| |
| |
| |
Op it harspit
It boekefeest iepene mei krant-lezen
As ik myn sin siz is de feestlike iepening fan 'e 26ste Fryske boekewike in fiasko wurden.
Foarst bigoun it feest to let. Ik wit net hoelang't wy al yn 'e seal sitten hienen foar't der in man op 't toniel kaem, ik haw net op 't horloazje sjoen - men tinkt dat men de tiid oan jinsels hat, netwier? De mannen fan Operaesje-Fers wienen sa freonlik om broadtsjes to forkeapjen, hie men alteast hwat to fretten, oars hie men miskien fan argewaesje jinsels opfretten, en de fans fan de Friese Koerier parten kranten om, hie men alteast hwat to lêzen. En doe kaem der einlings in man dy't sei dat der in oare man komme soe en dy oare man laette de hear Van der Mark yn en dy hold in referaet oer de kulturele sitewaesje yn Fryslân...
It liket dochs fordomde mâl dat wy gjin feest fiere sûnder dat ús earst de mage folloege wurdt mei kulturele kutkloaterij. As der dan werklik wier minsken binne dy't op in feestjoun graech nei in lêzing hearre wolle, lit Van der Mark dan yn seal-dy-en-dy en allinne foar de leafhawwers in referaet hâlde oer Stân en Perspektiven fan 'e Fryske Kultuer, mar lit him om presys acht ûre - dus net tweintich oer achten - op it toniel forskine mei in klapperpistoaltsje en lit him sizze: As ik sjit is it iepen. Dan kinne wy om ien minút oer achten los.
It kabaret wie foar it greatste part de muoite wurdich. Mar hwerom moat dat yn ienkear optsjinne wurde? Hwerom net nou en dan hwat, yn 'e iene seal dit, yn 'e oare dat? Hwa't dan gean wol, kin gean, de oaren kinne trochsûpe, -dounsje, -kletse. Dat hiele forplichte menú fan trijedûbele iepening en kulturele heechstantsjes - harrejennich, hwannear sille wy fan dy kwelling forlost wurde?
Twad: it feest hold to gau op. De stimming kaem der krekt yn en doe waerden wy derút dondere. Gastfrij is oars, tinkt my. Oostra hat, neffens de Ljouwerter Krante, sein dat wy him efternei tankber wêze soenen dat er ús bitiid op bêd stjûrd hie. Ik bin him ek oesa tankber: Salang't hy dêr de lekkens útdielt kom ik net wer yn 'e Lawei to feestfieren. Oostra syn bisoargewêzen oer de nachtrêst fan syn gasten is trouwens in smoesje as men wit dat hy de lju dy't noch net nei hûs woenen nei de Champino-bar forwiisde. It koe him neat skele hoe let de lju op bêd kamen - hwat hat hy der nammers mei to meitsjen - mar hy woe net dat de feestfierders ‘sa let’ út 'e Lawei wei kamen. Oostra woe de Lawei, en by einsluten himsels, net op in kweanamme bringe by it deistige deftige damespublyk fan Drachten en oanswettende útbuorrens.
Yn 't tredde plak wienen der nei myn sin tofolle minsken. Men seach inoar ien twa kear en forlear dêrnei elkoar folslein en foargoed út it each. Risten freonen dêr't ik noch wol even mei prate wollen hie, wienen net werom to finen yn 'e massa.
Fan it Amsterdamske Boekenbal ha se ôfroune maityd al in Schrijversbal makke, hwerop't sels útjowers keard waerden, al rounen der wol in poarsje toniel- en telefyzjelju om. Sa slim hoecht men yn Fryslân net to ballotearjen, om't wy útsoarte al minmachtich binne. Mar dizze skieding soe men lizze kinne: oan 'e iene kant de allinne-mar-konsuminten, of noch minder: de voyeurs dy't wolris sjen wolle hoe't in skriuwer him dronken sûpt, oan 'e oare kant de kultuerprodusinten, kulturele iverders en minsken dy't de produksje bifoarderje: skriuwers, skilders, kabaretiers, tonielspylders, journalisten, politisy, útjowers, boekhanlers, beatkluppen, boppestbêste biwegers en bitûfte boeksutelders. Mei in biheinde ploech bisteande út soksoarte lju soe men op in bihoarlike wize feestfiere kinne.
