Personalia:
W.W.S.G. Baron fon Swarremwarre, berne 1910, behearebworket it ryonte ULLEHUKKE earne yn 'e SONWODEN. Dogt mei olve (of tolve) solven út kolve-koweueryne ynteressonte feterynaire prûvven/ prúven op wonkonte kij. Is os krontemon net sa pykont-modern os syn kollegabaron fon Awyt. Byldspraak en allyteraasje yn syn styl dogge bygelyks blyken út dizze sin yn ien fon syn lêste Fryske artykels: ‘Robert Kennedy helle de roskaam oer rúddige rosserosbaaiers.’ Bryljontste reportaazjes havve west: Snukkestruppen op Odegeaster soning en Bron op de Konterlonnen; Reade wuanne kraait oer ien-/jinentrytig koosyten en un pykestjelp. Syn devys is: Spotters krije wiete fwotten.
Barthle Laverman, berne 1948 yn Ljouwert, leading oan de Kristlike Kweekskoalle yn Snits, dêr't er redakteur is fan it skoalblêd, wennet yn Ljouwert.
R.R. van der Leest, berne 1933 yn Drachten, die neist kweekskoalle stúdzje foar grafysk ûntwerper, is ûnderwizer en freelance ûntwerper to Enschede; publisearre yn De Tsjerne en A-Wyt, joech partikulier de folderkes Flardeguod en Patates mei Mayonaise út; meikoarten forskynt: Boartersbûkje 1908-en-sextich, yn tarieding: Komme-dy-kepers? (draeiboek foar in b-film) en Konsert foar twa lofterhannen (programearre ynstruksje).
G. van der Meer, berne 1944 yn Toppenhuzen, studearret Ingelsk yn Grins, wennet dêr of yn Leicester - Ingelân.