De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 387] [p. 387] Gerben Brouwer / De hûndertnjoggenentritichste psalm O Hear, dy't alle dingen wit, Jo witte, hwer't ik stean of sit. Myn ynderlik, dat nimmen ken, is net forhoalen of forlern. De tsjusternis fan myn bitinken leit as it ljocht foar Jo to blinken. Jo witte, hwer't ik hinnegean en hwer't ik rêst; myn wif bistean is Jo bitroud by nacht en dei: Jo gean m' op alle wegen nei. Soe m' yn de mûle 't wurd bistjerre, Jo kinne 't klear fan fierren hearre. Hwer fyn ik Hear, foar Jo ûntwyk? Hwa is oan Jo yn macht allyk? De romten binne Jins biwâld. Hwerhinne as Jins hân my hâldt? O sé fan heimenis en wûnder, Hjir gean bigryp en tinken ûnder. Al stige ik ta de stjerren ea, al lei 'k yn delten fan de dea, Jo binne jimmer tichteby. Hwer is de rêst, hwer bin ik frij? Hoe soe ik earne Jo ûntrinne? Hwer bin ik Hear, dêr't Jo net binne? [pagina 388] [p. 388] Al dreau ik út 'e dage wei heech op 'e wjokken fan de dei, al wenn' ik oan in fiere sé, Jins help en hannen stiene ré. Jo soene rêdd' en foar my riede en wis oer alle wegen liede. As, fan de Tsjusternis biroun, ik yn 'e nacht in skûle foun, Jins eagen wisten, hwer't ik lei: De nacht gong iepen as in dei. Allinne ljocht is om my hinne, hwer't nachten as de dagen binne. Oan Jo de lof: Jo diene in died - in heimenis in wûnder wie 't. Jo haww' yn foarmen tear en kein myn nieren yn 'e fûge lein. Jo haww' - o wûnder fan myn berte - my weve en woun yn memme skerte. Hoe wûnder wie Jins dwaen mei my. It docht my oan en bliuwt my by. Jo seagen, hwat gjin minske mei, myn bient' as ierd' út ierde wei. Jo joegen libben oan it deade, doe 'k út 'e djipten iepentearde. Doe't 'k sûnder stal en wêzen wie, Jins hân de boeken iepen die Jo skreauwen dêr de dagen del fan jierren, dy 'k oan d' ein ta tel. Jo witte d' ein en Jo myn ûre: Jo binne God en Jo bistjûre. [pagina 389] [p. 389] Ik haw in dream fan sé en sân. Ik tel de kerlen yn 'e hân. Sa sûnder tal en mjitt' en miet Jins tinken boppe tinken giet. O bliid bitinken, dat my haget - It bliuwt ek as de moarntiid daget. Dy't sûnder Jo syn gongen giet, God, doch de dea op syn forried. Jim mannen fan gewelt en bloed gean út myn eagen en foargoed, dy't boete en bea mei skyn bilizze en leagen oer de wierheit sizze. Soe 'k dan gjin griis en grime ha oer dy't Jo haetsj'? Ik tink har ta in ivich lijen, nou't de haet foar ivich yn my wekker waerd. Ik kin de kweade net forneare: it is in fijân fan de Heare. Hoe blies ik fan in hege toer - Hoe joech ik Jo it rjocht net oer - Taest yn myn moed en ken myn hert. Ik rjocht' en ken myselme net. Bin 'k op in wei, hwer't Jo net binne, och, gean my foar oer d'iiv'ge hinne. (oerdichting neffens bibeltekst) Vorige Volgende