| |
7.
Al like it oars, Heerd wie op de middelskoalle net minder ienlik as er op de legere skoalle west hie. Dochs wie er der op beide skoallen net echt oer. Oaren sûnderen har ek net sa sear fan him ôf, it wie earder oarsom. It feit dat er neat sei, wie dêr op de legere skoalle wol it dúdlikste teken fan, mar op de middelskoalle wie der net sa'n dúdlike ferwizing nei in mei willemoed sykjen fan it isolemint. Yn it skoft en yn oeren dy't troch sykte fan in learaar útfoelen prate er wolris mei syn klasgenoaten, mar tagelyk sleat er him ôf foar mooglike freonskippen. En wat der echt yn him omgie, liet er sa min mooglik skine. Dat hie fangefolgen dat de omgong mei Sieds mei wa't er yn it earstoan noch al ris oploek, stadichoan minder waard. Dat syn klasgenoaten om syn sifers by him opseagen, woech hieltyd minder op tsjin it feit dat se net wisten wat se oan him hiene. Miskien wiene se efterhaldender foar him oer wurden om't it riedseleftige fan syn eagen
| |
| |
har allinken oer syn hiele hâlden en dragen fersprate.
Krekt as yn de earste en de twadde klasse wie er ek yn it tredde learjier wer de heechste fan de klasse. Mar folle mear noch as yn de earste twa jierren waard dit tredde jier ien fan bedutsen oergong en feroaring. Noch noait hie er him sa ferholden, hie de kleau tusken wat er fielde en woe én wat er nei bûten ta die, sa djip west. Der lôge lulkens om fan alles en noch wat, mar wat dêr fan op oaren oer kaam, wie in toanbyld fan behearsking. Hoe wie it mooglik dat nettsjinsteande dy pinigjende grimmitigens dy't him bytiden yn in ferdôving dompele, de harsens noch sa klear de learstof ferwurken en opnamen? It ynsjoch, nedich om wiskunde te begripen like net te lijen ûnder al datjinge wat him geduerich út it lykwicht helje woe. Op de dei ôf dat er sechtjin waard, gie er oer nei de fjirde mei de heechste sifers. Doe't de klasselearaar him it rapport oerlange en der in wurdmennich oan wijde, wist er ynienen wis dat it it nije kursusjier oars wêze soe: net langer soe er it opbringe de heechste te wêzen. Wylst de learaar mar prate, tocht er oan de Feenstra's by wa't er him hieltyd mear op syn keammerke ôfsûndere.
Dy man syn ferhalen kamen by eintsjebeslút altyd op itselde del, hy makke deselde grappen, en dan de manear sa't sy der op yn gie. Faak fielde er oanstriid om te flechtsjen, mar wêr moast er hinne? Sokke plannen koe er him better foar iens en altyd út de holle sette.
De klasselearaar hie it al lang net mear tsjin him. Hy seach mar ris wat om him hinne, op dit stuit mocht om him de wrâld, hysels ynbegrepen, stjerre. Moai dat er oergongen wie, mar wat bespûn er der mei? Alles gie gewoan troch, hy moast der net oan tinke noch in hiel libben mei te moatten. Der moasten ris dingen barre dy't opfoelen en feroaring brochten, dingen dêr't aventoer oan siet. Oarloch, dat soe moai wêze.
Op syn jierdei wie er by de Feenstra's. Hy krige fan beide in hân en in lokwinsk en mocht sizze hokfoar griente dy middeis iten waard. Fan thús hearde er neat, hy hie net oars ferwachte, jierdagen waard thús frijwol gjin omtinken oan jûn, men waard der ommers by gepaald dat men ûnderweis wie nei de ein en wie ornaris sa optimistysk net dat men jin dan automatysk feilich yn Jezus earmen waande, it sûndebesef wie dat fan de genede oermânsk, alteast by de measten. Heerd sels
| |
| |
spoeke dy deis wer fan alles troch de holle: frou Dolmer, Wesselius, de roekkat dy't er hast net by him weihâlde koe, en Laas en Jiltsje dy't net iens wisten wannear't it presys syn jierdei wie.
Oer in wike begûn de grutte fakânsje en soe er by Wesselius oan it wurk wêze. It measte hea wie no wol binnen, reakken en opers seach men hast net mear, mar rûnom wiene de goudgiele stealen yn it jonge nijgers noch te sjen.
