seagen se him oan.
‘Der is doch neat mei dy?’ frege se wylst se besocht mei de hân in mich yn de flecht te fangen. Dat koe sy allinne, gjinien fan de bern dy't har dat neidie. Eartiids hie er de heit wolris sizzen heard: ‘har ferstân en hân, beide binne sa fluch as wetter.’ Diskear slagge it har trouwens mar heal, se hie him wol te pakken, mar hy wie net dea, doe't se de hân iependie gûnze er gysten nei de gerdinen. Heerd skodholle fan nee. Se moasten it net by him sykje, miskien hie de rektor wol mei alle âlden in petear, skreau er.
‘Ik haw it oars min oan tiid om nei de stêd te fleanen, sokke lju miene mar dat elts de tiid oan himsels hat,’ krimmenearre er. ‘Sa faak bart it net, dit is de earste kear salang't er op skoalle sit. Hy sil wol witte moatte hokfoar kant er aansens út moat. Yn 'e twadde moatte se kieze tusken H.B.S. en gymnasium lies ik yn it skoalkrantsje.’ Hoe langer der op ompraat waard hoe geheimsinniger Heerd it doel fan de brief talike. Op it lêst waard dochs besletten dat de heit derhinne soe, alteast as it om Runia koe en it waar der nei wie.
It petear tusken de rektor en de heit ferrûn yn it earstoan frijwat stroef.
Hissema hie in skalk each op de bedoelingen fan de rektor en hie him ûnderweis pinige mei de fraach oft dizze besite der winliken wol op troch koe. As God soarge, wat soe in minske dan bemale? Bin ik net út de kroade mei kikkerts, sa't er it ierdsk gewrimel graach foar God oer stelde, sprongen, frege er himsels geduerich ôf únder it fytsen. En dy prykjende eagen fan de rektor stie er earst ek net. De rektor sels wie op syn iepenst. Laas hie him it ien en oar ferteld, ek oer it trelit fan de sneontejûns, en sy wiene it der rillegau oer iens dat Heerd der út moast. Ut 'e hûs, dat wie de baas, mar hoe moast er der mei oankomme? Fan Laas hie er heard dat Heerd thús noch altiten swijde en dat se dêre ek net wisten dat er op skoalle wol prate, al wie it yndie net folle mear as it heechst nedige. Dêrby mocht it trelit tusken de heit en de mem fansels hielendal net as de oanlieding foar it ûnderhâld nei foaren komme. Hy en Laas praten ôf dat er de heit net wizer meitsje soe en dat it swijen fan Heerd saneamd de wichtichste reden wie foar it útstel om him yn 'e stêd yn 'e