De roekkat
(1986)–G. Willem Abma– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 103]
| |
wie (twa meter en âlve sentimeter). Hoewol't er út Grinslân kaam, wie er sa swart as in Sieu, yn in skier ferline oerwûn fan in Spanjoal, mar wêze kin. Under syn lessen mocht der neat sein wurde, sels flústerjen wie ferbean. Behalven by fingeropstekken, dan wie der kâns dat Hellema ien it wurd joech. Heerd die tige syn bêst op Frânsk, helle goede sifers en harke roerleas nei wat Hellema sei. Hoewol't er noch noait in mis wurd fan de man hân hie, hie er dochs in pear kear sa eangstich oer him dreamd dat er wiet fan swit wekker wurden wie. Doe't Hellema dy't er yn de twadde en tredde klasse net hân hie, him yn de fjirde in beurt joech dy't ûngelokkich útfoel, en him samar ynienen ien fan Afke's tiental neamde, sloech syn bedutsen eangst yn in fûle lulkens om. Afke's tiental, hoe wist dy fint dat se thús mei har tsienen wiene? Dit wie gjin tafal; as er dit sa sei, moast er op 'e hichte wêze mei de situaasje. Heerd skamme him djip foar de oaren oer dy't allegearre út húshâldings kamen mei twa of trije bern en fielde him folslein belachlik makke. Koe hy it helpe dat er sa stomme senuweftich wie as er in mûnlinge beurt krige? It alderleafst soe er him hielendal stil hâlde. By wat guodliker leararen die er dat soms ek al fielde er de eagen fan elkenien yn him prykjen, mar by Hellema hie er it net oandoard en sis deabedaard neat. Hy wie heal yn 'e sûs en woe wol troch de grûn sinke. Wat er andere wie op goed gelok en sloech bytiden dan ek as in tange op in baarch. Hellema wie der de man net nei en haw each foar wat der yn in bern omgean kin. Noch krekt skeat him yn 't sin dat der yndertiid om konsideraasje mei Heerd Hissema frege wie. Mar de argewaasje oer wat hy foar dwersens oanseach, wie grutter. Dy jonge koe better, sa healwiis as er no fanwegen kaam: ‘ien fan Afke's tiental’, it rûgele der út foar 't er der erch yn hie. Dat Hellema regelmjittich in oarenien geweken naam, tocht Heerd op dat stuit net oan. Hoe húnjend hie dy man dy wurden útsprutsen. ‘Il nous faut tous mourir un jour ou l'autre, camarade, pour-quoi avez-vous peur?’ gie Hellema fierder tsjin ien in hiel ein by Heerd út 'e buert. In panyske spanning ferstive alles oan syn lichem, syn eagen, altyd al grut en dûnker, stiene as kûgels dy't elk momint út de kassen ôffjurre wurde koene om | |
[pagina 104]
| |
de fijân foar harren oer te fermoarzeljen. Allegear seagen se nei it stal dat stadich tusken de banken omheech riisde. Gjinien lake of gibele, der gie wat beëangstigjends út fan de manear dêr't er dêr op stie. Waard einlings befêstige wat de measten al jierren ûnbewust oanfielden? Wie Heerd Hissema oars as sy? Hy wie ien fan harren en stie der dochs ek bûten. Hellema wie ferbjustere, yn 'e earste opslach skrok ek hy, it like wrachtich wol dat dy jonge him elk momint oer de banken hinne oanfleane koe. Mar doe't Heerd roerleas stean bleau, hie er him sels al gau wer yn 'e macht. Hy gie oerein en seach dûnkerder as ea. ‘Der út,’ grânzge er en wiisde nei de doar. Mar no't it der op oankaam, wie Heerd hielendal net bang. Krekt oarsom, hy hope ynwindich dat de man him taaste soe, sadat er... ien fan beiden soe belies jaan moatte en der oan gean. Noch ferwoedener boarren Heerds eagen harren yn de dûnkere koallen fan Hellema. ‘Der út,’ boldere dy no sa lûd dat syn stim der fan oersloech. Heerd bleau stean sa't er stie, ree om op it momint dat de man him oanrekke, ferwoastgjend fan him ôf te slaan. Hellema like sterker as er wie, hy hie lêst fan de mage. Alle moarnen naam Geart Kleefstra in mingel kowemolke foar him mei. Dat wist de hiele skoalle. De njoggen op Frânsk fan Geart wie fan molke. Neigeraden Hellema lûder raasde, fielde Heerd him sterker wurden. It wie oft de man dêrmei syn wenstich oerwicht oan Heerd ferspile, sa as trouwens faker wurden it ferlieze fan swijen. Wat Hellema der net wisser op makke, wiene twa fûsten en twa eagen dy't fjoer spatten en dêr tuskenyn in roerleas lichem dat in bytsje foaroer as wifke it tusken oanfal en ferdigening heal neist de bank stie. Doe't ek nei de tredde kear Heerd stokstiif stean bleau, siigde Hellema del op syn stoel efter de lessenaar en stiek in sigaret op. Hy wie te grutsk om der wurk fan te meitsjen. Noch nea hie er der ien útstjoere hoegd. It betsjutte safolle as in nederlaach as de rektor mei him oer in learling dy't er net oankoe oerlizze moast. Tenei soene him ditsoarte fan opmerkings besparre bliuwe, miende Heerd wis. Foar de klasse wie er nei dit trelit suver eefkes in held wurden. Somlike learlingen seagen him mei wat fan ûntsach nei, oaren gruten dat er freeslik sterk wie as er ienkear dwers | |
[pagina 105]
| |
troch alles hinne wie. Mar it respekt dat se foar him hiene, sette him ek apart. En de eangst dy't de measten fan syn klasgenoaten dochs ek ynwindich foar him fielden, makke dat er tenei noch mear as in ienling tusken harren yn stie. |
|