Jan Dotinga / Lyts hûs fan wurden
Tsjits Peanstra, Hûs fan stilte.
Boalsert, Osinga, 1968 (K.F.F.B.).
De dichtbondel Hûs fan stilte is foar de lytste helte gjin nije rispinge oan fersen fan Tsjits Peanstra. Fan de tritich gedichten binne der altyd fjirtjin dy't ek yn har earste bondel Underweis, útkommen yn 1955 yn 'e Reiddomprige, steane. Daliks moat ek sein wurde dat de dichteres foar har nije dichtbondel, yn dit jier útkommen by de K.F.F.B. ûnder nûmer 123, grif de bêsten út 'e âlde bondel byinoar socht hat. Fan 'e oare fersen hawwe de measten al ris yn De Tsjerne stien. Mar de gedichten komme nou ûnder de eagen fan it folk. En dat is in fortsjinste fan de K.F.F.B.
De titel fan de bondel Hûs fan stilte soe ek de definysje fan it dichtwurk fan Tsjits Peanstra neamd wurde kinne. Net de stilte fan it âld wiif yn 'e brannettels, fan it net baerne doaren, mar de stilte fan it ta ynkear kommen en bisinnen. It wurk hat in meditative ynslach; it foarmet faek in allinnespraek. It is skreaun foar de stille forsteander; it wurdt sein tsjin immen dy't in fortroude is en oan in simpel wurd, in heal wurd wol genôch hat. It is ek dichtsjen nei in bigripen ta, nei in lokkich wêzen, net great en geweldich, mar sljochtwei en ynlik. Dat jowt it titelfers daliks al oan:
Lit ús in hûs fan stilte bouwe
It hûs as symboal foar it lok, dat sa simpel wêze kin en dêrom faek sa fierôf is. Folle mear fersen hawwe dat thema en meastentiids binne de koartste de bêste. Yn de boppeneamde syklus Hûs fan stilte, dy't út trije fersen bistiet, steurt bytiden de ‘fan’-forgeliking. It komt ek net allegearre mear oer, dat fan ‘gouden wolkens’ en ‘in stjer / foel op 'e groun.’ Mar