sa njonkenlytsen al hawn ha. Nou is de jongerein oan bar, oars komt it jild net op.’
‘Dou doarst it wol to sizzen.’
‘Is 't dan net wier soms?’
‘Miskien wol...’
De relaesjes dy't Marcel, yn Amsterdam tahâldend, troch de Lekskoaijer hat, binne foar him de bân mei Fryslân. In soarte fan krite om utens. Dit wrâldtsje makket de iene poal út yn it gefoelslibben fan Marcel. Us haedfiguer is bûten skoalmaster en literair redakteur ek muzikant. Yn in Amsterdamske nachtklub spilet er as saksofonist yn in jazz-band de twade fioel.
Der binne bleate konten, deft Marcel op útsjoen is en soms pûr fan wurdt. Oare poal.
As kommunikaesjemiddel is Marcel syn eintsje der. Dêr hat er in protte wille fan. Hop-hop!
Hy hie der gjin wurk fan om der yn to kommen, mar de drank siet him dwers.
Marcel wol yn oare wei, mient er. Dat is it thema fan dit inkeldfâldich triedforhael oer fiif dagen út it libben fan Marcel.
It is fordield oer alve min twa haedstikken. Ik lûk ôf foar V en VIII, dêr't Marcel feitlik bûten stiet en dy't dêrom bûten it forhael - yn dizze opset - steane. Se jowe wol hwat side-light op de sitewaesje fan Ans en hwat eftergroun oan it gehiel, mar dêr hie it bêst - yn dit gef al better -sûnder kinnen.
Mei Ans en de oare Amsterdammers hawwe wy net it genoegen. Hja strûpe mei de klean ek har wêzen út.
Meidat de ambivalente Marcel de ôfslútdyk oer set, moetsje wy û.o. Rienk O. Nanninga, Jelle Zylstra (nochris) en boargemaster Heidstra. Dizze figueren komme nei foaren. Wy koene se al. Hjir hawwe nammers echte persoanen en histoaryske sitewaesjes model stien.
Marcel fielt him efter Surch nofliker. Syn skepper jowt him nou ek del ‘as siet er yn in loaije stoel’.
It fraechpetear mei Rienk Onan, oars aerdich biskreaun, irritearret ûnwiten troch it al witen. It is in forfeelsume reproduksje.
Hwa yn Fryslân ken Riemersma net en syn opfettingen.
Yn Amsterdam mei it dan net sa oarspronklik wêze, de posysje fan dizze Marcel yn de jowne sitewaesje en antoeraezje dêr is as gegeven tominsten nijsgjirrich.