mar fral hynders, it binne krekt fytspompen. Dêr soest it by minsken mei ferlykje...’
‘Wat wolle jo?’
Sa gleon en glandich as de eagen fan de man stiene, sa spatten dy fan him fjoer fanwege in ynienen oplôgjende lulkens. De man seach him oan en skrok merkber, mei de hân makke er in delbêdzjende beweging boppe it stjoertsjil.
‘Reitsje my net wér oan mei dy rotklau. Lit my der út.’ Krekt om't er ynwindich deabenaud wie, swypke de situaasje him op sadat er dwers troch alles hinne rekke. Noch krekt koe er him ynhâlde om de man net in klap foar de harsens te ferkeapjen. De kâns wie te grut dat se fan 'e dyk rekken en dan soe er himsels faaks noch mear te pakken hawwe as de fint neist him. It duorre eefkes foar't de man beskie joech, in momint
| |
| |
dêr't de ûnwissens al yn begûn te gnabjen. Wat hie dy fint yn de bouten, miskien hie er wol in mes by him.
‘Al soe ik it wolle, mar hjir mei ik perfoarst net hâlde,’ mei seach er skril fansiden nei Heerd dy't stoersk foar him út stoarre. Der wiene hjir yndie gjin parkearplakken, ien dy't út de broek woe moast it ophâlde of in syddykje ynslaan. By de rotonde moast er der út, dy fint koe barste mei syn kofje. Grutte giele tosken riisden as in wâld fan stommels en stronken foar him op, de kop fan de man neist him dûnse der tusken troch. Ynienen sweefde in deadskop tusken de rutewiskers en bleau mar boppe de motorkap hingjen. Heerd seach nei ûnderen, besocht it freeslike byld kwyt te reitsjen, mar ynstee dêrfan flodderen yn 'e mûle fan de deadskop tusken de gieltoskige stobben swarte wjukken dy't eefkes klapwjukken ear't se ferfloeiden yn it kateftige lichem fan de roekkat. ‘Wêrom fersetst dy no'st de kâns hast om mei ien fan myn hantlangers yn 'e kunde te kommen. Sjochst dan net dat dizze man hielendal by my heart? Miskien bin ik it sels wol mei klean oan en in sigaret yn de mûle om dy te ferrifeljen. Doar ris wat en lit komme wat komt. Merkst net hoe gleon er op dy is. Elke kear dat er dyn knibbel aaiket, sjit de sek him fol. Tink mar oan it oanbidige ding dat de hynst fan Runia ûnder de bealch bongelet en dêrst alle kearen wer ast de kâns hast fol bewûndering nei stiest te sjen. Glydt dat yn 'e kûnt fan in merje of net? Jonge en âlde hynsten moatte net lulk op elkoar wurde. 't Is ûnbegryplik datst dy opwynst en sa poerrazend wurdst. Wat hat de man dy no op it lêst noch misdien. Iens...’
Heerd murk it net doe't de man de rotonde opried. De stim lokke him mei sadat er alles om him hinne fergeat. Dat de man him meunstere doe't se it motel dat deun tsjin de rotonde oanstie, foarby rieden, hie er net yn 'e gaten. Doe't de man mei nochal wat risiko in frachtauto ynhelje woe, skodde it knipperjen fan de koplampen fan in tsjinlizzer him út syn gemimer wekker. Mei krong it ta him troch dat er sokssawat as in rotonde sjoen hie.
‘Ik wol der út,’ sei er, mei de platte hân joech er in klap op it dashboard.
‘Sa gau as it kin,’ andere de man, ‘sjochsto in parkearplak hjirre?’ Der klonk wat triomfanteliks yn syn lûd troch. It lûd
| |
| |
hie wol wat fan de stim dy't him niis noch tasprutsen hie.
‘Sa gau as it kin stopje jo, oars...,’ hy wifke.
‘Wat oars?’ De man seach him hifkjend oan, oerwinning en belies spilen yn syn oplutsen eachbrauwen troch inoar.
‘Jo hiene it oer kofjedrinken.’
‘Dat hie moai kind, mar do woest der út.’
‘Dy rotonde hawwe wy dus al hân,’ hy wie der wol hast wis fan dat se dêr foarby riden wiene.