Dy jûn gie er op de wenstige tiid op bêd. Sechtjin jier, de fjirde klasse fan de seis dy't it gymnasium telde. Hy wie op de helte. As der oait wat feroarje soe yn syn libben, moast it dit jier wêze. Wa koe him tsjinhâlde? Allinne dy gedachte wûn him al op. Hy hie it sels yn de hân om yn dit, syn eigen freeslike ientoaninge rotlibben in ommekear teweech te bringen. Hoe, koe er net betinke.
Jehannes Wesselius dy't mei syn wiif Stientsje, op in spultsje oan 'e ein fan it doarp wenne, wie in aparte figuer. Hy wie senuweftich en dêrtroch drok as gjinien sadat de measte minsken him mijden. Der wie neat oan om by Jehannes oan tafel te sitten, men kaam noait oan it wurd mar waard der ta twongen in net te ûnderbrekken wurdestream dêr't gjin grapke of djipsinnichheid yn siet, oan te hearren. Jehannes wie yn ien wurd in eamelsmots dy't yn syn eigen wurden fersloech. Hielendal gek wie er trouwens net: hy hie de eigenaardige eigenskip dat er de tekst dêr't nei oanlieding fan in dûmny preke, syn libbenlang ûnthold. Der moatte him mear as tûzen teksten yn 'e holle sitten hawwe. Der wiene trouwens mear minsken, by wa't in dreech en steech kalvinisme fan ieuwen swier besonken lei, dy't alles wat se oan ûnthâld en yntelli-ginsje hiene, yn tsjinst liken te stellen fan God, bibel en preken. En wist Bûntsje van der Plank bygelyks net alles fan it hiele hâlden en dragen fan dûmnys dy't er meimakke hie? By Jehannes hie sels it fee der ûnder te lijen, op snein skate er de hoannen fan de hinnen en oft dizze tipelsinnigens him ek útwreide ta syn frou, wist, behalven sy sels, gjin mins, mar bern wiene der net. De tsien kij dy't er altyd op 'e kop ôf hie, wiene sa mankundich dat in oar der neat mei wurde koe, al die er noch sa de meneuvels fan Jehannes nei: raze en wyld gebeartsje. Paste in ko har oan, in hynder koe net oan him
| |
| |
wenne, it bleau stean as it rinne moast en it rûn as it stilstean moast. Jehannes makke it der wol nei, hy mjukse ‘fuort’ en ‘ho’ troch elkoar, noch mear as tsjin minsken bedoelde er it tsjin hynders altyd oars as er it sei. Gjin hynder dat op 'en doer net by him op 'e rin sloech. Hy hold geduerich de hynstekeapman foar him yn it spier om in hapke dat sa mak as in laam wie.
Oft Heerd en Jehannes wat fan elkoar hiene, soene miskien dy tsien kij as se prate koene, útslútsel oer jaan, want it wie doch singelier dat hy de iennige wie dy't se op twa nei allegear melke koe. Twa jier ferlyn hie er him dy feardichheid yn in eachwink ûnder wat dan noch de kalmste ko fan Wesselius wie, eigen makke. Nei in pear wiken molk er al like hurd as de boer sels en in hoart letter moast er him ynhâlde om Wesselius net foarby te speetsjen. Op bjuster-baarlike wize naam er de gewoanten fan Jehannes oer, de meast skrille gjalpen snijden de jister troch en sa rekke er ferweve yn it patroan dêr't boer en kij mei op elkoarren reagearren. Hoe wichtich de snein foar Jehannes wie, die bliken út it feit dat er miende dat ek syn bisten dizze by-sûndere dei hilligen.
‘Sneins binne se nofliker as troch de wike,’ sei er, as der wer ris in ko mei de poat yn de amer siet. Neffens him bêde de dei des Hearen minske en bist del, waaiden de preken dwers troch de tsjerkeruten hinne yn dy swarte altyd spitste earen en lei God sels mei Syn ûnsichtbere han de lêste knoop yn it spantou dat hy se om de poaten die. Mar ek it lytse beslach fan Jehannes waard gauris besocht. In pear jier ferlyn bygelyks doe't it gers ûnder swiere loften ta de grûn út brûze en Jehannes de kij samar it geile nijgers yn jage. Se ferfrieten har op slach en waarden blastich en dwyl sadat se spuite wurde moasten fan in feedokter. ‘Allegearre kopsiik,’ hie dy sein. Stientsje wie der min oer te sprekken en ferwiet him dat in boer dy't syn bisten sûnder nei te tinken mei sok waar yn slim geil gers jage, foar de tiid al de krupsje hie dy't syn bisten krigen.
