| |
| |
| |
Krityk yn 't koart
Tr. Riemersma / Oersetten yn it Frysk
Nei oanlieding fan Frederick Manfred: Dit is it jier, yn oersetting van Dr. Kl. Dykstra, Laverman, Drachten 1967.
‘Elk folk, dat ta it wêsten komt, wol syn wurd, dat yn syn ûnderwêsten berne en yn syn wêsten forklearre en foarme wurdt, oan de wrâld sizze, dat is: wol wrâldliteratuer skeppe. Mar út 'e skiednis fan de literatueren liket wol bliken to dwaen, dat dit skeppen by in folk earst ta ûntjowing komt, as it him oefene hat en ta him sels kommen is yn it fortalen, it neiskeppen fan wrâldliteratuer fan oare folken, mar der dan ek at geastlike needsaek út folgje moat.’ E.B. Folkertsma, De Holder, 1926, 21.
It fortalen fan de hiele wrâldliteratuer yn it Frysk is sjoen de hege kosten en yn oanmerking nommen it betreklike gemak hwermei't wy it Nederlânsk lêze, in ding dêr't net oan to tinken falt. In moai great part fan 'e wrâldliteratuer is yn 't Nederlânsk to bisetten en de inkelden dy't dêr net genôch oan hawwe, of dy't nei har sin to lang wachtsje moatte op in Nederlândske oersetting, dy bihearskje yn 'e regel wol in pear fan 'e moderne talen.
It hat gjin sin dy boeken yn it Frysk to fortalen dy't yn it Nederlânsk net to krijen binne. Net dat dy ‘forgetten’ boeken net goed of ridlik goed wêze kinne soenen, hwant De Fiskers, Jiskepûster en de dea en Dit is it jier binne heel wol lêsber, mar tsjinoer dy iene Jiskepûster dy't de FB tagonklik makke hat foar Fryske lêzers, steane tûzenen Maigrets, Bonds, Blaises en Queens dy't, ek foar Friezen, tagonklik makke binne yn 't Nederlânsk. Us bydrage felt derby wei.
Sin hawwe oersettingen as se it eigen literaire libben stimulearje. Oersettingen fan greate kunstwurken kinne it klimaet forbetterje trochdat se oan lêzers en skriuwers sjen litte hwat literair mooglik en hwat der ek yn it Frysk mooglik is.
Der sil nimmen mei safolle wurden biweare dat it Frysk in bihindering is om hwat goeds stâl to jaen, mar ik leau lykwols dat komselden ien fan uzes hielendal frijbleaun is fan it leauwen oan 'e mythe dat men yn it Frysk safolle net birikke kin as yn oare talen. Folkertsma hat yn syn essay Nei trettjindeheal jier al smertlike dingen sein oer de doem dy't op ôs folk leit en it ivich swier wêzen en nea bernjen, en wy leauwe der foar it gemak en foar ús gemoedsrêst mar oan: wy Friezen kinne (it theologyske helptiidwurd ‘meije’ wordt suver tapaslik) nou ienkear net nei it heechste gripe. Hof syn miening oer it oanfoljende aerd fan de Fryske literatuer hinget dêrmei gear, en ik leau net dat dy miening sûnt Poortinga syn treflik essay útstoarn is.
Oersettingen fan bêst wurk yn it Frysk kinne dy healbiwuste miening better wjerlizze as gâns redenaesjes. Oersettingen fan wurk mei nivo kinne soargje dat de lêzers hegere easken bigjinne to stellen oan eigen skriuwers en dat de skriuwers harsels opskerpje. Hwant al hawwe wy gâns wrâldliteratuer yn it Nederlândsk ta ús foldwaen, de taelbarrière stiet in suvere forgeliking yn 'e wei. Ik tink dat myn wjerfarren net al to individueel is: ik haw biwûndering foar In slet fan tsien dollar en likefolle foar De duivel en de goede God, mar fan 'e Fryske slet giet folle greater oantrún út om myn nivo omheech to bringen.
