sa sterk, dat men jin ôffreget: skûlet hjir net in ûnmacht efter, in ûnmacht ta in greater epyske styl, sa't b.g. Melville sjen litten hat yn syn walfiskforhael Moby Dick? Oan de oare kant komt ek de fraech wol by jin op: hat dit understatement ek net de funksje om de rouwens fan yn ûntbearing bihurde robbe- en walfiskjagers to tekenjen? In pear foarbylden kinne toane hwat hjir bidoeld wurdt:
Bls. 58: ‘Yn it súdeasten, dêr't mear iepen wetter wie, seagen wy hwat swarts dobberjen. - Hâns Piters yn 'e kiste!, rôp de timmerman. - Hy stekt ôf nei Röm, dêr woe er graech lizze, net?, spotte Jens Jessen. Nimmen lake.’
Bls. 77: ‘Alleman kaem yn biweging, mar earst waerden de twa deaden hastich yn 't wetter smiten. Hwat swiers om se sinke to litten hienen wy net. - It sil my ris nij dwaen, oft dy har thús noch as gonger sjen litte. Doe wienen wy noch mei ús njoggentjinen.’
Sokke útlittingen oer deade maten fan lju dy't sels yn uterste deadsdriging forkeare skaeije dochs wol slim nei cynisme en binne psychologysk mei in hurde-bolster-blanke-pitkonsepsje min goed to krijen. Earder hapert it de skriuwer hjir oan biskriuwend formogen of spilet de frees foar meilibjende gefoelsútstoarting him parten.
Op oare plakken, as it net om libben of dea giet, wurket in bipaelde droege humor just tige suggestyf en bifrijend:
Bls. 169: ‘De mannen hienen hast gjin klean mear om 'e latten, ta har himden ta hienen se, foar in part ûnderweis by oare wylden al, oan iten ruile. Hoe tichter by Rome... Kat hie it goed sketten.’
Humoristysk wurket ek de folgjende scene. De Grienlanners waerden troch de Deenske sindelingen by har doop omnamme nei bibelsk mal. Dit jowt de skriuwer dizze ironyske passaezje yn 'e pinne:
Bls. 148: ‘Wy foeren ôf mei Nathaniël oan it roer fan 'e ûmiak yn pleats fan ûnder de figebeam, Maria Loek like flitich oan har riem as Martha; Jakob syn froulju - Rachel hie hjir de seare eagen - bisetten de oare roeibankjes, wylst Habakuk en Maleächi blier laitsjend yn har kajaks kroepen om ta help en selskip mei to roeijen.’
Oan de ein fan it forhael, as er nei syn forbliuw yn in simmerkampemint mei de Grienlanners op 'e rindierjacht west hat en in oansiik fan Hanna de eskimofrou om mei har to trouwen ôfslein hat, bislút de ik-persoan dochs om mar net ûnder ‘de wylden’ to bliuwen. Europa lûkt en in proviandskip foar Kopenhagen leit klear om him mei to nimmen. De luzen, de hierwaskerij mei urine, de stank yn 'e wenhutten, dizze Odysseus kin