nen troch it driigjend lêzersforlies en it ‘veto’ fan Je Maintiendrai, dan hienen se ôfgean moatten; en as se tsjin alle wjerstân yn mienden in goede kar dien to hawwen mei Bauke de Jong, dan hienen se dy kar ek tsjin heuch en meuch fordigenje moatten. Allinne Lolle Nauta hat it lêste dien.
Sels haw ik my yntimidearje litten troch fiifentweintich swiergewichten út 'e Fryske literatuer en ûnder de yndruk fan demagogyske gjalpen as ‘algemien bilang’ en ‘fuortbistean fan De Tsjerne’ de bineaming fan Bauke de Jong net fûl genôch fordigene. Ik miende doe dat it forried oan Bauke de Jong myn redakteurskip net ûnhâldber makke. Dat hat in forsin west.
Gau, 24 augustus 1968.
TR. RIEMERSMA
Syn mei-redakteuren miene it bislút fan Riemersma respektearje to moatten. Mei him is oerienkommen syn ôfgean as redaksjelid yngean to litten op 1 oktober o.s.
De Redaksje,
DURK VAN DER PLOEG
LEO POPMA