De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 422] [p. 422] Daniël Daen / Gedichten Ien oer en tofolle doel er syn godtsjinst-fenomelogyske fallus yn it fan vergilius vagina neamde gatsje treau en him as in toarstich keal oan it fet fan libido boarnde wie dizze hillige neiâlve coïti it tsiende resultaet fan de erotyske kronkels fan saneamde âlden alias heity en memmy en dit op kalvinistyske grounslach ‘linea recta procreatio’ ûnder gods seine is nou adeodatus theodorus neffens it bertekaertsje alteast in flok foar de beurs en skuldich Prenatale dea Ik lit it leger by har yn marsjearje fan de biropsofsiers en de spes patriaeprovos en it debylste geny mei mooglik amtners fan boargerlike stân mar fijn yn 't rubber bisletten wurde se fuort yn 't skythúswetter getten [pagina 423] [p. 423] Soks neamt men blasfemysk en ûnder de seame fan mar minijurk sette 'k it glês mei de pleechsusterbloedwyn Kristus is krusige hast it nou heard en ik joech har de sjips nim it dy nei mar hja skattere de laits mei in echo yn weagjen fan wyn Vorige Volgende