Yn dyselde snuorje rekke Heerd mei in ko yn de feart. Miskien is it wier sa't somliken ha wolle dat as der dagen oanien swiere loften brodzich hingje sûnder dat it ek mar ienkear tongeret en wjerljochtet, en kij gek wurde fan geil gers,
| |
| |
minsken sûnder dat se it uterje likegoed in foarm fan kopsykte hawwe. Heerd wie alteast alhiel fan'e wize doe't er mei ien fan de twa ‘rotkij’ dy't har noait krije litte woene in gefjocht op libben en dea levere. Oan it koekje dat er har ûnder de noas holden hie, woe se wol blaaie, mar it woe him net slagje en strûp it dier it helter dêr't er har oan de hikke mei fêstmeitsje wold hie, oer de kop. Alle trije koekjes hie se him ûntfytmanne sûnder dat se fierders in grevel meiwurke. Yn dy flitsende taast dy't er nei de hoarnen die socht syn lôgjen-de lulkens in útwei doe't de ko foar de fjirde kear krekt op 'e tiid de snút weromloek. Woest gie de kop omheech, faaks giene de soppen fan it geile gers it bist troch de lea en skaten se gleone wyldseauwigens yn de harsens ôf. Heerd fearre mei omheech, in fraksje fan in sekonde wie er los fan de grûn, doe hold er de kop al sa dat de snût heal omheech stie. Wite skomflokken út de ferheftich snuvende noastergatten fan de ko fleagen him yn it gesicht en swypken him sa op dat er blyn de holle foaroerbûgde en it dier de tosken yn de rêch fan de hals sette. As in slang rôle er him om de hals fan it dier hinne, woe him smoare en deabite tagelyk nei't it like. Lyk as de ko hie er gjin weet mear fan wat der om him hinne barde. Mei ko en al rekke er yn de ûnderwâl wêrnei't er trochdat er de kop ynienen fûl fansiden skuorde it bist krekt safolle út it lykwicht brocht dat hy en ko oer de side de feart yn tûmelen. Jehannes raasde sa lûd dat der fan fier en hein minsken op ôf kamen. De measten wiene oan syn lûd wend, mar der trille no wat trochhinne dat sy net weromkoene. Heerd stie oan de mul ta yn de sleat wylst de ko op de side lei. Noch altyd hie er de hoarnen fêst, al sloech it bist ferwoeden mei de kop. ‘Lit him dochs los,’ rôp ien, oare stimmen joegen har der by. Earms besochten him op de wâl te lûken, mar hy wykte nei efteren. Mei de lofterhân loek er de rjochterhoarn heger wylst er mei de rjochterhân de lofterhoarn nei efteren treau, de knibbel sette er tsjin de lange kowetsjeak en holp sa de bewegings fan de hannen.
Dit trelit wie him noch net út it sin doe't er ûnderweis nei hûs en amper bûten de stêd, Stientsje op 'e fyts tsjinkaam. Dy wie in ein út de reek fan it doarp. It foel him ta dat se fytse koe. Der waard grute dat Stientsje mei de helm op berne wie. Se
| |
| |
rûn kwels, har lofter skonk wie koarter as de oare en boppedat folle tinner. En dat lêste die it him. Bûntsje van der Plank hie him in kear it sechje ûntfalle litten: ‘in tinne en in lamme skonk hâlde de duvel by honk.’ Wa't wist wêr't it op sloech, mocht it sizze, mar it gefolch fan sokke praatsjes wie wol dat de rabberij oanboaze. Ien en oar waard noch slimmer troch it feit dat der gjin bern wiene. As gau it it âlde Israël sels, sa waard der oan neiteam, benammen manlik, hechte. Wa't gjin bern hiene, wiene troch God heechst persoanlik straft, want wat koe der oars efter soks sitte as dat der noch in âlde skuld út de dagen fan de jonkheid te fereffenjen foel? Of die ien dingen yn it ferburgene dêr't gjin mins fan wist, mar de Almachtige namstemear sadat er alle wandiedigens wreke troch skerten toar te meitsjen en sie ûnfruchtber? De measte manlju seagen der dan ek gjin kwea yn om de fruchtberens foar it houlik al út te prebearjen en pas te trouwen as de faam swier wie. Gjin bern, in nuvere skonk, en in bek as in skearmes, want Stientsje hie de mûle op it goede plak en it ferstân net minder. Jehannes en Stientsje pasten winliken hielendal net by elkoar, mar, nei't it sizzen wie, hie de iene de oare skewield: hy har mei de skonk, sy him mei syn tipelsinnigens. Heerd knikte har ta, se seach strak en heech foar har út en draaide de holle net fansiden. Hie se him net sjoen of woe se him net sjen?
