| |
| |
| |
Jan Wybenga / Sibbichheden
Eigenbou
Jan-ien, earst bouboersfeint yn Arum,
doe skoalmaster, kassier en túnker to Warten,
wie sa'n fjirtich jier lyn forneamd
om syn slaed en greate beane, -
de lêste wurde ek sloffen neamd -,
túnbouprodukten dy't er rispe by 't kuorfol.
- Mar, sei ús beppe spitich, - it bin sokke ûnhuere protten,
dat in oar hat der mar profyt fan, master.
| |
Kraebje
As Jan-ien, de kassier, him forsind hie
yn ien fan 'e boeken fan de C.B.L.,
forbettere er wolris in sifer
mei in skerp, seremoanieel meske
dat hast net mear yn 't stiel bistie,
sa faek hied er it oansette moatten
op syn oaljestien mei in delle deryn.
It flitich kraebjen wie sa goed to sjen,
dat yn in jierrapport út Utert stie:
in hoge mate de bewijskracht van
uw boeken. Mar Jan-ien, dy frije Fries,
wist: minsklik is jin to forsinnen
en slipe en krabe wakker troch.
| |
Skerper
Us beppe sei faek tsjin Jan-ien:
- Jo moatte jo opskerpje, master.
Mar dy liet syn masterke rabje
en skerpe pinmeske en lodde op.
| |
| |
| |
Jannen
In pear jier lyn seach ik by ien
in pinmeske dat as 2 drippen wetter
krekt sa út en yn de tiid.
De man, dêr't it fan wie, hjitte ek Jan.
Mar yn syn famylje waerden de jannen
| |
P.C.
- Hoe stilder hoe better,
as er weromkaem fan 'e P.C.
hat it har sibste winsk west
dat in gleon oardiel gean mocht oer
de komplete horeca-sektor.
- 'k Woe dat dy dealse kroegen
allegearre yn 'e brân stiene.
Mar Jan-ien krige syn nocht net fan
de P.C. mei wiete omballingen.
Simmers krige er de Frentsjerter krante
en by de lektuer fan 'e lange keatsforslaggen
skerpe er de geast op mei in healfeantsje jonge.
| |
| |
| |
Freed
As ik yn 'e fakânsje mei Jan-ien nei de stêd mocht,
freeds, mei de bus fan Boekema of fan Ruerd Valkje,
hie ik it tafoarsicht oer syn citybag mei tûznen.
Jan-ien hie de Londener bolhoed op en yn 'e stêd
naem er de parreplu ûnder de earm en sette
hips as in jongkeardel de stap nei de Suvelbank
om it jild kwyt to wurden en dan de prins foarby
nei de Prinsetúis, dêr't er mear yn seach as der oan
wie en dêr't er miende 't wol úthâlde to kinnen.
Wy ha op 'e Aldehou west, de bolhoed waeide ôf,
mar waerd troch my bihâlden, pûr gelok, mar ik koe 't
by him net mear bidjerre, al achte er it dochs net
foechsum en nim my mei nei de Pier Pandertimpel.
Wol krige ik by Kroes, dêr't er in madera dronk,
in glês mei bisûnder swiet-sûr dat er kwast neamde.
Op 'e weromreis mocht ik op 'e fisk fan Glastra passe.
De citybag wie foar it jild. Ien spatsje fet op 'e klean
en beppe sei alwer: - Bern bin gjin goed guod nut.
| |
| |
| |
The
Jan-ien hat my as jonkje faek forteld,
dat by as jonkje by de winkelman
thé fan it beamke helje moast.
De jerren tsjettel mei persleinen hânsel
hyng al oer en as er dan út 'e buorren
kaem mei de thé, sear it wetter.
Dan dronken se thé fan it beamke en sa -
hwat hied er letter nearne of to ninter
wer preaun: sa'n kréft, sa'n rook, sa'n smaek.
Dat yn 't lêste fearn fan 'e XIX. ieu
de thé syn smaek forlear, achte 'r sa nuodlik al
as de opkomst fan 'e soasialen.
Noch is yn 'e famylje 't sechje biwarre:
- It is sa goed as beamkethé.
| |
| |
| |
Sjalotsjes
Yn syn glêdhout ferve keuken
mei it wollen kleed mei roaskes
en de bûntsineeske koektromp
nêst it bledtsje mei de théboel
plichte Jan-ien yn in briedstoel
yn 'e Ljouwerter to lêzen
en sa nou en dan de stilte
mei in magistrale toan to steuren.
En dan forromme himsels to wizen
op de deugd fan de sjalotsjes
út syn wolbistelde túntsje.
| |
The gay twenties
- Juster, forhelle Jan-ien, praette 'k yn 'e stêd
mei in polysje en dy sei tsjin my:
‘Ik ha wol 100 froulju yn 't boekje
as fortocht fan ûnseedlik.’
- Jonge jonge, master, sei Japik Nauta,
- it rint langer op 'e non, 100 noch wol.
- Ja, sei Jan-ien steatlik.
hwat docht sa'n kloat mei sa'n boekje.
| |
| |
| |
Exit
De earste minuten dat Jan-ien
dea op bêd lei yn syn grize
trui mei nikkelen treksluting,
foel ús beppe op 'e knibbels
heal oer him hinne en âlle: - pop!
Sa hie se him grif yn gjin 50 jier neamd.
as hied er 't poppespul skoan yn 'e rekken.
|
|