Meidieling oan de abonnees
De útjefte fan dit tydskrift wurdt per 1 jannewaris 1969 oerdroegen oan Boek- en Offsetdrukkerij en Utjowerij N. Miedema & Co to Ljouwert. Yn forbân dêrmei sil fan De Tsjerne dit jier noch mar ien ôflevering forskine. Bigjin desimber komt in dûbeld nûmer út fan ûngefear 60 siden. Wy hoopje dat jim dat binlikje kinne. Yn it folgjende nûmer sille meidielingen forskine oer fierdere gong fan saken.
utjowerij en redaksje