Dêrom wienen de Sweachster stikken sa goed foar skriuwers en publyk. Dêrom soe
| |
| |
de Fryske Bibleteek, as de Fryske boeken út eigen flerken fleane kinne - mar men wit net hoe't him dat ûntjaen sil mei de net sa florisante paperbackrige en de staveringsfornijing dy't alle útjowers yn 'e gerdinen jaget - út en troch in pûrbêst boek yn Fryske oersetting útbringe moatte.
Myn biswier tsjin De Fiskers, Jiskepûster en de dea, en nou Dit is it jier is, dat se net genôch útstekke boppe it trochstringse ‘Fryske nivo’. Se binne better as ús produkten, mar net safolle dat it pynlik dúdlik wurdt. En krekt dy pynlike konfrontaesje soe wurkje kinne as in útdaging om datselde hege nivo to birikken.
Ik tink foar 't neist dat de Fryske Bibleteek om oare reden, nammentlik dat it boek rju lêsgeniet forskaffe soe oan 'e leden fan 'e klub, de kar falle litten hat op Dit is it jier. En miskien hat sels it feit dat Manfred fan Frysk komôf is, meispile - de ûnfoarstelberste dingen blike soms wier to wêzen. En wier is wier, Dit is it jier is in heel lêsber boek. Der sitte, en dat kin net oars by sa'n grou boek, bledsiden ‘fulling’ yn. Mar dêr steane likefolle en mear spannende scènes foaroer, bygelyks de tragykomyske biskriuwing fan 'e reis nei it sikenhûs en Pier syn wrakseling yn 'e sniestoarm. Dr. Dykstra hat soms, foaral by de skel- of bynammen, it idioom fan it Ingelsk yn it Frysk bihâlden. Dat jowt wol in bipaelde kleur en sfear oan 'e roman, al kin ik my foarstelle dat oaren hjir prate wolle fan in forkrêfting fan it Fryske taeleigen.
| |
De spreukedichter
De Spreuken fan Salomo, birime fan D.H. Kiestra. A.J. Osinga n.v., Boalsert. Kristlik Fryske Folksbibleteek 1968.
It boek Spreuken heart ta de Joadske wiisheitsliteratuer en seit yn koarte Binnen skerpe en snedige dingen oer de minske. De dichter D.H. Kiestra hat it bistien om dat boek fan de Spreuken op rym to setten, in muontsewurk dat de dichter nou bikroand sjocht yn de útjefte fan dit ûndernimmen ûnder de titel De Spreuken fan Salomo. Op himsels is sok in iver loflik, hoewol ik my earsten ôffrege ha hokker nut dit hat. Ik kin net oars sizze as dat Kiestra him der net ôfmakke hat, mar hy hat der hwat lêsbers fan makke; libben en raek neidichte. Hy is goed deun oan de tekst bleaun, al moast er soms in sydspronkje meitsje, mar hy siet mei dizze biriming ek goed yn 't harnas. Allinne de fraech nei it nut en de fortuten fan sok in wurkstik binne my net dúdlik. To'n earsten is dizze biriming lykas elke biriming fan it boek Spreuken dat wêze soe, in orswakking fan de tekst. It aforistyske karakter fan de Spreuken sil by in biriming it altyd forlieze tsjin it origineel, sei it dan in fortaeld origineel. De krêft en de skerpte fan dizze spreuken giet forlern yn it sluten fan it poétysk kordon. De snedigens en direktens wurdt by in biriming bihindere troch ritme, metrum en de nedige stoplapen. Dêrby is de tael fan dizze biriming fier fan modern en ek net linich genôch foar de werjefte fan it tige libbene en direkte yn de bibeltekst. Mei alle wurdearring foar dit greate en drege kerwei lykje krekt de Spreuken my net gaedlik foar in biriming, of it moast al wêze dat de poézij de wiisheit fan de Spreuken nije en greater alluere en sizzenskrêft joech, mar dat haw ik yn it wurk fan Kiestra net lêze kind. Dit boek fan ryklik 130 siden is útjown ûnder de titel De Spreuken fan Salomo. Dit is de titel dy't Kiestra der oan
jown hat, mar dat kloppet net alheel. Salomo wurdt wol oansjoen foar de man fan wiisheit en dêrum wurde gâns fan dizze spreuken ek oan him taskreaun, mar yn wêzen binne se fan ûnderskate auteurs lykas de jonge kening Lemuël syn mem en Agur. Dat Kiestra dizze biriming net de titel Spreuken (dat is ek de titel út it Alde Testamint) meijown hat, sil wol forbân hâlde mei Spreuken fan Simke Koosterman.
