wend oan kuil en jarre en de mem wie wer wend oan de luchtsjes fan de heit.
En hoewol't syn bûsdoek oars rûkte, minder skerp, mar ek lang sa fris net as jarre bygelyks, as hie er al wiken in deade protter yn 'e bûse, rûkten se it blykber net.
Der giene wiken oer hinne, de beide famkes efter him kniepen sa no en dan demonstratyf de noas ticht wêrby't se harren omdraaiden en de klasse ynseagen, ferwikselen fan plak mei oaren ûnder de les fan leararen dy't gjin oarder hiene, mûskoppen mei elkoar mar doarsten der tsjin himsels net oer te begjinnen. De jonges hiene noch neat rûkt, seine se doe't de famkes der harren yn belûke woene, en doe't der op it lêst al ien wie dy't wat miende te merken, bleau it by in ‘godfergeemje’. Se lieten him net samar foar de famkes oer as in bakstien falle, mochten him op 't lêst wol al wie er frekte apart. Sieds rûkte neat, dy siet oan de rjochterkant, wylst Heerd de bûsdoek yn de lofter bûse hold. Boppedat hie Sieds erflik in ferstoppe noas wêrtroch't er min rûkte nei syn sizzen. Doe't Heerd op in stuit nei't er snuten hie, murk dat de beide famkes efter him de noas tichtkniepen, die er sûnder euvelmoed itselde. In deimennich waard Sieds mei syn gesnotter foar alles oansjoen, mar nei't Smynkje harren beide nochris goed temûk fan efteren besneuvele hie, wie der gjin twivel oan: Heerd Hissema fersprate de stank, en it rûkte net gewoan nei fisk, it hie wat fan bedoarn fleis. Yn it skoft doarst Smynkje it einlings earlik te sizzen: ‘Do stjonkst Heerd, Nelly rûkt it ek, do stjonkst echt.’ Se draaide har om en rûn by him wei. Wêr komt it wei, tocht er en besneuvele op it húske syn earms en broekspipen, sels de skuon die er út, mar oan de bûsdoek tocht er net.
Visman stie yn 'e doar fan lokaal B7, ien fan de saneamde baraklokalen. De bern giene ien foar ien nei binnen, sa woe Visman dat. Heerd soarge dat er de lêste wie. Wat seach dy man wer mal ûnder dy swiere eachbrauwen wei. It leafst draaide er him om en naaide út, mar hy soe dizze ûnnoazele les folgje moatte. Elkenien hie it smoar yn, mar gjinien doarst skine litte dat er de balen hie fan theory oer spieren en haksinen. Foarfielde er eat dat er eefkes de pas ynhold sadat der in gat foel tusken him en it famke dat foar him rûn? Doe't er de foet oer de drompel sette en deun by Visman lâns soe,