waard dat in prom lang net dat wie wat er him dêr, mei troch de ferhalen fan oaren, fan foarsteld hie.
Hoewol't Heerd einlings in eigen keammerke krigen hie, ‘fersinde’ er him sa no en dan yn de doar. Dan gie er mei de finger yn de sêfte weakens fan Mintsje op oant se kroande, suchte en har omdraaide. Noait frege se him wat, noait skreau hy har in bryfke, sy hold har sliepende, hy him ûnnoazel. Troch al dat fingerjen wie de nijsgjirrigens nei de prom fan de famkes op skoalle saksearre.
Hoe't er de oantaasting fan Tasma ferwurke, wie yn earsten slim te rûzen. It wie it iennichste dat er bewust nèt oan Laas fertelde en miskien dat it dêrom yn de ûnderste regioanen fan syn moed broeide. Trouwens ek oer de heit en de mem fertelde er folle minder oan Laas as er sels miende. Hy skamme him al gau om syn eigen thús. Sa fertelde er fan de poelreis bygelyks dat se in fûgeltsjesman moete hiene en dat dy by har yn 'e boat stapt wie. It werklike doel fan dy reis, it sjen fan God, repte er net oer. Fregen Laas en Jiltsje oft mem thús wie, dan sei er lang net altyd dat se fuort wie en kriemde er der omhinne en as dat net slagge hâlde er him stil. Hy skamme him der foar, al siet der ek grutskens yn bewuolle. Wiisde Heerd syn âlden ûnferdield ôf, of longere er noch altyd op in soarte fan omkear dêr't plak yn wie foar beskûl en in stikje erkenning?
Alles by elkoar wie Heerd syn wrâld in gaos dêr't er him ferwûnderlik feardich oerein yn wist te hâlden. Nei bûten ta like er sels wakker wis fan syn saakjes, ynderlik wie er wif en ûnwis fan alles en elkenien.
Op trije septimber 1954 gie er foar de earste kear nei de Middelskoalle yn de stêd.