Mar der is, bin 'k bang, gjin werom nei de goeije âlde tiid mooglik. Dit massale Drachtster feest dat it Fryske boek allinne nedich hat as oanlieding sil yn dizze foarm wol trochgean moatte. En eigentlik kin
| |
| |
men der ek gjin biswier tsjin ha, hwant nimmen is forplichte oan dat feest diel to nimmen. Lit it dan mar sa: ek de lêzers komt wol in feest ta.
Mar lit ús dan as bodders yn 'e Fryske striid in eigen, bisletten, yntym, gesellich, ûnoffisjeel boekefeest hâlde to Boalsert, de deis fan 'e útrikking fan 'e Gysbertof Joast-priis.
Tr.R.
| |
Stagnaesje yn 'e stream fan 'e paperbacks
As 't my net mist is de paperbackrige û.o. lânsearre om it hiele jier troch alle even moannen in boek op 'e merk to bringen en net langer, lykas wenst wurden wie, de hiele bubs útjeften op to sparjen oant de boekewike. Sadwaende soe de bilangstelling foar it Fryske boek it hiele jier troch geande holden wurde. Oan dat doel hat de paperbackrige dit jier net biantwurde. Tj. Piebenga syn It lyk wurdt oantaest forskynde moai op 'e tiid. R. van der Velde syn Rjochtdei kaem in moanne to let, yn maeije, út. Yn juny forskynde der gjin paperback en yn augustus likemin. De twa boeken dy't wierskynlik foar dy moannen pland wienen, Wês foarsichtich, Watse fan J. Smit (de printkladden wienen der yn april al, dat it boek hie yn juny bêst ré wêze kinnen) en It forsin fan J.J. Bylsma (manuskript noch earder ynlevere as Smit sines) kamen krekt foar de boekewike út. Tr. Riemersma syn De Hite Simmer dat foar de boekewike ré wêze soe, komt twa moanne letter.
De útjowersekskuzen binne bikend: sike setters, kapotte masjines, oppe inket, papiertokoart, lange fakânsjes, bûtenwenstige drokte, ûnforwachte opdrachten en forkoarte wurktiden. Mar de feart hwermei't De feestgongers fan A. Wadman bûten alle planning om op 'e merk brocht is lit sjen dat it wol oars kin.
It tal paperbacks dat fan 't jier, rekkene fan 1 jannewaris oant 31 desimber, forskynd is/forskine sil, dat tsien bidraecht, kin men wiis mei wêze. Tomear as men bitinkt dat Osinga mar ien boek yn 'e rige bringt en Terpstra en Friesch Dagblad hielendal net meidogge. Mar de sprieding fan de paperbacks oer it hiele jier, dêr falt gâns op oan to merken: twa yn it foarjier, trije krekt foar de boekewike en fiif - de helte - komme fier nei de boekewike.
De Stifting It Fryske Boek - dêr't op 't lêst elkenien yn fortsjintwurdige is - moat derfoar soargje dat de seis ‘fêste’ paperbacks op 'e tiid forskine en dat de ekstra útjeften yn septimber ré binne. Dat is needsaeklik foar in goede forkeap. Hwannear't kriten, kulturele kommisjes of boekhanlers yn 'e hjerst en yn en om 'e boekewike hinne war dogge it Fryske boek to forkeapjen troch spesiale aksjes, binnendoarren of yn merketintsjes, en al of net mei help fan signearjende auteurs, dan moatte de nije paperbacks der wêze. De nije paperbacks moatte der wêze as yn 'e hjerst bigoun wurdt mei it hûs oan hûs suteljen mei Fryske boeken, lykas de Stifting It Fryske Boek dat forline jier foar it earst organisearre hat en dat dit jier... net wer dien hat.
Tr.R.
| |
Alles bigripe is alles forjaen, mar...
De boekebuskommisje hat it dit jier net oprêdde kinnen. De foarsitter, útjower Terpstra fan Grou, rekke fan 't hjerst nei 't sikenhús; in oar lid, Douwe Willemsma, folge dat minne foarbyld nei. It tredde en lêste lid, mefrou J. Zoete-Wellinga, koe it allinne net foarinoar krije. Dè swierrichheit wie: frijwilligers to krijen foar it suteljen. As men wit dat der alle kearen in seis, sawn minsken meimoatte, en dat it lang elkeniens wurk net is, kin men bigripe dat it in heikrewei is om de bimanningen foar fyftjin of mear busritten gear to stallen. En men moat ek noch altyd in pear persoanen efter de hân hâlde om lju dy't op 't lêste momint ôfsizze to forfangen.
