De Tsjerne. Jaargang 23
(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 382]
| |
GastarbeidersIt hountsje fan mefrou S.
in lytse ierske setter
is troch in italiaen forkréfte
fan 2 en in 1/2 meter.
De omstanners - op ljochtskyn dei -
woene him lynche mar by sei
it is gewoante yn myn heitelân.
De boargemaster hie ethnology studearre
sei 's lâns wiis 's lâns eare
en spriek him frij.
Wy seagen it bistke letter mei ien efterpoatsje lam
en it oare stiif
it tekje hwat er tsjin de kjeld draecht past him nou
folle better om 't liif.
| |
[pagina 383]
| |
RuraelDe boeren hawwe stront yn 'e earen
en it sneinske pak oan
as hja nei tsjerke geane
lústerje hja nei in dûmny
dy't nea sûnder ôf to skiten
it onze vader opsizze kin,
soks makket de boeren net
ûnleauwich;
har wierheit wurdt great as
in âlde kou út 'e sleat lutsen:
dûmny is ek mar in minske.
|
|