| |
| |
| |
Steven de Jong / Pseudo-filosofyske fantasijen
(by it lêzen fan nou al wer klassike fersen)
Doel: oefening yn styl en stavering
Poëzij is de delslach yn wurden fan in geastlike stoaring. Likegoed as in timmerman ‘au’ roppe moat of ‘godfordomme’ of wit ik hwat, as er him mei de hammer op 'e tûme slacht, moat de senuwlijer (mei of sûnder normael masker) dy't de dichter is de symptomen fan syn kwael ûnder wurden bringe (syn fersen). Poëzij is dus in foarm fan kranksinnichheit; de dichter is mesjoche.
It is in great misforstân to mienen, dat senuwlijers oer it generael in tomin oan ratio bisitte. It is earder sa dat party psychopaten of slimme neurotici har krekt troch har hege I.Q. net oanpasse kinne by hwat de maetskippij normael neamt. Dat binne de hopeleaze gefallen. As men mei sa'n man praet, krijt men it idé: bin ik nou gek of is by it. Hy lijt ûnder in kollektive sykte, dêr't er de konsekwinsjes faken dúdliker fan sjocht as minsken mei hwat minder yntelliginsje.
Hwant is it net puere kranksinnichheit, dat wy yn Biafra tsientûzenen bern forhongerje litte, Vietnam mei napalm platbrânne, dat de tûzenen jierren âlde waensin om de joaden út to roegjen nei Auschwitz wer sublimearret ta kanonnen en efterfolgingen by ús bruorren en susters mei in oar ekonomysk stelsel? It forskil tusken de man, dy't mient dat er Napoleon is of Jezus Kristus of in bakstien en minsken dy't har identifisearje mei it kapitalisme, it kommunisme en hokfor isme dan ek is net botte great. It is kranksinnich dy lêste kategory ta de normale minsken to rekkenjen. Fansels, se hawwe tige skerpsinnige rasionele forklearringen foar har gedrach, mar dat hawwe psychopaten ek foar hár ôfwikingen. It wêzen fan har totalitaire systemen kin men achter op in postsegel skriuwe. De kapitalist is anti-kommunist en de kommunist is anti-kapitalist en beide binne like healwiis as de man dy't alle kwea op ierde lokalisearret yn minsken, dy't der hillich fan oertsjûge binne in bakstien to wêzen. Mei bygelyks Paulus of Marx hawwe se likefolle to krijen as in wetterstofbom mei in leafdadichheitskollekte. Wy kinne der
| |
| |
neat oan dwaen. Om har waenidéën to fordigenjen stiet der in machtsapparaet klear dat de hiele wrâld forneatigje kin. Wie dat der net, dan wiene dy kranksinnige ideologyen al lang yn 'e fodkoer fan 'e minskelike geast deponearre en de oanhingers dêrfan yn ynrjochtingen opsletten. Lykwols foar ús paradys stiet in ingel of in duvel (hoe't men dat bisjocht hinget der fan ôf oft men militairist resp. pacifist is) mei in flamjend swurd.
Nou is in normael minske ien, dy't him mear of minder maklik by de situaesje fan dizze kollektive sykte oanpast en bisiket der fan to meitsjen hwat der fan to meitsjen is. Dat lêste is bilangryk. It jowt de minsken de mooglikheit om to libjen. Somliken dogge dat troch de waensinnige tastân normael to achtsjen, hja wurde fleurich kranksinnich mei; oaren geane der tsjin yn en knoopje de toutsjes oan inoar fêst yn 'e ivichheit bûten romte en tiid; wer oaren skeppe harsels in yllúzje dy't it libben draechlik makket troch mei spandoeken to rinnen en mei reekbommen to smiten; binne se yn dat gefal hwat fatsoenliker dan wurde se lid fan D'66. Hoe dan ek, it libben giet syn gong nettsjinsteande de bear mei syn dommekracht. It libben is it bern, ûntstien út 'e koïtus fan A en B. Foar A en B kin men fan alles ynfolje. Lit ús foar de aerdichheit de wittenskippen ris tsjin inoar ophysje; alpha en bêta, logos en chaos of chaos en logos (skrasse hwat net winske is).
De oanpassing jowt faken swierrichheden. Wy komme dan by de senuwlijers, de neurotici. Hja binne net bysteat in logysk gehiel op to bouwen, dat de striid mei de chaos treast is. Dit komt net troch in to lege yntelliginsje, mar troch in defekt yn har konstruksje. Dit kin tydlik wêze of konstant. De oarsaek dêrfan kin bygelyks in erflikheitsfaktor wêze, of in swiere puberteit, in klap mei de moalpûde of pinemûle of in traep fan 'e bear, meastal fan alles hwat. Is de kwael slim, dan hat de neuroticus help nedich; bygelyks fan 'e domeny, de psychiater, de nikotine of de alkohol.