‘Hasto in rotonde sjoen dan?’
Heerd swijde, hy woe net de kâns rinne dat dy man tocht dat er gek wie, faaks hie er it dreamd. Dochs wie it singelier dat der mar noait in mooglikheid kaam om te stopjen. De man begûn wer hurder te riden. De motor gûlde der fan, efteryn roffelen de naaimasines op de bliken bak in mars. Wat mankearre dy fint om de sokken der sa yn te setten? Hy gluorke no ek net mear fansiden, gjin hân dy't noch in ommelânske reis nei de pook makke of boppe syn knibbel sweefde.
De hannen omklammen it stjoertsjil en hy stoarre ferwoeden foar him út as waard er fan efteren ta dizze deaderit opjage. De motor moast fier boppe syn toeretal draaie sjoen it ferskuorrende lûd dat langer fan ûnder de motorkap wei ta harren trochkrong. Einlings seach Heerd in boerd mei in P, twa km stie der ûnder.
‘Noch twa kilometer, dan moat ik der út.’
‘Noch twa kilometer,’ murmele de man sêft foar him út. Nei dy lêste wurden like er ynienen as in plompudding yn inoar te sakjen. De foet glied fan it gaspedaal op it kokosmatsje, mei in koarte beweging fan 'e hân joech er de pook in tikje nei foaren sûnder te debraillearjen. Hy moast de auto no yn de frij hawwe, de feart mindere, it lûd fan de motor waard wer gewoan. De sydstripe dy't nei de parkearromte late, kaam einlings yn sicht. In regelmjittich tikjen fan de rjochting-oanwizer wie it teken dat de man yndie fan doel wie fan de dyk ôf te gean. Stadich swonk de auto nei rjochts en hold. De man sei neat, hy hold de rjochterearm en hân omheech as in ober mei in tsjinstblêd, as in gebeart fan ien dy't it ek net helpe kin.
Sûnder wat te sizzen, stapte Heerd út en klapte de doar fûl efter him ticht. Op itselde stuit wie de auto al wer yn beweging.
| |
| |
‘Singer, Uw Keuze’, dy wurden barnden mei't se wer oan him foarby glieden noch in skoft op syn netflues nei. Noch krekt seach er de remljochten as in lêste groet read opgloeien, doe ûntloek in grutte frachtwein it bestelweintsje oan it gesicht.
Hy tocht der net oer nei, mar stiek daalk de dyk oer. It duorre in moai skoft foar't der in frachtwein stoppe dy't him meinaam. De sjauffeur like yn neat op dy fan de hinnereis. Hy wie sa gelokkich dat er yn ien rit te plak kaam. Doe't er de fyts fan it slot die, wie it by tolven, lyts trije oeren hie de reis duorre. As er no kalm oan nei hûs fytste, soene alteast de Feenstra's der neat fan yn 'e gaten hawwe dat er fan 'e moarn net op skoalle west hie.
Noch ienkear rûn er mei de fyts oan de hân by de kûle lâns. De tas hie der noch krekt sa by lein as er him efterlitten hie. De loarten wiene besiedde mei maitsen dy't oer en yn inoar wimelen. Dat brune protsje like in planeet op himsels, wêr't dy bisten hoe lyts se ek wiene sa gau weikamen, de ierde moast fan maitsen ferjûn wêze.
Soene se der fan ite of fermakken se harren inkeld yn dizze foar harren brúnweake boarterstún? Yn dat gefal moast dit sodzige moaras dêr't se yn ferdwûnen en út opdûkten wol in paradys wêze. Gedachteleas sette er de fyts tsjin in bjirkje en gie der by sitten wylst er de eagen net fan de bolus ôfhold. Flymskerp stie him ynienen it hiele trelit doe't er op 'e stoepe yn it hôf fan de Runia-pleats mooglik in noch gruttere poarsje delflijd hie, klear foar de geast.
