Elk wurd is tofolle, leave abonnee. Dit is it lêste nûmer fan De Tsjerne. Fansels hie hjir in weardich stikje stean moatten. To'n ôfskie. Mar alles is langer allinne oalje op it fjûr. Lit ús mar swije. Oer Trotwaer, it nije tydskrift, sil de útjower jo oer in pear dagen wol birjochtsje. Forwachtsje bileaven net tofolle, hear. By De Tsjerne hellet men it daelk net. En praet net oer programs, dat moat earst mar. Wy dogge hooplik aenst ús bêst. Der sil wrotten wurde moatte. Hwant bliksem, it falt net ta en set in tydskrift ynelkoar. Tank De Vries en Kuyt fan E.K.S. foar alle goede soargen, tank J.M. en D.A.T. en alle oare wrotters fan dy trije en tweintich jier. Nou, daach, ik gean nou mar, oars wurdt it gûlen. Daach. En tinke jimme nochris oan dy Tsjerne?
LEO POPMA.
*
Ik leau dat de redaksje fan trotwaer net folle to wollen hat. As op 'en heechsten tsien persint fan it Fryske skriuwerspotinsjeel is it frij bilachlik it ‘wy dit en wy dat’ hearre to litten. De ûntwikkelingen yn 'e literatuer hat de redaksje fan trotwaer op gjin stikken nei yn 'e hân. Fansels, de redaksje sil stimulearje en skiftsje en kritisearje en polemisearje, mar it hwa en hwat en hweroer, dat moat se ôfwachtsje, dat hat se net foar 't útsykjen.
Ik mien dat se it ek net útsykje mei. De redaksje mei net om 'e keutels op 't trotwaer rinne, se mei net by de kachel krûpe as trotwaer is bûten. Hwat har hân fynt om to dwaen, dat sil se dwaen moatte mei alle macht.
‘Swijen is goud’ is al to faek in forlechje foar gemaksucht en it jin op 'e flakte hâlden, dy't it klimaet hjir sa kil en binearjend meitsje kinne. Hwant ûnder de mantel der leafde en it klaed fan 'e wysheit dêr broeit de wrok en stjonkt de rankune. Lit ús ús net sa great hâlde en sa souverein de skouders ophelje oer hwat ‘se’ wer biëamelje: dy lytse slakken en oasten sitte ús fordealde dwars. Lit ús dy mei sâlt en bile to liif gean. Lit ús de jiskamers omskoppe en 't rioel iepenbrekke, inoar formoanjend yn freonlikheit (sa't de Skrift seit) of yn lilkens (sa't ik siz). En fansels, as der ris in oankommend dichtereske hwat ûnwis noch oer 't trotwaer stapt... Mar dat is de redaksje wol tabitroud.
TR. RIEMERSMA