yn steat fan biskuldiging stelt. Neamt er gjin nammen en gjin biwizen - ik krûp mar even yn de hûd fan 'e skoalmaster hwant dy jonge moat kennelik noch hiel hwat leare - dan is de wearde fan syn wurden to omskriuwen as fortochtmakkerij fan in rankuneuze kletsmajoar.
Oer de hâlding fan Tsjerneredaksjeleden tsjinoer quatrebrasredaksjeleden, soe, foarsafier't dat mei literatuer to meitsjen hat, to skriuwen wêze. Dat soe Abma dwaen kinne, as by alteast oer ûnfortochte dokuminten biskikt en bysteat is dy to ynterpretearjen. Oer persoanlike misledigingen fan quatrebrassers is my neat bikend, Abma hie even sizze moatten hwer't dy to finen binne: hokker krante of tydskrift, jiergong en pagina.
De ‘flecht’ fan Hessel Miedema liket my net wichtich ta, wól it feit dat er opholden is fan skriuwen. Dat feit is, mien ik, yn tsjinstelling ta hwat ik forline jier by de útrikking fan de G.J.-priis sein haw, net foar 't greatste part to witen oan de dommens, it ûnbigryp en de steriliteit fan syn doetiidske kollega's, mar is yn 't foarste plak it gefolch fan it feit dat Miedema útskreaun wie. Ek Gerben Brouwer is alris út Fryslân weiflechte - soks hoecht men net sa dramatysk oer to dwaen. Mar as Abma mient dat der oer skreaun wurde moat, hwat let him?
Itselde jildt foar de kunstopfettingen fan literaire kritisi yn ‘guon’ deiblêdden. Wy meije oannimme dat it op yn Fryslân forskinende deiblêdden slacht, mar in neij ere lokalisearring fan it forwyt is net mooglik. As Abma hwat tsjin Sikkema, Wielinga, Piebenga of Vlasma of eardere deiblêdkritisy as Noordmans, Poortinga, Wadman of Schurer hat, dan soe er dêroer skriuwe kinne ynsté fan syn biskuldigingen yn 't wylde wei roun to struijen.
As 'k punt 5 goed bigryp dan binne mei Abma syn ‘guoddens’ de âldredakteuren Schurer en Tamminga bidoeld, dy't ein '64 en ein '67 har plak ôfstienen oan jongeren. To ynsinuearjen dat dizze twa neat gjin war dien hawwe om de swetten fan it Frysk út to lizzen is op syn minst stom praet.
Dy jonge redakteuren dy't likemin, neffens Abma, hwat foar it Frysk dien hawwe, sille Nauta en Popma wêze, dy hawwe noait yn biwegingsformiddens forkeard sa goed as ik wit. Mar dat hanwaskjen kin wer net op Popma slaen. Op my kin it net fan tapassing wêze, hwant ik haw lid fan it KFS west. Dat lasterjen hie moai forwize kinnen nei myn stikje yn it septimbernûmer fan De Tsjerne, mar spitigernôch wist Abma dêr noch net fan doe't er syn A-Wyt-artikel skreau. Hwa hat noait in finger