De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 344] [p. 344] Sikke Doele / Gedichten Net mear to kearen dou stiekst de wyn yn 'e brân dou hast him net mear yn 'e hân de wyn kiest alle streken de seis- acht- en hûndertpoaten fleane oer de fjilden sparje gjin gerske gjin blom frette der mar hwat yn om griis chartres sakket ynienen as stof by de heuvel del kathedraelgesang waeit it easten yn dat die it dochs al meastentiids in keninginne forsûpt har yn de paleisfiver foar de eagen fan har dochter en twa lakeijen se gnyskje mar hwat, dy trije [pagina 345] [p. 345] Sic transit gloria amoris hea, tink ik, har hûd haw ik twa jier lyn streake en nou sit se dêr mei in oar hwat in hûd jow my noch mar in konjakje willem trochtinken wurdt myn treast: har hûd hat him dy twa jier ommers allang fornijd jong nei eltse simmer hinget de hûd der ommers as fellen by jong Vorige Volgende