DURK VAN DER PLOEG.
| |
| |
| |
Mei de riuwe
Harm Harsta: Blêdswylsel fan it Bolwurk. A.J. Osinga n.v., Boalsert. Kristlik Fryske Folksbiblioteek 1968.
Al gâns in rige jierren skriuwt de dichter Douwe Hermans Kiestra ônder it pseudonym fan Harm Harsta poétyske teksten by illustraesjes yn Bolwerk, moanneblêd foar de boer, útjown fan it Ynstitút foar Lânboukoöperaesje. In lytse kar út dy teksten hat Kiestra nou samle yn it bondeltsje Blêdswylsel fan it Bolwurk. It is tradisionele boerepoézij, meastentiids net mear as flitsen út it deistich libben sûnder boppe dat libben út to kommen en sûnder in inkelde forrassing. It is allegear sa troch en troch dierber, yn de measte gef alien gjin poézij, soms hwat nei dy kant útskaeijend, mar tofolle fortellend foar werklike poézij, of it moat al wêze dat iene fers Fan de beide boeren en de haedsuster. Mar technysk hawwe dizze teksten alle eigenskippen fan it gedicht, skreaun yn in krêftich, agrarysk Frysk, dat lykwols sa njonkenlytsen al hwat yn it neigean rekket liket my ta. It is yn elts gefal in oare tael as hweryn de moderne Fryske literatuer har optheden biweegt. Lykwols net allinne de tael, ek de boereromantyk út dit bondeltsje is op 't stjerren nei dea en dêrom gaedlik foar rintenierboeren.
DURK VAN DER PLOEG.
| |
Gjin monumint en gjin weiwizer
Geart Jonkman: Master E. (KFFB nr. 118), Osinga, Boalsert 1968.
It hwerom fan dizze werprinting is net dúdlik. Hwant kwaliteit hat it forhael, dat yn 1951 forskynd is ûnder de moaijere titel Brieven oan myn regisseur, net. It hat gjin sin de biswieren to herheljen dy't Dr. F. Sierksma yn 1951 foar de RON formulearre hat.
Reden ta werprintsjen kin yn in biskaet gefal wêze dat it kunstwurk, ôfsjoen fan syn monumintale wearde, ynfloed útoefene hat op 'e ûntjowing fan 'e literatuer en in sekere wei wiisd hat. Mar dit liket my by Master E likemin it gefal to wêzen. Witte doch ik dat net; it kin wêze dat de lju fan 1951 it forhael tige modern en avantgardistysk founen en dat it kunstbruorren ynspirearre hat. Fan in distânsje biljoen is dy modernens lykwols skyn. It montearjen fan scènes hawwe Simke Kloosterman en Reinder Brolsma ek al dien.
Tr. R.
| |
Oantekeningen by in folks-gerjocht
Rink van der Velde: Rjochtdei.
Drachten, Laverman N.V., 1968.