De dichter is de neuroticus, dy't de striid allinne oangiet en yn syn slagge fersen de oerwinning bihellet. (Ik bidoel mei de dichter net de konkrete man efter syn papier, hwant dy kin wol in tige slagge sakeman wêze of konstant ûnder psychiatryske bihandeling stean of alle sneinen yn tsjerke sitte of fol hasjish; ik bidoel de ‘implied author’ fan syn slagge fersen). In dichter fielt de striid tusken, en de koïtus fan chaos en logos yn syn liif. Ut en troch krijt er in opdonder en moat ‘au’ roppe (in fers) of in klap werom jaen út puere selsfordigening (ek in fers), of net bigri- | |
| |
pend stammerje by it orgasme. Lykwols klearkomme docht it proses yn syn fers net, hwant dat soe de oerwinning fan 'e logos op 'e chaos bitsjutte. Syn fers soe dan in preek wêze of in wittenskiplike forhanneling. It giet him krekt om biswarring fan datjinge, dat er net oan kin, fan syn konstruksjefout; yn wêzen om biswarring fan 'e realiteit dy't dy konstruksjefout ymplisearret.
In fers is dus gjin logysk gehiel; it is ek gjin chaos. It ûntstiet út it forlet fan 'e logos en de chaos oan inoar. Dy beide kinne net bûten inoar. Yn it fers gean logos en chaos in forbining oan. In byforskynsel fan dy forbining is it fers. Dat byforskynsel is lykwols foar ús essinsieel. It is to forgelykjen mei fjûr, in byforskynsel fan 'e forbining tusken brânhout en suerstof. In min fers is dus in fers dat inkeld út brânhout (chaos) of inkeld út suerstof (logos) bistiet, of fan ien fan beiden krekt tofolle hat. (Soks út to meitsjen is al wer in kunst op himsels).
De dichter is dus yn safier mesjoche, dat er syn fersen nedich hat om himsels yn 'e wrâld steande to hâlden. It fjurke fan syn fersen moat û.o. syn libbensflam barnende hâlde. Is dy needsaek der net, dan is er gjin dichter en binne syn fersen gjin fersen.
Ek de lêzer fan poëzij is mesjoche, hwant foar syn libbensflam hat er bilang by it fjûr fan 'e poëzij. Hat er dat net, dan is er gjin goeije poëzijlêzer. Hy is dan net, of allinne op in oare wize mesjoche as de poëzij lêzer.
Dit binne de greate ‘lijnen’; dêr tusken binne fansels goed wittenskiplik alle mooglike nuances en gradaesjes mooglik. It maetskiplik bilang fan fersen is hjirmei lykwols wol oantoand. Fersen binne ntl. in soarte fan peppillen foar bipaelde neurotici.
Dêr wol ik noch mei klam oan taheakje, dat dizze neurotici har foar har kwael net hoege to skamjen. Hja falie ek ûnder de rjochten fan 'e minske. It binne faek de domste en biroerdste lju net, dy't in opdonder fan 'e realiteit krije. Diskriminaesje fan dizze groep minsken is fascistysk, likegoed as it opsluten fan har yn it hokje fan in hegere kaste, hwat op itselde delkomt.
Dichters binne dus gjin minsken, dy't har der by dellizze as se alle problemen fan 'e wrâld yn 'e bûse fan har sabeare logika hawwe.
‘oars as de opfetting fan 'e minor bêta (ir en ing) dyt
wol graech de hele wrâld yn ûnforgonklike matearje
iens en foaral fêstlein (hawwe woenen)
| |
| |
fiele wij ús mear oanlutsen ta it patyn destruksje al wer
noch eart de foarm definityf foun is al trochwurkjend it
(Hessel Miedema, De greate wrakseling)
It fjûr forneatiget brânhout en suerstof. De poëzij (it libben forneatiging. H.M.) forneatiget logos en chaos. In god kin in luchtballon wêze, in miskien skerpsinnige mar frijbliuwende konstruksje fan stikken fakuüm yn it neat (de ivichheit), mei de bidoeling in forlechje to wêzen foar ús identifikaesje mei de chaos. Soks hat mei de religy yn 'e sin fan Hessel Miedema (in krêft to forgelykjen mei de sinne en dy't him ta it libben op ierde forhâldt as in kearnreaksje ta in lúsjefersflamke) neat to meitsj en.
