De Tsjerne. Jaargang 23(1968)– [tijdschrift] Tsjerne, De– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 338] [p. 338] Sjoerd Spanninga / Gedichten Nimmenslan De computer moat nou sa njonkelytsen wol grôtsêd wêze fan de gegevens dêr't wy him mei fuorre ha - geast en lichem sitte ús fol smetstoffen geile steden sjogge deade fierten yn pûdeagjend hinget krûtdamp om 'e moanne stienswolmen slepe as soldatehelmen har bistean noch fuort hja toarkje traech oer it formoarde fjild de wrede groeden dy't de wraeksucht efterliet - soms soe men 't leafst mar hinnegean en sykje wer de dronken waensin fan de dream of 't simpele geniet dat achteleaze wolken ús ta byltenis en klankboerd jowe: dan weidet dy de stilte lâns de bergen fluitspyljende nomaden hoedzje dêr de skiep [pagina 339] [p. 339] op âlde iensumheden ek klauwe reade oksen harren staech omheech en wylde geitepaden liede tusken rotsen del oant wol de ljochtstriel fan in wjittering ús griisbistoude tinzen wasket en de goede geur dy't streamt út it strewel aenst al it sike weinimt fan de mins. [pagina 340] [p. 340] Notysjes fan in buleblazer Der wurdt heel hwat ôfswindele tusken de noardpoal en de súdpoal en sa giet it elke nije generaesje der binne net folle op ierde dy't in ljochtsjend spoar neilitte itsij dan fan slakkeslym ear't hja ta it oerslyk weromkeare - terwijl de pretganzen belust zijn op iedere sensatie zit de laatste heremiet misprijzend naar de vuurbloesems te kijken die heupwiegend het einde van de wereld aankondigen - o ja? en sûnder spinreach om 'e holle? nou in pear fan dizze hilligen yn 't sjipsop dat mei hinnebruije en fljocht der har in flearmûs út 'e pij de himel sil der wier net fan forblikke mar der rinne ek wol oaren yn de earmerude hûd fan it hielal har ûnthefting wurdt de siel in suver skynsel siket dy gjin eigen lof en har djipste oandrift hâldt de waerme bloedslach en de myldens fan it hert - wylst falt oan jo en my dochs neat mear to bidjerren haw ik soarch en bliuwe der foar ús [pagina 341] [p. 341] geneuchten by de rûs lûke wy it libben nei ús ta hwant de steatlike San Marco mei fan bûten al it oansjen hawwe fan in fabuleuze karousel by de douwen op it plein faeks komt it sobere gemoed der rykbiladen wer út wei en hokker swerfling yn it flirtgrage Granáda hwer't de moarske eagen fan sultanes en prinsessen noch wol dwale troch de reade stins of dy't in wile toevet by 't heechboarstige forline as de jounen goudstof struije en forhalen omgean yn de weelderige tunen it bloeijend hout fan Málaga winsket net it hearlik erfskip to biwûnd'rjen dat hjir natûr har gunstelingen hat formakke it moaiste sieraed dit gewest: de charme fan de frou somtiden har bliidbiwuste tovermacht en har ynfieren hâlding mei dochs de floeijende biweging fan in dounseresse yn har gong en har gebeart swartsiden waeijerkes de heimelike tael fan harren teisters... sokken sille sels de stjerren oan it praten krije hifkje hja it wêzen fan de dingen op har wearde [pagina 342] [p. 342] mar hwa kin oer dit alles mymrjend it biroaide folk forjitte de singeliere skare earne oan it brânnend wetter de mins dy't gauris wennet yn in siichnêst fan hwat prikken en lykwols tankber bidt dat him it lot de sinnedream en 't blinken fan de sé net rooft? [pagina 343] [p. 343] Lyts ynsidint In elk sil him ûntjaen nei 't oerbyld dat him ynstimpele is gjin macht op ierde dy't soks keare kin en de libbensgong foroarje fan de mins mar 't idel selsbidroch de tiidgeast sil jou bern wol sizze hoe't it heart - inkeld noch in fingerwant in deade séstjerre leit fortrape op 'e klinkerts... Vorige Volgende