Gjin kwea wurd dêrom oer de siken en de soune fan de boekebuskommisje. Mar de
| |
| |
Stiffing It Fryske Boek - dêr't op 't lêst elkenien yn fortsjintwurdige is - moat der foar soargje dat it wurk trochgiet, en dat der altyd minsken ré steane om de taek fan útfallers oer to nimmen. Al wurdt der per boekbusrit mar foar in pearhûndert goune sliten, wy kinne it net misse.
Yntusken is Koop Scholten bineamd ta fjird boekebuskommisjelid. Net sa'n gekke kar, hy hat wol in soune skôging.
Tr. R.
| |
Preekjes fan pakes
Pake Freark: ‘... twifel en argewaesje bliuwt der - by ûnderskreaune (= Freark Dam, Strikel, okt. '68) alteast - omdat de nije orthodoxe machthabbers sèls blykber gjin sprút twifel noch argewaesje hawwe. De clan liket hast compleet.’
Hwa bin dy ‘nije orthodoxe machthabbers’ yn 'e frede? Fansels de hearen reginten, nije redaksjeleden fan 'e Tsjerne. As men ien kear regint is, hat men dat seis net mear yn 'e gaten. Dat binne wy ús dus seis net biwust. Mar hwerom sa'n driigjende toan foar't men as regint ien letter op papier set hat? Hwer giet it winliken oer? Hwerom sa geheimsinnich? Wy woene de striid tusken Skieringers en Fetkeapers graech yn 't iepenbier útfjochtsje. Persoanlik sit ik (troch ûnderfining wiis waem) fol twifels en argewaesjes. Ik ha dagenlang klear stien om der haksty op to springen as der bygelyks wer ris sa'n rotterich feitenfordraeijend ynstjfûrd stikje yn 'e Fryske deiblédden forskine soe as doedestiids fan
Pake Geart: ‘Nou wie it maklik om de trije sitten bliuwende redakteuren fan wurdbrek to biskuldigjen mar de skuld lei net minder by de oaren, to witten Lolle Nauta en Bauke de Jong. De léste hie ynearsten hwat geduld dwaen moatten - wounen, tabrocht mei de stompe bile lûke net gau ticht en otterje nei - en as meiwurker, op langer termyn, syn plak wol yn 'e redaksje tariede kinnen. Lolle Nauta hie sa yntelligint wêze moatten en span him net sa yn foar Bauke de Jong, op dat stuit net, alteast. Mar yntellekt en yntelliginsje rinne net altyd parallel.
....Yn oktober '68 waerd der sels mei twa man Tsjerne, hwant Riemersma woe ynienen net mear. Hy hie birou fan syn wurdbrek yn '66 en fan syn “forried” fan Bauke de Jong, sei er tsjin syn meiredakteuren. Dat bleau fansels net stil en dat wie Riemersma, handige jonge syn bidoeling ek net. Publisiteit is moai mei.’ (Geart Jonkman yn selde Strikelnûmer).
Aerdige skiedskriuwer, dy pake Geart. Wit to forswijen dat der doedestiids sa'n rotterich feitenfordraeijend ensfh. Bauke de Jong hie geduld dwaen moatten (syn bile wie dan ek forbazend stomp), Lolle Nauta is net yntelligint, Trinus Riemersma makket in fout goed om yn 'e publisiteit to kommen, wel ja.
Hy skriuwt ek noch hwat oer my:
‘... fan Steven de Jong... bin ik minder wis, mar it kin tafalle.’ Nou, hy sil it gewaer wurde as er him net gau stilhâldt. ‘Nou Bauke de Jong noch. As er him... hwat oefene hat... finer en eleganter wapens, de goede smaek... de spulregels yn acht wyt to nimmen... sa snoad is... nou, dan...’.
Hwat in gelok dat ik dit stikje skriuw en Bauke net.
Ik bin net lulk op de pakes, wier net. Se wurde ek âlder. Pake Freark haw ik as dichter fiersten to heech. Pake Geart soe ik oanriede wolle nou sa stadichoan ris mei syn masterwurk to bigjinnen, ‘De seksuele en vare avontfûren fan rju Fryske pommeranten’, in boek, dat in kostlike oanfolling op 'e Rimen en Teltsjes wêze soe.