De jierlikse roman fan Van der Velde is der wer. In boek fan bihindich bistek, dat ek diskear wer bûten de eigen bikende omjowing situearre is. Grif ien fan de greatste charmes fan Van der Velde syn forhalen is dizze konfrontaesje mei in wrâld dy't noch hwat oerholden hat fan in bipaelde primitiviteit, in direkte en ûnkultivearre libbensstyl, in foarm fan minsklik bistean, dy't sterk op de ierdske en natuerlike ûnbistindichheit basearre is. Binammen it fortrouwen op en it fortroud wêzen mei dy ûnbistimde natuerkrêften, hat eat oarspronkeliks dat yn ús glêdde maetskippij wol oanslacht. Dêr komt lykwols by, dat de bikoaring dy fan ‘de fierte’ is, dy't yn eigen formidden net akseptearre wurde soe, hoewol't party minsken har dêr forboun mei fiele.
De foarige roman fan dizze auteur, Griken Geiten, Gekken (1967), spile yn Grikelân, Rjochtdei, hjir to bisprekken, nimt jin mei nei Tsjechoslowakije. Der kin fuort by sein wurde dat dizze lêste roman Van der Velde wol hwat better ôfgien is as earstneamde. Hy hat, liket my ta, biwust of ûnbiwust de konsekwinsje lutsen út syn oanwenst om de grinzen oer. Yn Griken,
| |
| |
Geiten, Gekken bliuwt in bân mei it eigen achterlân it hiele forhael troch bistean, ommers it ûnbikende en fasinearjende wurdt ûndergien troch in keppel ynkringers, bûtensteanders, dy't forslach jowe fan har ûnderfiningen yn 'e fremdte. De konfrontaesje dêrre wie dy fan de reizger, en dan noch fan in tige biheind soarte. De werjefte fan dy bûtenwrald wie dêrtroch tige subjektyf. De opset fan de roman bihindere de skriuwer him hielendal yn dy nijsgjirrige en foar him bipaeld oantreklike wrâld yn to libjen. Hy mocht him der net fierder yn bijaen as er syn personages tastean koe.
Yn Rjochtdei is dat oars. Van der Velde hat him losmakke fan syn eigen formidden en is opgien yn de lytse mienskip fan in east-europeesk doarpke. Gjin oanlieding dy't him dêr tafallich bringt, gjin fornuvering oer hwat dêr omgiet, gjin krampeftich bisykjen om oanpassing oan in oare wrâld. Hy is dêr en heart dêr by. Of leaver, it doarp mei syn minsken en har gewoanten leit der hinne sa't it is. Kommintaer oerboadich.
Dy konsekwinsje hat Van der Velde lutsen en dat bitsjut dat der gjin mooglikheit mear yn sit om in slach om 'e earmtak to hâlden. De biskreaune wrâld moat foar himsels sprekke. Oer it generael is dat frijhwat slagge.
De ynset fan de roman is aerdich direkt, ridlik koart om 'e hoeke en effektyf: Eugen Hovarka komt it doarp yn fytsen, hurder as gewoanwei, sjocht de âld-ûnderwizer, menear Julius, sitten en meldt him de dea fan Antonin, de smid. Konsternaesje oan de iene, spile ûntsteltenis oan de oare kant, beide bringe har ‘kamp’ op 'e hichte. Antonin blykt by de rivierskant yn it wetter to lizzen mei in kûgelgat yn 'e holle, wylst er in pear ûre earder noch sa heftich oangien wie, doet in arbeider by it forbreedzjen fan de dyk yn 'e berm in minsklik geraemte opgroeven hie, dêr't gâns folk op taroun kaem en dêr't neffens Antonin fierstentofolle oandacht oan bistege waerd. Mei in soad geraes hie er it safier krige dat it gat wer tichtsmiten waerd, mar by guon ropt dat erchtinken op. En as er in pear ûre letter dea yn 'e rivier leit, is dat foar dyselden oanlieding om it ien en oar meielkoar yn forbân to bringen.