‘sjoch my nou sa'n pilaerhillige mei syn imaginaire diminsje
hwat stie ús oars to dwaen as syn projeksje oan in bisteande
hy hie him dan ek net oan 'e rigels fan it spul holden
et revenons à nos moutons
en experimentearje frijbliuwend mei ús sterilisearre simboalen
godvreesachtig slechts de 173 heren heren ziet
zij strekken hunne wijsvingeren ten hemel
wetende alleen in hunne boeken 173 chotspewijzen
ús hollânsk is ûnskealik genôch
tsjusterens rounom nammers
ja jonges foarlopich is it ôfgryslik skealik foar it netflues
om yn 'e sinne op to sjen
dat ek jim bylden likegoed trilje fan boarstendefol bitsjutting
dat jim jim mei jim motiven foarmje in lizkaert nemesis
wit ûnmooglik in frijbliuwend spul to spyljen
mar né net fan oannimmen fansels fan neat witte
(wir haben 's nicht gewuszt)
en stomforheard as se wer in atoombom útfine
| |
| |
(né dan ik stil nou even)’
(Hessel Miedema, De greate wrakseling)
‘net fan oannimmen’ d.w.s. gjin logos, folsleine identifikaesje mei de chaos, mei as forlechje in soarte fan luchtballon of it sniene byld fan in net bisteand âld mantsje mei in burd, dy't dy identifikaesje perfoarst net wol, mar him dêr wol by delleit as men him ‘heare heare’ neamt (yn goed frysk).
Identifikaesje mei de chaos bitsjut de dea. Wy identifisearje ús dochs ek net mei de ierpel, dy't wy opite? Fansels, wy ha de chaos nedich as iten en drinken, mar wy bin de chaos net. Wy bin it byforskynsel fan it forbrânningsproses yn ús lichem. En om dat byforskynsel is it de dichter to rêdden. Sûnder chaos kin dat byforskynsel net ûntstean. (Soe it tafallich wêze dat by de chaosminsken mear en better iten yn 'e panne komt, wylst se sûnder euvelmoed 2/3 fan 'e minsken forhongerje litte?) Wy ha dan lykwols ek de logos nedich, as de lucht om to sykheljen. Lucht is goedkeap. Elkenien kin it gratis krije. It soe in misdied wêze der foar bitelje to litten of it de minsken to ûnthâlden. Sa is it ek mei de logos. Elk minske hat rjocht op syn logika oars kin er net libje.
In foarbyld:
In dement âld mantsje yn Rome, dy't himsels Paus Paulus neamt, hat dúdlik in seksuele ôfwiking. Hy kin syn problematyk net oan. Hy is gjin dichter, mar lieder fan in nochal omfangrike kristlike sekte. Hy identifisearret him dan ek mar foar de foroaring mei de chaos. Hy neamt dy chaos natuerlik. Dêr hat er gelyk oan, de dea is ek natuerlik. Hy seit dat God dy chaos wol. Hwat God persiis wol, wit gjin minske. Paulus hat lykwols de kaeijen fan 'e himel yn 'e bûse seit er. It gefolch fan dy identifikaesje is de forstikkingsdea. De minske (krekt de domme massa, dy't de pil it meast noadich hat) wurdt syn logos (i.c. pil, oare middels) ûntholden. Gefolch: hongerdea, revolúsje, oarloch ensfh., allegearre natuerlike dingen, dy't God wol. Sûnt Gallileï is der net folle foroare yn Rome nettsjinsteande Paus Johannes (in misforstân fan 'e hearen?). Ynklusyf in eventuele hillichforklearring (in soarte fan ketterforbrânning) fan Johannes 23 hat Rome nou ynsté fan brânsteapels folle perfektere methoaden om it yntelekt út to roegjen.
Mar identifikaesjes mei de logos is ek net it doel fan it libben. Hwat it doel fan it libben wol is lit ik graech oan 'e theologen en de filosofen oer. Ik konstatearje allinne mei Jan mei de Pet dat it libben bistiet en
| |
| |
safolle mooglik as it bistiet yn stân holden wurde moat (omdat de bananen krom binne). Allyksa konstatearje ik mei him, dat it libben gjin logyske konstruksje is. Dat is in leppel of in foarke, in auto, in computer, in wetterstofbom. Allegear deade dingen, dy't tsjinje om it libben mooglik of ûnmooglik to meitsjen. Ik konstatearje der fierders by dat de minske him troch dy logos ûnderskiedt fan it dier en dat de evolúsje yn 'e technyk it dúdlikst to sjen is. Alles foroaret, ja wis, mar folle fierder as de man dy't de stiennen bile útfoun om in beam om to kapjen en in oar der de harsens mei yn to slaen binne wy winliken noch net. It is in gefaerlik waenidé to mienen dat it oars is, al stean al ús wetterstofbommen klear om dat waenidé to fordigenjen ensfh.