Hy hie doch sa faak in hantaast foar har dien en seker foar Jehannes. Wêrom soe se sa nuver foar har útsjoen hawwe? Hiene se him einliks noch wol ris frege foar in putsje sûnt it trelit mei de ko? Doe't er in jier tebek te dongriden soe, wie it ynienen ek samar ôfsein. Soene se lulk wêze? Doe hie it harren oars beide om him begrutte. Hy wie noch yn in skjinne seilbokse en in blaubaitsje fan Jehannes nei hûs rûn, de wiete klean ûnder de earm. Noch hearde er har sizzen: ‘Watst fêst haste, litst net los he'n?’ Se hie him hifkjend mar ek wol mei eat fan bewûndering oansjoen. En no koe se him net mear. It slagge him net en reitsje it wite strakke gesicht fan Stientsje kwyt. Der waard grute dat der in protte jild siet, beide kamen fan in smoarrike famylje. Al buorke Jehannes noch sa efterút, it koe net op. Se bewarren it fêst op de sliepkeamer. Ynienen seach er, mei de earmtakken op it stjoer hingjend, amers fol jild yn de kasten tusken de klean en ûnder it bêd stean. Hy
| |
| |
fielde him lyk as wol faker as er by de Feenstra's wei nei hûs fytste en einliks net wist wat er ferkieze moast: de stêd of it doarp, syn keamer by de Feenstra's of it keammerke thús, frou Feenstra of de mem. Wêrom barde der dochs neat dat syn libben yn ien klap feroare en moai makke? Wêrom die God neat? Och God. It wie al sa lang ferlyn, mar namste skerper leine de kontoeren yn it ûnthâld: hoe fergees hie de reis nei de poel west? En God hie it net goedmakke troch ris by te skikken op in stoel. Dy wie altyd de doar út, soe Him nea sjen litte. ‘Sûnder, sûnder,’ boldere dûmny Van Ginkel dwers troch de draaiende speaken en it grimmitige antlit fan Stientsje hinne. Wêrom soe er eins net ris by harren yn 'e hûs sjen as er aansens de tsjerkehoeke opdraaide? It wie melkerstiid en Fonger rekkene hjoed net op him, dy koe him ek al skoan rêde sûnder syn help mei de boadskippen. Twa oeren nei de stêd fytse, dat die se net samar, se soe noait foar sânen thús wêze. En as se it ûntdieken? Se soene him in dief hite. Trije rjochters mei swarte toga's oan soene him tasprekke: ‘Jongkeardel, hoe krijst it yn de plasse en stel samar jild? Do komst út in poerbêst nest, giest alle sneinen twa kear nei tsjerke, kinst merakels leare, hast noch nea wat dien dat der net op troch koe. Wy sille dy nei it tichthûs stjoere moatte en dat foar ien dy't thús in opfieding krijt dy't net te ferbetterjen is. Wat moat der no fan dy terjochte komme? Hokker skande bringst oer dyn famylje en de gemeente fan God?’
Der soe in wiidweidich ferslach fan yn de kranten komme, men soe yn fiere omkriten oer him prate. Hy soe net mear yn it doarp weromkomme kinne en yn de grutte stêden syn taflecht sykje. Dêr soe elkenien bang foar him wêze fanwege syn betûftens mei mes en revolver. De eangst dy't er ornaris fielde as der mar fan fierren in unifoarm skimere, puonne him no krekt oan om op libben en dea mei in plysje te fjochtsjen. Hy wûn it gefjocht, mei it bloed om 'e kop joegen de beide plysjes dy't him eefkes arresteare soene, har ôf, de pistols dy't er har út de holsters lutsen hie, skeat er leech yn de loft. It gesicht fan Stientsje nessele har op de hege toer fan it doarp dat no yn 't sicht kaam. Wat stie der oer him yn de krante? ‘Jongkeardel fan sechtjinjier âld yn gefjocht mei plysjes,’ wie de fette kop. Flarden fan wat er him yn it kranteferslach tocht, flitsten him troch de holle. Fan in ôfrûne ferslach wie
| |
| |
gjin sprake, it spektakulêrste tsjinne har oan en makke dat er al mar mear yn de besnijing rekke fan in died dêr't er noch nea op sind hie, mar dy't likegoed binnen syn berik lei.