Moai op 'e tiid skode er nei de wenstige begroetings oan tafel. Uterlik wiisde neat der op dat er net út skoalle kaam. Hy besocht der sa min mooglik oan te tinken, mar doe't ynienen yn ien fan de swier sulveren opskepleppels de eagen fan de ûnderhâldsmonteur blonken, slagge it net mear. Wêrom dochs hjitfolgen him erflik de eagen fan minsken dy't er soms amper meimakke hie en fergeat er de dingen dy't er ûnthâlde woe? Sels syn eigen eagen koene him as er him sels yn in spegel oanseach, bangmeitsje.
De middeis gie yn 't earstoan alles syn gewoane gong. De liftreis like in dream. Der wie ek gjinien dy't frege wêrom't er
| |
| |
de moarns net op skoalle west hie. De repetysje fan Hellema hie trouwens net sa slim west, sei Sieds. Earst ûnder de les fan Po Kop dwaalden syn gedachten wer ôf en siet er te sûzeboljen boppe in boek fan Van Schendel. Dizenige bylden fan foarhinne mongen har mei wat der dy moarns bard wie. Yn 'e bestelwein lei tusken de naaimasines in útskobere angel. De sjauffeur ferfloeide mei in persoan dy't in ko in helter om 'e kop dwaan woe. Of wie it in geit? Nee, it wie in kowekop, mar dan ien mei in sik, of wie it in burd? In ko mei in ringburd... Heerd gniisde. ‘Hissema.’
Hy siet yn ien kear rjochtop yn 'e bank. Alle eagen wiene op him rjochte. Hie er echt sliept of allinne mar sûze?
‘Hissema mient seker dat de wrâld echt in dûnsfeest is.’ Kop seach him giel en muf oan, hy suchte djip as koe er elk momint beswime ûnder it ûnmjitlike lijen dat him foar syn oangesicht yn al dy banken útstald hie. Kop sei net gau wat, meast liet er elk wol yn syn wêzen. De ferwûndering wie dan ek fan de measte gesichten ôf te lêzen, somliken stjitten elkoar oan en begûnen te mûskopjen. It slagge Kop om oerein te kommen en in pear stappen te dwaan.
‘Wêrom is Hissema net by de les?’
Hy soe jin noait by de foarnamme neame. Hoe mear distânsje, hoe minder drokte, wie ien fan syn biedwurden op it mêd fan it gemak dat er him ta in ôfgod makke hie. Kop soe der ek net gau ien útstjoere om't er it risiko fan in middei surveillânse net rinne woe. Dy wittenskip makke Heerd der dryster op.
‘Menear Kop,’ sei er rêstich, ‘jo moatte net seure.’
Ynienen koe men in spjelde fallen hearre. Yn 'e holle fan Kop loeken tearen, hy die noch in stapke skean nei foaren en bûgde justjes foaroer, it boek fan Van Schendel hold er as in tennisracket yn 'e hân.
‘Seure,’ frege er, ‘hiesto it oer seuren?’ De stilte dy't op dy wurden folge, suggerearre dat er yndie miende syn earen net leauwe te meien. Heerd siet ûnderwilens noch steiler yn 'e bank. De ferbjustering fan Kop joech him ynienen in gefoel fan macht. Dêrnjonken ûntgiene him de bewûnderjende blikken fan syn klasgenoaten net. It makke dat er foar it momint syn oanberne eangst en benaudens oermânsk wie.
‘Wêrom soe ik der net ris krekt sa by hingje as jo plichtsje te
| |
| |
dwaan?’
Der rûtste, mei't Kop in eigenaardige readige kleur om 'e noas krige, in giisgobjend gestomp fan earmtakken troch de klasse. Kop stie wierskynlik foar it earst yn syn libben rjochtop foar de klasse, it swarte boerd foarme ynienen in driigjende eftergrûn. ‘a × a = a2-’, de foarige oere wie hjir blykber wiskunde jûn. De sifers leine as epauletten op syn skouders.