De dichter is de neuroticus, de man mei in missing link yn syn logika. Hy is bg. in schizofreen, bistiet út twa persoanen: in man (de logos) en in frou (de chaos). Hja ha forlet fan inoar. Hja fynt him sa knap, sa forstannich en by har sa fitael. Hja wolle mei inoar op bêd; hja wolle pearje (de lust fan it skeppingsproses). Soms komt der in bern to wrâld, it fers. Yn it fers skepping identifisearret Jelle de Jong de chaos mei de ierde, de logos mei de loft.
‘de ierde in langjend lichem tusken de kometen
hja langet nei de lippen fan 'e loft
de wjerljocht boartet mei har earste leafde
har mûlen blaze oer de skouderblêdden
har liven strike laitsjend oer inoar
yn 'e skael fan har skoat forgearret
de ierde it fruchtwetter foar it embryo
dou kinst net sûnder in man
oerdei leit de sinne mei dy
yn 'e lekkens fan 't tsjuster
de hiele skepping is in ûnecht bern’
| |
| |
De beide eleminten man (logos) en frou (chaos) binne yn dit fers hiel dúdlik to finen. De earste strofe is in soarte fan ynlieding. De chaos langet nei de logos. Dat hoecht net lang to duorjen, hwant as de wjerljocht is it mantsje der by.
Yn 'e folgjende twa strofen is it proses oan 'e gong.
De twadde strofe kin men sjen as in soarte fan monolooch interieur fan 'e man (de logos). Yn 'e earste rigel fan dizze strofe sprekt de man syn langstme út nei folsleinens, de logika eigen. De folgjende fjouwer rigels jowe in omtrint wittenskiplike forhanneling fan hwat der oan 'e hân is.
De tredde strofe is dan de monolooch interieur fan 'e frou (chaos). Yn 'e earste rigel sprekt se har langstme út nei in man - se kin der net sûnder. Fierders bisjongt se it proses mei irrationele sweverige bylden, lit ús sizze poëtyske bylden, de chaos eigen.
‘De hiele skepping is in ûnecht bern’. Hie it nou net folle moaijer west, as de ‘skepping’ fan jelle de jong in ‘echt’ bern west hie? Mar né, it is it bern fan in man en in frou dy't in slipperke meitsje. De ideale chaos is dus neffens jelle de jong in ‘ongehuwde moeder’.
Sielich foar it minske. Mar dy man kin se net fordrage. It domme chaotyske heart ta har wêzen, hja fielt har opsletten yn 'e finzenis fan syn logika.
‘ik rin (in hynder) mei domme skedel
stjerren fleane as x-en yn 'e algabra’
Né, hja kinne net by inoar sykhelje. Har forbining is as in wjerljocht, in earste leafde en kin allinne bistean as hja de amme ynhâlde.
‘de wjerljocht boartet mei har earste leafde
It fûle libben is in flits. Sa gau't hja inoar yn it gesicht blaze forneatigje hja inoar. Fansels, hja kinne in kontrakt slute en bisykje de freonskip oan to hâlden. Mar dat wurdt ek neat, better sein, dat wurdt har dea, hja wurde histoarje, hja wurde fossyl.
| |
| |
archeology
de lever waerd fulkaen fan kjeld
de lava fan 'e galle waerd in stream
ús hiel forline is in toar pompe
ús wurden binne wûndere fossilen
hja wachtsje op in expedysje
expedysjes lizze alles bleat
ús freonskip is histoarje
It wurdt neat. Ja dochs hwat. Foar ús bliuwt der it byforskynsel, in fers, oer, de peppil foar de neuroticus, dy't hjirmei syn konstruksjefout biswart, syn missing link, allinne troch dy in namme to jaen (it fers). It fers giet syn gong as in bern dat allinne bliuwt:
juster wie it ek net tsjuster
smoar de slangen om dyn fuotten
swij de kûgels út dyn ear
en spij de fûgels út dyn strôte
juster wie it ek net tsjuster
| |
| |
(in magyske tekst) stiet der boppe. De dichter as magiër. Hwat bin ik winliken âlderwetsk oan 'e gong. (sjoch Anne Wadman yn syn jonge jierren. Fryske fersleare, side 18, 19 en 20. It is wol ris aerdich yn âlde boeken om to sneupen. Hwat in pretinsjes hiene de minsken doe om noch oan in deprimitivearring to leauwen en net yn to sjen, dat se noch yn 'e prehistoarje libben.)
