iennige dy't syn fertrouwen hie, miende er op syn iepenst wêze te moatten om mar net út de geunst te reitsjen. Tusken wat er like en wat er wie, gappe by Heerd dêrom in djippe kleau.
Seach er twa leararen mei elkoar praten, fielde er, sûnder in wurd te ferstean oft de beide hearen elkoar leine of net. Sa'n gewaarwurding utere him yn in soarte fan ûnbewuste spanning dy't heechút wat swit teweechbrocht op knibbels en rêch. As hûn mei in navenante oanlis hie er wierlik alles rûkt wat der te rûken foel. Faaks wie dizze oanlis mei in gefolch fan de ûnhúslike omstannichheden dêr't er yn opgroeide.
Dat er bytiden oan syn emoasjes te'n ûnder drige te gean, hie miskien ek te krijen mei in oanboazjende puberteit. Soks hie fansels ek syn wjerslach op hoe't er de leararen beseach. Foar allegearre hie er in hillich ûntsach en op in pear nei wie er sels bang fan se. Mar om't er bewend wie oan in gefoel fan eangst, feroare er der net sa ûnder dat oaren it murken. Hy murk it sels amper.
Oan twa hie er in hekel, sûnder dat dêr in konkrete oanlieding ta wie, en der wiene twa by dy't er lije mocht, mar ek dêre wie al like min in reden foar oan te jaan. Sympatyën en antipatyën, beide bloeiden ûnberiddenearre en poer gefoelsmjittich op. Koartsein: Heerd tocht net, hy fielde! Behalven as er syn húswurk meitsje moast. Dan makke it gefoel op in wûnderlike wize frijbaan foar it ferstanlike sadat it meast perfekt foar de hearen kaam en ûntholden waard.
De learaar dy't Heerd as earste in beurt joech, wie Po Kop, dy't Nederlânsk joech. Dy Kop wie no krekt de persoan dêr't er it it minste op stean hie. Kop hong meast efteroer yn de stoel wylst er de skonken op de tafel lei. Soms die er de skuon der ek noch by út en dan fergie de klasse fan in fize penetrante rook dy't noch it measte fan kattemiich hie en fan de oksels fan Heerds broer Ludger dy't nei in protte omwegen einlings in baantsje by it Bibelgenoatskip fûn hie yn Amsterdam. Mar it wie net om de stank dat er út noch yn net oer Kop mocht. Alles oan dy man striele loaiens út.
Behalven syn sitten, wiene it fral it gesicht en de broek dy't in folsleine lamlindigens útdrukten. Kop moast te loai wêze om him te waskjen, want faak bleau in selde smoargens dagenlang sitten. Tsjokke sliepluzen klûnteren de eachhoeken út