It doarp is út syn gewoane dwaen, de herberch wurdt it trefpunt dêr't alles aloanwer bipraet en útpluze wurdt. Janek, it bernsbern fan Boris Sizkov silliger en syn frou, in wylde bruijer, blykt de moardner to wêzen. Mar yn sté fan oanjefte to dwaen fan dizze moard by de justysje yn Tachov, dêr't sommigen, ûnder lieding fan de ûnderwizer Farkas, foar binne, wurdt de saek troch oaren, mei bakker Klement û.o., en as lieder min ofte mear menear Julius, deaswijd. Der wurdt oerienkommen om, nei âld gebrûk, in folksgerjocht to hâlden, dat oer it lot fan de jonge bislisse sil. Mar pratendewei komt der safolle oan it ljocht oer dyjingen dy't rjochtsprekke sille, dat it eigentlike doel fan de ‘rjochtdei’ foarbysketten wurdt. Janek blykt de soan to wêzen fan Magdalene Sizkov en in dútsk soldaet, Heinz, dy't yn 'e oarloch yn it doarp tahold. De dútser hat eartiids hwat in twivelriedige hâlding oannommen, dêr't de measten yn it doarp op de ien as oare wize wol har foardiel mei dien ha. De dútse bisetting wie, nei it tiidrek ûnder de feodale baron, sa min noch net. Mar as it doarp op in kweade namme leit oan 'e ein fan de oarloch, moat de ear en de goede namme (en it eigenbilang fan de forskate yndividuele ynwenners) rêdden wurde troch it meidwaen oan in aksje tsjin it dúts garnizoen yn Tachov. Dan blykt Heinz dochs wer foar syn kameraden op to kommen. Yn woede hat Antonin de dútser deasketten, dy't dêrnei hastich yn in skûlkûle oan 'e kant fan 'e dyk stoppe is om opskuor foar to kommen. Op itselde plak is Antonin nou sels deasketten troch de soan dy't syn heit wreekje woe. Dyjingen dy't mei skuldich blike to wêzen, fiele, nou gjin rjocht fan praten to hawwen.
In nijsgjirrich thema sa to sjen, foar in goed forhael. Der stiet gâns mear op it spul as yn G.G.G., it elemint fan leau- | |
| |
wenswurdichheit is hiel hwat greater.
Nei de oankundiging fan de moard op Antonin en in koart weromsjen op it bigjin fan dy biwuste dei - en dêrmei op de slommertastân dêr't it doarp ienriedich sûnt jier en dei yn forkeart - in weromsjen dat ek tsjinnet as tsjinstelling op de kommende splitsing, foarmje har daelk - earst suggerearre, letter klear en dúdlik - twa kampen fan bilanghawwenden. Oan de iene kant Virgil Kobankova (hjir bigjinne de lytse missers dy't, lykas yn G.G.G., nou en dan ynbrek meitsje op it totaelbyld fan sfear en eigenheit: de útgong a fan Kobankova tsjut op in froulike namme en kin yn kombinaesje mei de man Virgil, liket my ta, net bistean: Virgil Kobankov (of Kobanko om my), syn frou soe dan hjitte kinne Virgilia Kobankova), oan de iene kant Virgil Kobankova dus, dy't moarns de soldaet opgroeven hat, Johan Lepic, de postrinder en bilangrykste tsjûge à charge, de man ek dy't troch biropshalven der hieltyd op troch to sangerjen, it forhael op 'e gleed bringt, Karel Vaclov, de studint, Zitek, direkteur fan de houtseagerij e.o. En as tsjinspilers de al hwat âldere manlju, dy't yn tsjinstelling ta har opponinten, de oarloch en alles hwat dêr foar har mei gearhinget, yn it doarp bilibbe ha: menear Julius, pensionearre ûnderwizer, bakker Klement, learmakker Albrecht Ranice, Cesky de trekkerrider en Jindrich, de kroechbaes, einliks ek. Master Farkas soe men yn it earste kamp ûnderbringe wolle yn it earstoan, mar syn ôfsidige hâlding bliuwt oan 'e ein ta in riedsel. Syn liedersrol, dy't troch de oaren en de skriuwer suggerearre wurdt, makket er net wier. Hy bliuwt yn 'e mist. Syn lidmaetskip fan de partij forklearret net safolle.
