[Nummer 9]
Redaksioneel I
It lêste jier hat de redaksje fan De Tsjerne aloan dwaende west om ta útwreiding fan it oantal redaksjeleden to kommen. Binammen nei 1 jannewaris fan dit jier, doet de tsjintwurdige redaksje-gearstalling syn bislach krige, hat dit punt yn alle gearkomsten oan 'e oarder west.
Omt dizze oanfolling - ta it wenstige oantal fan fiif - in earsten programmapunt wie, koe it útsetten fan in eventuéle nije koerts en it bipalen fan in eigen gesicht, foarsafier't dat nedich wêze koe, neffens ús noch net genôch stal krije. De ynsichten fan de nije redaksjeleden soene ommers mei de takomst fan De Tsjerne bipale moatte.
Us sykjen nei gaedlike kandidaten gie lûkop mei de lûden dy't nou en dan fan bûtenôf op oanfolling oanstiene.
Yn 'e rin fan it lêste healjier hawwe wy ûnderskate minsken binadere mei it forsyk om yn de redaksje sit to nimmen. Gjinien fan de oansochten bliek lykwols ré om it redakteurskip op him to nimmen.
Omt wy fan bitinken binne, dat De Tsjerne tsjinne is mei in bilied dat der op rjochte is de fryske literatuer yn al har fasetten to biflappen en foar elke fryske dichter of skriuwer in akseptabel medium foar publikaesje to wêzen, is it tahâlden yn dizze ympasse neffens ús langer net forantwurde.
De Tsjerne hat gjin tsjinspilers, dy't rjochtfeardigje soene dat dit tydskrift de stim is fan in yn literair opsicht min ofte mear homogene groep meiwurkers.
In to lytse redaksje hâldt, nammerstomear yn dizze situaesje, it gefaer yn fan iensidichheit, gebrek oan genôch objektyf oardiel en to min mooglikheit fan diskussy. Guon kinne dêrmei to min garânsje oanwêzich achtsje dy't meiwurkjen oan it tydskrift foar har mooglik makket
Hoewol't de redaksje har oant nou ta altyd sels oanfold hat en dat neffens ús ek yn de takomst de gaedlikste wei fan redakteursbineaming is, hat it sin op dit stuit in iepen petear to hâlden.
Wy stelle ús foar in gearkomste to hâlden fan redaksje en fryske skriuwers en dichters (al of net meiwurker fan De Tsjerne), om dêrtroch in ynsicht to krijen yn hwat der yn forskate rounten libbet oan winsken de redaksje-gearstalling oanbilangjende, en dêrmei it plak fan De Tsjerne yn de hjoeddeiske fryske literatuer.