Sa ûnopfallend mooglik fytste er by Wesseling it hiem op. Op dit ein rûn it doarp dea, der moast al tafallich ien op it ald-tsjerkhôf omstrune, woe it yn 'e gaten rinne. De kij stiene op in heap, suver mei de bealch tsjin elkoar oan, it like wol dat se elkoar op sa'n wize de miggen fan de hûd holden mei dy swypkjende sturten. Jehannes hie de pet wer efterstfoarst. Heerd seach him yn de rêch, de jister wie dochs tichterby as er niis tocht hie. Roerleas stie er efter de hage, der ûntgie him neat: bekken dy't al mar op en del giene fan it wjerkôgjen, it lûde stinnen fan de kij en fansels it gefûter fan Jehannes. Swarmen miggen hongen boppe de jister, ree om del te striken en bloed út de rêgen te sûgen. Soe er it wol dwaan? Jehannes wie in goede fint, hie him altyd bêst behannele en krinterich hie er ek noait west. It wie miskien ek te gefaarlik, as hy ienkear binnen wie, begûnen de kij miskien wol te balten. Bisten hiene weet fan ûnrie dêr't in minske it net ealge. Jehannes krige miskien in poat yn de amer of hy helle in skjin tsjemsdoekje fanwege de miggen yn de molke.
Ynienen draaide er him om en rûn wolberet de kant fan de bûthúsdoar út. Mei de hân op de klink seach er noch eefkes skou fansiden oft der gjinien yn de buert wie, doe stoep er nei binnen. Tusken it bûthús en de koken siet in doar dêr't er troch moast om yn 'e sliepkeamer te kommen, wist er. Fan de koken út sloep er daalk nei de gong dy't de behyplike foarein dêr't mar twa keamers wiene, skate fan de rest fan it wenhûs. Hy stie foar twa doarren, de lofter moast dy fan de opkeamer wêze, efter de rjochter wie de sliepkeamer. Dêr hongen altyd tichte fitraazjes foar de ruten. Wie er yn de sûs of oan it slieprinnen dat er de eagen sa stiif ticht hold of doarde er net fierder as er se iependie? Der wie safolle yn him dat warskôge dat er nei hûs gean moast. It hie der in protte fan wei dat er tsjin him sels yngie doe't er ynienen beret de doar iepenfierde en nei binnen stoep. It hert sloech him yn 'e kiel, hy fielde in lichte mislikens, de termen liken him yn it liif te krinkeljen. Hy stie no yn de midden fan de keamer en seach troch teisters en fitraazjes de dyk skimich yn it doarp oprinnen. Soe er der ea oan wenne soks te dwaan? Wie it keardelswurk om Jehan- | |
| |
nes en Stientsje te bestellen? Wat die er hjir einliks? Mar hie er dan soms al wat stellen, woe er it winliken wol? Wat wie der op tsjin om hjir te stean? Goed, it mocht dan wol net, mar wat foar prul wie er as er no útnaaide? It gesicht fan Stientsje, dêr moast er oan tinke. Hy die de eagen wiid iepen en stoarre ferbjustere nei wat der op de grûn lei. In kreas opmakke bêd, in nachtkastke en twa stuollen, mear wie hjir net, behalven... op it glimmende swilk lei in wide rôze ûnderbroek mei koarte pypkes dêr't swarte ilestiken om sieten. Hy koe derde eagen net ôfhâlde, seach der sa fûl nei dat syn eagen begûnen te trienjen tusken de triljende teisters. De ûnderbroek fer-weegde, lei net gewoan as in deade fodde op de grûn, de pipen giene strak en rjocht stean, it ilestyk om de mul loek stiif en waard rûn as siet it om in liif dêr't it winliken te krap foar wie. Doe riisde ynienen út de broek de kop fan de roekkat en boarre syn gleone koallen yn dy grutte stoarjende eagen fan him. Hy stie oan de grûn neile, tocht en fielde neat mear, hearde allinne noch mar nei wat der sein waard.
