De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 408] [p. 408] R.R. van der Leest / Gedichten Kalinderbledtsje dan wurdt men berne yn pine en bloed dan leart men libjen mei jeuchlike moed dan krijt men selskip fan frou of fan freon dan wurdt men sa fan forwachtingen dreaun dan docht men flyt op in moai fêste baen dan kin men aerdich mei oaren meidwaen dan sjocht men glimkjend nei boartsjende bern dan sint men trystich hwat haw ik forlern dan bliuwt men iensum mei oantinkens oer dan sit men stil by it traech dôvjend fjûr dan tinkt men wolris hwer kom ik as 'k stjer dan giet men dea en dan wyt men it wer ........ der kaem in man fan de krémaesje oan de doar om to freegjen oft wy lid wurde woene myn frou sei witte jo dat presidint kennedy krekt deasketten is och hea sei de man bitanke dan gean ik mar nei hûs dan is der joun foar my neat mear to fortsjinjen [pagina 409] [p. 409] Romance yn Naxos Forwin, o, lúkse haân mei ûnforsjoene taest De reade, nea forfolle dreamen En tear opnij de sulverwite wjukken út! Fornim it soele lokjen fan It Súd! In smertlik Boppewrâldsk Forlangst biraest Wémoedigens, dy't driget oan de seamen Fan smelle, heechbiflerkte boaten, Kloaten. De Himeltreppen, steil, oerdwaelsk, bitroud; Wy binne oan ús sels ûntstigen! Nim ús opstannich hert, ús wolbirette hân, Sa úntagonklik leit it Jountiidslân... Forskûle tusken fiergesichten rêst De Frou: Ivoaren wyt en elpenbienen rigen Yn stille, tsjustere forhalen - Balen. [pagina 410] [p. 410] Sjineesk gedicht g g g g e g g l a n n n n i j n n e e a a a a a k a a a d d r w o w h n e o w g g t g h g g o d h t g n n g n i n n j g e e n a a n g a e k a a n n o n a r r y n h s n h j y a d t h t t r a g o o i s s w t a t g g t p n g h j e i o g a d e n n s g n a n e n m e h n e n n y y l n y r a j i g n g a k i n r r e a s t p i n n g n h s k i t t s p r g h l y y n a g g g k e g g g a n c t g g a o n n n t s n n n o y o e n g i h a a a a t a a a f r d n a n k e b b i d y w p p g t k t i a e o g g k o l g k k n i i a k r s d n n e h l n i i a e t d e t t r a a s g e a h h b s e e s g g e b b t n o h c c g g n o t n n o g g g a f t o o n n i w g y a f n n n o o a d d a a e o n r j m a a a h e e r r b b m h a t e u p p j i d k e e n n t g j e d s g g e e g s v v i i a n e s r n n n d s n e a a b b d a d t e e a a p o a o e e k k o o p y o i p p o h b d l l i i h h o l (oersetting) lytse tryngtrang gyng mei hangwang op de jang tse kiang yn in jonk hoang ho woe dat net lije ho sei hoang ho dat mei net ik doch pang ik bin bang sei tryngtrang hangwang ik bin bang foar syn pang leaver doch ik pang pang tryngtrang leaver doch ik pang pang sels doe skeat hangwang tryntrang deabang doe foel lytse tryngtrang del ho sei hoang ho dat kin net hangwang op de jang tse kiang kin dat net pang pang bang bang skeat doe hoang pang pang bang bang hangwang dea iensum foer doe hoang ho syn jonkje oer de jang tse kiang nei sjanghai Vorige Volgende