- Ofpraet, hjoed in wike om twa ûre it binnenpaed lâns. Of in kertierke letter, as 't sa útkomt. Ik hâld dy oan de klok en de kalinder. Siz, dyn eagen binne krekt in pear lytse djipséfisken, streupers mei de ljochtbak.
- Flaeikert! Ik wit net iens, oft ik der wol goed oan doch en jow dy dyn sin.
- Lit dat mar oan de goaden oer, dy ha noch noait in mins forrifele.
- Dou sjochst der hwat biklonken út. Dy kursus hat dy aerdich oanpakt, as 't my net mist.
- Ja, ik ha to stûf oan 'e stúdzje west, mar dat wurdt aenst wol wer oars. By need nim ik in smeudich stikje fan dysels foar kar, as 't fetpantsje leech is, dat makket my suver neat út.
- Dou hast in charmante spraek, mar feitlik moast ik dy in tikje op 'e tosken jaen. Hè jasses - dy fint dêr sjocht my hieltyd sa glibberich oan!
- Hokker - dy lange skreits? Och, hy hat der miskien hielendal gjin gedachte by. Liket my earder koel en ûnforskillich ta.
- O just...
- Ja - yn elts gefal net sadanich, dat dizze gletsjer nou al bigjint to kealjen fanwegen de waermte.
- Dou bist de hoflike kant neist, moat ik sizze. Soks hie 'k net fan dy forwachte, mar 't is in gelok, dat der altyd noch snoade koppen binne, hwer't men jinsels oan omheech lûke kin.
- Sa is 't, op in goed geloof en in koarkene siele kinn' je lang driuwe. Dat it moat al raer komme, as wy it net roaije sille.
- Bah - hwat bist ynienen grânzerich. A'k dat witten hie... Dou falst my lilk ou, nei dat gebletter fan niis.
- Nou, men kin dy slim yn 't stikeltrie sette.
- Né, der koe ris in mich op sitten gean, en in wrede mûle krije, om de skerpe punten.
- De bern moatte tsierendewei great wurde, moatst mar tinke, mar ik mien it dy goed.
- O ja...? Dou bist oars persiis in tinnen panne, sà hjit, sà kâld.
- En dou likest sprekend op dat fanke út it mearke. Jo binne wolkom, sei se tsjin de bear, mar hy skodde tryst mei de holle, om't er skoan wist, hja mocht him net snuven hearre.
- Je kinne 't der ek nei meitsje fansels.
- Ja, dat is wier. Lit ús dus de fonken mar úttraepje en de pook yn 't fisier hâlde. Mar heu - hwat sille wy nou ha! Dêr moat ik de fok even foar opsette. Is der hjoed gjinien op 'e tonge yn 'e stêd?