‘Dat ik dy hjir tref, is in goed teken, freon. Einlings is it safier datst wat fan dyn opdracht begrepen hast en my in bytsje hantlangest. Doch de kastdoarren iepen, ferniel watst sjochste en stel safolle ast meinimme kinst. Net om 'e nocht bist krekt as my in tsjinner fan it kwea. Doch it. Wêrom stiest te driigjen, of bist bang? Mei Stientsje haw ik al lang myn ôfspraken, allinne hy, dy Jehannes, wol net om lyk. Foar eltse tsjinslach hat er in preektekst ta syn foldwaan en dan is it wer klear. Inkeld mei bibelteksten fan harren dy't der oprjocht yn leauwe, bin ik te ferjeien. Dat moatst witte, dat wy dêr net tsjin kinne, dêrom moatst se ûntwike. Doch no dyn bêst en ferwoastgje Jehannes mei alles wat er hat.’
Jehannes woe er gjin kwea dwaan, dy hie him noch noait wat misdien. Wat hie it foar doel en bliuw hjir langer? Noch ienkear seach er flechtich nei de ûnderbroek.
Ienkear bûten helle er in pear kear djip siken. Alles wie noch itselde as niis en dochs like der in wrâld tusken doe en no te sitten. Lang seach er nei de apelbeammen yn it hôf, like se te hifkjen oft se wisten dat er op de sliepkeamer fan Wesselius west hie. Roerleas stiene de stammen rjochtop, liken wol dea. Doe't er fannijs fan op it selde plak nei de jister digere, wie it oft er der net wei west hie. Hie er sa koart binnen west
| |
| |
dat Jehannes noch ûnder deselde ko siet, of like it mar sa dat er krekt op itselde plakje oan it melken wie? Deun by de hage lâns rûn er nei de sydkant fan de foarein ta en line tsjin de bline muorre. Niis hie er oan de binnenkant stien, miskien mar twa meter hjir ôf. Hjir siet in roaster flak boppe de grûn. Yn 'e hoksen sittend gluorke er nei binnen. It wie in frij grutte kelder. Soe hjir de duvel fan Stientsje tahâlde? Op 'e flier stiene pannen, yn ien dêrfan siet molke, de oaren wiene leech. Sûnder der by nei te tinken helle er de rûp ta de gulp út en pisse mei in krêftige striel dwers troch it roaster hinne. It klettere yn de pannen, hoefolle der by lâns gie, seach er net nei. Hie se niis by him lâns sjoen, no seach se him hurd en skerplinich oan. Miskien tocht se wol dat it ynreind wie of dat it grûnwetter wie. Dat it miich wie, soe se sa gau net oan tinke, of se moast der al oan rûke of der Jehannes fan te drinken jaan. Wat soe er beare. Oan 'e tralys wie krekt te sjen wêr't er pisse hie, de bûtenste wiene droech. ‘In idioat hat by ús yn de kelder miigd,’ hearde er har tsjin Jehannes sizzen. Mar net fierder oer neitinke, der wie hjoed teminsten wat bard dat dizze dei oars as oars makke. Hoeden gie er mei de fyts oan de hân fan it hiem. Jehannes wie net te sjen, mar noch altyd hongen der swarmen miggen boppe de kowerêgen, dêr holpen gjin giseljende kowesturten oan.
Earst doe't er de fyts te plak set hie en troch de efterdoar nei binnen stoep, murk er hoe't er switten hie. Dea ynein foel er del op in stoel.
De rêchsek mei dêr yn de smoarge wask en de skoaltas ploften elk oan in kant fan de stoel op 'e grûn. Hy die de eagen ticht en seach alles wer klear foar him: it glêde keale swilk, de stomme stuollen en it bêd. Sadree't fannijs de befearre kattekop mei snaffel en glûpske eagen út de rôze ûnderbroek opriisde, sprate er de eagen wiid iepen en stoarre yn it granyt fan it oanrjocht foar him. Wat wie it ferskil mei de sliepkeamer fan Wesselius? Hy woe in oare kant útsjen, mar it slagge net, hy like ferslingere oan de ienlikens dy't dat griis mei swart bestippele oanrjocht yn him fuortsterke én oan de lulkens dy't út fiere djipten yn him oplôge. Bestie der dan gjinien keamer dêr't it út te hâlden wie? Op it momint dat er it leppelbakje losskuorde út it granyt fan it oanrjocht en messen, foarken en leppels troch de koken saaiden en nei't se de
| |
| |
souder rekke hiene, op 'e flier kletteren, tocht er alhiel net oan it smûke keammerke fan Laas en Jiltsje. Hy hoegde net te gûien, wist net iens wat gûien wie, hie noch noait thús ien gûien sjoen, mar de triennen dy't er útsunige fuorren de wrok en laden de lulkens dy't djip en fûl broeiden op.
|
|