De oanklagers binne meast net op 'e hichte fan it ûntdûken fan de regels dy't nei de sosialisaesje en kollektivisaesje fan it lân jilde, en fan it tsjustere oarlochsforline fan it oare kamp ha hja hielendal gjin aen. Se sette wol de tosken der yn, mar bite net troch. De hiele sitting troch bliuwt it by hwat omhaffeljen op hwat dan wol bikend is. Der sit wol in biskate lijn yn, mar it ûntraffeljen fan hwat de oaren wjerhâldt fan it oanjaen fan de moard, komt net op gong.
Van der Velde lit him hieltyd wer forliede ta ûnnoazele ûnderbrekkingen, ûnnoadige sydsprongen en guodkeape opmerkingen. Dat jildt ek foar de dialooch. De saeklike, direkte foarm lykas dy op side 61 b.g. foarkomt, fynt men fierstento min. Troch it great tal persoanages hat de skriuwer it him lykwols ek net maklik makke. It opfieren fan bipaelde figueren jowt soms ek hwat in duvel-út-it-doaske idé: frou Sizkov b.g., Karel (s. 14), as der in auto nedich is - of hat net folle om 'e hakken: Melnik op s. 100, Wladimir, s. 103, wol hwat in sentimenteel drama (en it forfolch s. 104!). It trochjaen fan de nedige ynformaesje bart wer tofolle yn freegjende foarm en is soms tige ûnnatuerlik. Soe Farkas, dy't sa'n reservearre hâlding oannimt, nei acht jier yn it doarp, sa min op 'e hichte weze? In aerdich slagge passage stiet op s. 37, as de healwize Hanna Kamin de mûle iepen docht.
Tofolle ûtwreiding, ôflieding, ûnwierskynlikheit en rûgens yn de konstruksje, de foarm en de tael, ek yn dizze roman wer. De rjochtdei yn 'e kroech rint einliks dea. De spanning, dy't der wol hwat yn sit, forsloppet en brekt ôf. Hie it net mear op in klimaks ta kinnen as nei de oankundiging fan de dea fan Antonin it folksgerjocht bigoun wie? Utgeande fan Virgil en Johan - oannommen dat dat hwat sterker figueren west hiene -, Me de saek op 'e gleed komme kind. Fan har beider ‘geheim’ út wei - it opdollen fan it geraemte - hie de klimaks opfierd wurde kinnen nei de frjemde hâlding fan guon by it tichtsmiten fan de kûle op dyselde moarn. Antonin hie dan in wichtiger rol spile, de ein fan it boek hie better by de ynset oansletten, it forhael sels hie binearjender en nijsgjirriger west. De moardner Janek stiet ommers dochs al op it twadde plan. Hwant de twadde scène fan de roman, de ûntdekking fan it bonkerak en it tichtsmiten fan de kûle, giet my hurd genôch.
| |
| |
De hâlding fan Klement en Antonin dêrre is, tinkt my, wol hwat al to bot oanset. Der moat ek hwat to rieden en to (bi)skriuwen bliuwe. Giet it op 't lêst net om de skuldfraech? En skuld wurdt yn dy earste siden al bikend. Der tusken hie men mear hearre wollen.
Mar miskien giet it de skriuwer dêr hielendal net om. Lit dan mar sitte. It boek lit him wol lêze, qua sfear en thema is it wol nijsgjirrich en de plot wol jin wier wol oan. (Mar hwat binne omslach en opmaek wer binaud, Jentsy!)
L.P.
|
|