STEVEN DE JONG
| |
In nijsgjirrich essay
Jo Smit fortsjinnet in Komplimint mei in greate K. Hy hat in essay skreaun oer de Fryske literatuer en dâr yn problemen oansnien, dêr't gjin minske op yngean doarst (alteast sa like it). De wichtichste fan dy problemen binne Hessel Miedema syn hypothese dat it Frysk in dialekt is en dat it ûnmooglik is dêr moderne literatuer yn to bidriuwen, en Bauke de Jong
| |
| |
syn skriuwerij oer E.B.F. Hy docht dat sadanich, dat it tige de muoite wurdich is om der op yn to gean. Dat sil dan ek grif barre.
Foarlopich earst in oar punt om myn posysje to bipalen. Foar my is Jo Smit in ynspirearjend skriuwer, in boeijend fenomeen. Dat wie dan ek de reden dat ik bisocht ha him súntsjes op 'e teannen to traepjen (in nuodlik ûndernimmen hwant dy teannen bin fordomde kaart). Ik leau wol dat dat my slagge is. Yn 'e Strikel fan novimber 1967 haw ik him in pripke jown. It gie oer de frage oft Fabryk fan Trinus Riemersma wol in Gysbert Japikspriis wurdich wie. As andert dêrop krige ik op side 184 fan boppeneamd essay in stikje wartael ûnder eagen:
‘Opfallend wie ek dat noch yn 'e Steaten, noch yn de har forsettende kranten it literaire oardiel fan de advyskommisje yn 'e kiif set waerd, mar dat soks inkeld barde fan de kant fan Steven de Jong, dy't him dêrby sûnder argumintaesje birôp op in ôfwikend oardiel fan Bauke de Jong, eartiids yn Asyl forskynd. Nou achtsje ik Bauke de Jong as kritikus net lyts, mar it giet net oan om him - of hwa oars ek - as de profeet to sjen út hwaens mûle inkeld wiisheit floeit.
Ik wol hjir graech útsprekke dat ik bliid bin mei de bikroaning fan Fabryk omt ik it in bêst boek achtsje...’
Jo Smit kin wol mear biweare, mar ik wie de iennichste net dy't it literaire oardiel fan 'e advyskommisje yn 'e kiif sette. Yn 't foarste plak wie der in lid fan dy kommisje sels (ik mien prof. Galema), dan fansels Bauke de Jong (fan hwâ t ik in sitaet nêst in sitaet fan it juryrapport set haw om de lézer sels kize to litten); fierders Trinus Riemersma (sjoch Minksrotten-Rotminsken en syn taspraek yn Bolsert) en last but not least Jo Smit:
‘Ik set it (= Minksrotten-Rotminsken. St.) heger as Fabryk.’ (side 203 fan boppeneamd essay).
Ik hoopje tonei noch gâns hwat oer dit nijsgjirrige essay to skriuwen.
STEVEN DE JONG
| |
Rients
Gratama in een intervieuw met De Volkskrant (16-11-'68): ‘Ik ben op het ogenblik geneigd om op Van Dis te stemmen. Van Dis, ja. Nee, dat bedoel ik niet eens zo grappig. Van Dis is voorstander van niet meer te verwezenlijken dingen. Daar voel ik me wel toe aangetrokken.’
Maar de vreugde van de inkonsekwentie is Rients gelukkig (nog) niet vreemd: ‘De Friese “strijd’.” ‘Soms wel een beetje belachelijk. De plaatsnaamborden in twee talen en dat soort dingen. Ik ben niet zo bewaarderig aangelegd, maar er zijn Friezen die daar anders over denken. Die zegken: jammer dat je hier weggaat. Ze vinden het een verlies voor de Friese taal, de cultuur. Er is een bepaalde groep mensen die hebben een zeker idealisme ten aanzien van de Friese zaak. Een paar schrijvers bijvoorbeeld. Maar van dat soort idealisme heb ik geen last.’
De oplossing ziet Rients gelukkigerwijze zèlf:
‘Zou hij zich blijvend in Amsterdam willen vestigen, aangenomen dat hij succes heeft?’ ‘Ik denk van wel. Ik houd van een pulserend leven. De brainstorming met mensen, in gezellige cafeetjes, dat heb je eigenlijk wel nodig.’