‘Der út Hissema,’ danksij de brede naden tusken syn foar-tosken size dat lêste wurd troch it lokaal. Mei rûn er werom nei syn plak en siigde del. Sûnder ôf te wachtsjen joech er ien de beurt om fierder te lêzen. Behalven dy fan de lêzer en fan Kop bleaune alle eagen op Heerd rjochte. Hy hie de earms oer elkoar slein, wylst er sabeare achteleas op in potlead biet. Doe't nei in skofte dúdlik waard dat Heerd gjin risselwaasje makke om it befel op te folgjen, seach Kop in pear kear flechtich Heerds kant út en nei't ek dat gjin fertuten die, begûn er senuweftich mei de knokkels fan de rjochterhân op it taffeltsje te slaan. Ynienen seagen se elkoar oan, lang en ynkringend sûnder dat de iene foar de oare de eagen del-sloech. De fûle, grutte en dûnkere eagen fan Heerd liken mei gemak de wetterige grizens fan dy fan Kop treast te wêzen. It lêzen wie al lang opholden, dit frjemde en ûnferwachte konflikt dêr't gjin wurd mear by sein waard, magnetisearre alles en elkenien.
De kleuren giene Kop op en ôf, syn lippen ferweegden sûnder dat der lûd kaam. In tas dy't earne mei in protte kabaal fan in bank foel, bliek it sinjaal om de stilte te trochbrekken.
‘Do der út of ik der út. Dat lêste betsjut datst fan skoalle stjoerd wurdst.’
Heerd wist it, de gefolgen fan syn sitten bliuwen spoeken him ynienen danich troch de holle. Waard it net tiid om te besykjen it op in akkoartsje te goaien?
‘Kinne wy der nei ôfrin fan de les net eefkes oer prate, menear Kop,’ sei er mei in souvereine kalmte. Kop liet net blike oft er op dit útstel yngean woe.
‘As ik dy hjit om der út te gean, dan hearsto soks te dwaan,’ sei er sa sêft en stadich dat Heerd der út opmakke dat er sitten bliuwe koe. Mei joech Kop deselde jonge dy't lies opdracht om fierder te gean.
| |
| |
Heerd die no gewoan mei, uterlik siet er der sa ûntspannen by dat it der in protte fan wei hie dat it hiele trelit fan niis bûten him om gongen wie.
It petear mei Kop nei ôfrin fan de les ferrûn reedlik. Kop hong fan de weromstuit wat minder as gewoanlik al line er likegoed mei de rjochterearmtakke op it taffeltsje. Fan lulkens of oare emoasjes wie neat te merkbiten. Kleur en útdrukking fan it gesicht wiene wer sadanich dat it like dat er krekt fiif menuten lyn fan 't bêd ôf wie. Einlings is dy kop in reusachtige noaskoarste, tocht Heerd en sloech de eagen del.
‘Dyn hâlding fan fan 'e middei kin der fansels út noch yn net op troch.’ Gappe er no? Heerd koe it net opbringe en sjoch him oan. Hy hie him foarnommen om lytsman te wêzen al koe er dy keardel ynwindich wol deadwaan.
‘Ik bied myn ûntskuldigingen oan,’ andere Heerd ienfâldich en sa dimmen mooglik. Der klonk in djip suchtsjen en nochris sûnder dat der fierder in reaksje kaam. Earst doe't er opseach, murk er dat Kop him glêzich oanstoarre wylst er him mei de hân dêr't er mei de holle losjes tsjinoan line geduerich de holle klaude. It bleau skoften stil en al dy tiid hie Heerd it gefoel dat der in mummy foar him oer siet. Einlings kaam der lûd.
‘Yn kombinaasje mei in strafopstel oer Arthur van Schendel fyn ik dyn ûntskuldiging foldwaande.’ En nei wer in skoftke fan djip stilswijen: ‘Lit ús dit fierder mar rêste litte. Ik gean der fan út dat it net wer bart.’
Sûnder noch wat te sizzen, draaide er him om en graaide twa repetysjefellen út in laadsje. Doe skreau er in bryfke dat Heerd mar oan de kollega fan wa't er no les hie jaan moast. Mei't er Heerd de papieren oerlange, joech er in knikje yn 'e rjochting fan 'e doar dêr't dat hiele skoft in klasse mei in protte kabaal foar stien hie te wachtsjen. Hoewol't er der in protte oanstriid ta hie, doarst Heerd it bryfke dat Kop him meijûn hie, net iepen te tearen en te lêzen. Hy wachte ferduldich oant de learaar it út hie. Dy lies it wer en wer. Der loek him in glimke om 'e mûle doe't er Heerd hjitte syn plak mar gau op te sykjen.
|
|