De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 438] [p. 438] Barthle J. Laverman / Gedichten de tûzendjierrige fjûrmakker bûgt syn rêch en follet de aeiskalen mei baernende wyn de hoasjende god wachtet ‘IT BLIDE HERT’ (in geramtesankje) de profeet dy't to Sanfirden in troan hierd hat foar in foaroarlochs pryske - in gitaersolo - is bliid! HOERA dêrom sil er de burdmannen fordylgje (sirene + it lûd fan hyndergedraef, 3 kij dy't molken wurde en in hin dy't op teannen troch it grint rint) as alles goed giet sil harren hier freedtomoarn op 'e merk to Ljouwert foar 25 sint it pûdtsje forkoft wurde _____ foar in bliid hert binne trije pûdtsjes nedich Vorige Volgende