Dàt voordeel heeft Amsterdam natuurlijk alleen, vooral als Friesland je beschouwt als verloren zoon:
‘“Your country needs you”. We kunnen je niet missen. Zo luidde de tekst op het affiche dat de Friese cabaretier Rients Gratama van zijn “landgenoten” kreeg aangeboden, toen hij zijn laatste voorstelling in de Friese taal gaf. Voor een deel van de noordelijke bevolking was hij vanaf dat moment een verrader, iemand die de strijd voor de Friese zaak opgaf om in “het buitenland” carrière te gaan maken.’
Nu werd deze affiche Rients niet na z'n laatste voorstelling in het Fries aangeboden, maar als cadeau voor zijn verjaardag anno '67, door mij. Misschien een kwestie van esprit.
Tòch is er ergens voor Rients nog hoop:
| |
| |
‘Ik heb toch niets gezegd, dat de publieke opinie ten aanzien van mij zou kunnen schaden?’
| |
Wol of net
Doet okkerdeis in pear Keamerleden, fanwege in hântekenaksje út it ûnderwiis, minister Veringa fregen om fiifentweintich miljoen foar forleging fan de learlingeskael, hie dyselde minister net safolle wurden nedich, om de Keamer der fan to oertsjûgjen, dat der mear nedich wie. It koe dus nèt trochgean.
Nou komt Den Toom yn in aparte noata om twahûndertfiifentweintich miljoen foar de Navo. Ik bin binijd, hoefolle wurden dy minister nedich hat, om de Keamer der fan to oertsjûgjen, dat it dus wòl trochgiet.
Om efkes to rekapitulearjen:
Wòl: forheging fan de wegenbilêsting, forheging aksyns op sûker, bier en drank. Nèt: formogenswinstbilêsting, spékulaesjewinstbilêsting, nije wegens, ynvestearrings. In grof staeltsje fan rjochtse polityk, binammen as fêst stiet, dat it tal miljonairs noch hyltiten greater wurdt.
Nòch opmerkliker is lykwols de taljochting fan de hearen Den Toom en Luns: ‘De bewindslieden menen, dat een reactie van de Navo op het Sowjet-beleid gematigd moet zijn, zodat het westelijk streven naar beperking van de bewapening duidelijk blijft. Een kettingreactie moet worden voorkomen.’
It is om jin dea to grinen.
| |
Hegere kriichskoalle
‘Het is daarom een voor de hand liggende zaak, dat we als krijgsmacht, en ook als Hogere Krijgsschool, op alle manieren een rol kunnen spelen bij het vredesbeleid.’ oarakelet brigade-generael Henri Thoonsen tsjin Jan Joost Lindner fan De Volkskrant (16-11-'68).
Dat allinne de frede net wichtich genôch is, hat ús brigade-generael èk yn de rekken:
‘Dinsdag en woensdag gaat de school zich opnieuw op de vredesproblematiek storten. Middels een omvangrijk jubileumcongres, onder de aanlokkelijke titel Afschrikking en ontspanning.’
Neat seit b.g. Thoonsen oer it feit, dat ‘afschrikking’ twakantich is en dat dyselde ‘afschrikking’ faker as ien en twa kear út 'e generaelshantsjes roun is.
Mar afijn:
‘Een deel van het normale militaire patroon blijft toch wel behouden. Bij de stafoefeningen van de Hogere Krijgsschool bijvoorbeeld - met alleen troepen op papier - wordt steeds uitgegaan van een “imaginaire vijand”, Roodland geheten. Diens tactiek wordt zeer precies gebaseerd op wat de Nederlandse krijgsmacht weet van de sovjet-strijdkrachten. Uitgangspunt van de oefeningen en colleges is nooit het nauwe beeld van Neêrlands enige legerkorps. Er worden alleen internationale en NATO-gevechten op papier gehouden.’
Nou bin ik forhipte bliid mei dat ‘op papier’, mar efkes letter komt de aep dòchs út de mouwe:
‘De krijgsschool begon haar bestaan overigens een eeuw geleden in een kleine bovenverdieping van een Haarlemse SLAGERIJ.’
TJITTE PIEBENGA
|
|