ut ol. En dût ut misrûn, dû dwast ik har net wer ûnder de eagen te kómmen, en ik woe ek net, wont ik wie te grutsk. En dût se siik lei kaam ik net, en dû stoar se. Och God, och God! En wij brochten har jir nei ut krematoaryum en dût se ferbaand waad, dû... o God, o God, dû riisde har deade lichem oerein yn 'e flammen en ja seag mij oan. Ja seag mij oan mei har deade eagen út ut fjoer wei. O, nea wud ik dot wer kwyt, dot ferwyt yn myn memme eagen. En dy flammen!’
‘Do lygst, ôde teef,’ sei Cor. ‘Dot hasto net sjoen.’
‘Ik haf ut sjoen, smearlap!’
‘Do hast ut net sjoen. Sóks litte se gjinien sjen.’
‘Ik haf ut sjoen mei myn eigen eagen!’
‘Se lygt, no Peter?’
‘Se lygt,’ sei Peter. ‘Ut kin wól, dot se oerein kaam. San lichem krimpt gear tróch de hitte. Mar se hat ut net sjoen.’
‘Jimme. Wot witte jimme? Binne jim drûg efter de earen? Stikken jild dur tróchjeie en ómlummelje en jim grutte mûlle oerol ynslaan.’
‘Do bist un liigbeest,’ sei Cor. ‘Do lygst sa dotst ut sels ljoost.’
‘Lit se gewudde,’ sei Peter. ‘Kóm.’
‘Wot is duroan?’
‘Do fretst har hast óp.’
‘Ik? Har?’
‘Hast dot sels net yn 'e gaten?’
‘Ah, matst ekrus sjen. Ik kin net oer dot swat. En se sjógt sa... God, se sjógt of soe se hast janke. Dêróm, dêr wud ik bloedhyt fan, ómt se sa sjógt, sa ferheven, sa fertrjitlek.’
‘Do hast un fólslein ydyoate smaak. Bisto wól normaal?’
Se bljowen fwar ut pearke dot óp 'e bank siet stean.
‘Gean mar rêsteg tróch, jer,’ sei Cor. ‘Wij steure ús dur net oan.’
De twa jûgen gjin azem.
‘Osto dyn faam oer de billen aaie wólst, of oer har pûske, gean dyn góng mar. Wij sjógge gjin niget.’
‘Ferdómme, hôd dyn bek tsjin myn faam!’
‘Kinst net freonlek prate? Ik praat dochs ek freonlek?’
De feint seag him strak en grimmyteg oan.
‘Lit mar,’ sei ut frómmeske.
‘Dag pûs, dag leave pûs,’ sei Cor.
‘Do matst ópsoademyterje, bryke ûnderdoar!’
‘Dur is gjin fetsoen mear yn 'e wrôd, Peter.’