De logos en de chaos binne yn de dichter forneatige, pardon, dy forneatigje harsels. Der bliuwt chaos en logos genôch oer as brânhout en suerstof. Mar as ien fan beide foarrieden oprekket, of potinsje forliest de forbining oan to gean, blaest de dichter de lêste sike út.
Men moat wer in senuwlijer wêze om to sjen dat yn 'e ‘normale’ minske de chaos en de logos mei inoar troud binne en in kunstmjittige waermte fine:
de ierde
ik stryk har mei de hannen
fan lear en nei ûnderen sakke
hja kin bustehâlders drage
boartsje mei in broche en wize nei har skoat
de wittenskip kin net mear helpe
it leauwe forwachtet in nije
ik freegje har de lêste waermte
Né, net oantreklik, in mei logyske foundation optoatele âldfaem, dy't dûbbeldsinnige spultsjes docht mei har kitschsieraden. De neurotyske dichter krijt dan wol farianten fan it fisioen fan Petrus:
| |
| |
ûnrein
Ik seach in lekken út 'e himel
Nûmer ien: hja dounse ballet
yn in lange en slutende broek
hja rekke de groun mei de teannen
wy sakken yn djipten fan dea
en bilibben de ienheit fan lichem
dêr praet men net oer tsjin in oar
‘Hwerom net?’ soe Trinus Riemersma nou wol sizze. Dat is nou. Mar doe wie it sabeare djiptepsychologysk gedweil (Fedde Schurer).
Lit ús ris trochdweilje:
de mich út it easten
de mich brocht it boadskip
DE HOLLANSKE FROU FAN US BUORMAN
har hier is swartrikke gers
en har suster skriuwt boeken foar bern
de broer fan har man hat har koper oppoetst
har flamjende boarsten fan koper
| |
| |
hja is it glânzjende alter fan salomo's timpel
in alter is smel yn it middel
har lichem is boud foar it offer
De mich pleaget de dichter. Hy wol sliepe. Dat kin allinne as syn geast in harmoanysk gehiel is. Dat is net sa, hwant syn geastlike stoaring is der yn it stal fan in mich, lyts, mar dochs bysteat om syn logyske konsepsje yn 'e war to stjûren. Hy krijt in dream. De mich wurdt in oaljefant, i.c. ‘de hollânske frou fan ús buorman’ printe yn kaptalen. Dêr ha je wer de missing link yn syn konstruksje. Hjir hiel dúdlik frustearre seksualiteit. Dy frou is (freudiaensk sjoen) syn libido seksualis. Dêr giet it ús lykwols net om. Hja is ek wer de forneatigjende chaos.
Yn in dream is neat hielendal dúdlik. It is in soarte fan poëzij, ek in byforskynsel fan in forbining fan chaos en logos. De swierrichheit by it op papier setten fan in dream is de wurdkar, better sein it fêststellen fan 'e folchoarder fan 'e sinnen. It is jelle de jong hiel goed slagge de dreamsfear hjir fol to hâlden. It fers is de tael net út 'e eigen mar út in oare wrâld, dy't hieltyd frjemder wurdt en djippere perspektiven krijt. De frou foroaret ek hieltiden. Earst is hja frjemd, mar ús dochs wol nei (hollânsk, buorman). Hja is lykwols gefaerlik, forneatigjend (swartrikke gers). Hja hat yn 'e fierte hwat mei bern to krijen en mei literatuer, mar dat is har wêzen net (har suster skriuwt boeken foar bern). Hja pleget oerhoer, alteast dy potinsje krijt hja troch de broer fan har man. Troch de hannelingen fan dy broer wurdt hja oantreklik foar it logyske mantsje yn 'e dichter. Wer foroaret hja fan stal. Hja wurdt in alter, glânzjend (d.w.s. oantreklik). En dat noch wol yn Salomo's timpel.
Salomo de greatste wiisheit en de greatste poligaem, dy't syn ûndergong foun yn 'e frou. De logos wit dat er offere wurdt op it alter fan 'e chaos. Dan ûntstiet it byforskynsel fan dit forbrânningsproses nammentlik it fers, de peppil fan 'e dichter, dy't laket om't er bifrijd is fan syn geastlike stoaring, dy't er bisward hat, deaslein hat.
|
|