De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Egbert Altena / Fers As ik to sliepen gean jo dekke my ta as ik opstean jowe jo my de klean oan as ik in bierke nim biede jo it folgjende oan as ik de strjitte oerstek jo binne efter my ik hel jou hân yn myn rêch ien triuw is foldwaende ik wachtsje noch hieltyd ien triuwke mear Vorige Volgende